{"id":19990,"date":"2026-04-19T14:00:00","date_gmt":"2026-04-19T12:00:00","guid":{"rendered":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=19990"},"modified":"2026-04-19T17:17:50","modified_gmt":"2026-04-19T15:17:50","slug":"franz-kafka-earste-leed","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=19990","title":{"rendered":"Franz Kafka, <em>Earste leed<\/em>"},"content":{"rendered":"<p>&nbsp;<br \/>\n<big><em>Earste leed<\/em><\/big><\/p>\n<p>In trapeze-artyst \u2013 lykas bekend is dy heech yn de nok fan grutte fari\u00ebtee-poadiums \u00fatoefene keunst ien fan de dreechste fan alle foar minsken berikbere keunsten \u2013 hie syn libben, yn \u2019t earstoan inkeld \u00fat syn stribjen nei perfeksjonearring, letter ek as tirannyk wurden oanwenst, sa ynrjochte dat er salang\u2019t er yn deselde akkommodaasje wurke dei en nacht op de trapeze bleau. Alles d\u00ear\u2019t er ferlet fan hie \u2013 oars net in soad \u2013 waard yn foarsjoen troch r\u00fblearjende tsjinstlju, dy\u2019t \u00fbnder wachten en alles wat boppe fanneden wie yn eigenmakke fetten omheech en omleech hysten. Spesifike swierrichheden foar de omjouwing feroarsake dy libbenswize net; allinne as de oare programma\u00fbnderdielen \u00f4fwurke waarden, wie it in bytsje hinderlik dat er boppe bleaun wie, wat net te ferbergjen foel, en der sa no en dan in blik \u00fat it publyk wei nei him \u00f4fdwaalde, ek al hold er him op sokke tiden meast stil. Dochs ferjoegen de direksjes it him, want hy wie in b\u00fbtengewoane, \u00fbnferfangbere artyst. Ek seagen se fansels yn dat er net \u00fat nocht oan \u00fbnnocht sa libbe, dat er winliken inkeld s\u00e1 permanint yn foarm bleau en inkeld s\u00e1 syn keunst yn perfekte steat beh\u00e2lde koe.<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;D\u00ear boppe wie it fierders ek s\u00fbn, en as yn it waarmere seizoen de sydfinsters yn de hiele r\u00fbnte fan de koepel iepenklapt waarden en mei de frisse lucht de sinne swiid de skimerige romte binnenkrong, dan wie it d\u00earsa sels moai. Taj\u00fbn, syn omgong mei oare minsken wie beheind, der klattere mar komselden in kollega-akrobaat l\u00e2ns in touljedder nei him omheech, dan sieten se tegearre op de trapeze, linen links en rjochts tsjin de touwen en keuvelen wat, of der wienen boufakkers om it dak te reparearjen dy\u2019t troch in iepen finster in pear wurden mei him wikselen, of der wie in br\u00e2nwachtman om de needferljochting op de boppeste galerij nei te sjen dy\u2019t him wat tar\u00f4p, respektfol mar min fersteanber. Fierders bleau it stil om him hinne; inkeld seach somtiids dizze of jinge wurknimmer, middeis yn it lege te\u00e4ter op \u2019e doele rekke, neitinkend de hichte yn dy\u2019t hast b\u00fbten it eachweid foel, d\u00ear\u2019t de trapeze-artyst syn keunsten \u00fatfierde of \u00fatr\u00easte, s\u00fbnder witte te kinnen dat immen him speurde.<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;Sa hie de trapeze-artyst \u00fbnfersteurd libje kind as de \u00fbn\u00fbntkombere reizen fan plak nei plak der net west hienen, dy\u2019t foar him alderferfelendst wienen. Wol soarge de ympressario derfoar dat de trapeze-artyst frijwarre bleau fan elk \u00fbnnedich ferlingjen fan syn lijen: foar de ritten yn de st\u00eaden br\u00fbkten se race-auto\u2019s, d\u00ear\u2019t se, as it koe nachts of yn de ierste moarnsoeren, mei f\u00fble faasje yn jakkeren troch de lege strjitten, al gong it noch altyd te stadich foar de trapeze-artyst syn langst; yn de trein waard in hiele k\u00fbpee reservearre, d\u00ear\u2019t de trapeze-artyst de reis yn trochbrocht boppe yn it bagaazjenet, as in soarte fan substit\u00fat \u2013 behyplik, mar toe mar \u2013 foar syn wenstige libbenswize; yn it folgjende plak fan de toernee wie yn it te\u00e4ter lang foar oankomst de trapeze al teplak, ek stienen alle doarren dy\u2019t op de te\u00e4terseal \u00fatkamen wiid iepen en wienen alle gongen frijh\u00e2lden \u2013 mar de moaiste mominten yn it bestean fan de ympressario wienen dochs hieltyd wannear\u2019t de trapeze-artyst dan de foet op de touljedder sette en binnen de koartste kearen einliks wer boppe oan syn trapeze hong.<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;Hoe\u2019n protte reizen ek der no al goed beteard wienen, elke nije f\u00fbn de ympressario dochs wer in kwelling, want \u00f4fsjoen fan alles wat der noch bykaam wienen de reizen s\u00fbnder mis in oanslach op de senuwen fan de trapeze-artyst.<br \/>\n<a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Franz-Kafka-tekening-01.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" class=\"alignright size-medium wp-image-19995\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Franz-Kafka-tekening-01-243x300.jpg\" alt=\"\" width=\"243\" height=\"300\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Franz-Kafka-tekening-01-243x300.jpg 243w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Franz-Kafka-tekening-01.jpg 411w\" sizes=\"auto, (max-width: 243px) 100vw, 243px\" \/><\/a>&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;Sa reizgen se wer ris tegearre, de trapeze-artyst lei yn it bagaazjenet te dreamen en de ympressario line yn de hoeke by it raam d\u00eartsjinoer en lies in boek, doe\u2019t de trapeze-artyst him s\u00eaft oanspruts. De ympressario wie him fuortdaalk fan tsjinst. De trapeze-artyst biet op \u2019e lippen en sei dat er foar syn akrobatyk no altyd twa trapezes hawwe moast yn plak fan de iene dy\u2019t er oant dan ta br\u00fbkt hie, twa trapezes tsjinoer elkoar. De ympressario gong d\u00ear op slach mei akkoart. Mar as woe er sjen litte dat de ynstimming fan de ympressario hjir like betsjuttingsleas wie as syn beswieren west hawwe soenen, sei de trapeze-artyst dat er no nea wer en \u00fbnder gjin betingst op mar ien trapeze optrede soe. It tinkbyld dat soks miskien dochs in kear barre koe, like er fan te huverjen. Sleaukjend en betochtsum stimde de ympressario him wer alhiel mei dat twa trapezes better wienen as ien en sa\u2019n nije opstelling ek yn oare opsichten foardielen hie, de produksje waard der \u00f4fwikseljender fan. Doe beg\u00fbn de trapeze-artyst ynienen te g\u00fblen. Bot skrokken sprong de ympressario oerein en frege wat der te r\u00eaden wie, en doe\u2019t er gjin antwurd krige, gong er op de bank stean, aaide him en drukte syn gesicht tsjin syn eigen, sadat de triennen fan de trapeze-artyst ek oer him r\u00f4len. Mar pas nei in soad fragen en flaaiwurdsjes snokkere de trapeze-artyst: \u2018Ien stange mar yn hannen \u2013 sa kin ik dochs net libje!\u2019 No wie it foar de ympressario al makliker om de trapeze-artyst te treastgjen; hy sei ta dat er daalk \u00fat it earstfolgjende stasjon wei nei it earstfolgjende plak fan de toernee tillegrafearje soe oer de twadde trapeze, ferwiet himsels dat er de trapeze-artyst sa lang mei mar ien trapeze wurkje litten hie, en tanke en priizge him tige dat er einliks op it fersom wiisd hie. Sa slagge it de ympressario de trapeze-artyst stadich del te b\u00eadzjen en koe er wer werom nei syn hoeke. Hysels wie lykwols net ger\u00eaststeld, yn grutte noed observearre er de trapeze-artyst heimlik oer syn boek hinne. As sokke tinzen him ienris kwelden, koenen se dan ea echt oph\u00e2lde? Soenen se net hieltyd mear tanimme? Foarmen se net in eksistinsjele bedriging? En werklik miende de ympressario te sjen hoe\u2019t no yn de skynber kalme sliep d\u00ear\u2019t it g\u00fblen yn einige wie, de earste tearen harren op de trapeze-artyst syn gl\u00eade bernefoarholle beg\u00fbnen \u00f4f te tekenjen.<\/p>\n<p>&nbsp;<\/p>\n<p>Oersetting fan \u2018Erstes Leid\u2019, \u00fat Franz Kafka, <em>Ein Hungerk\u00fcnstler. Vier Geschichten<\/em>, Berlin 1924, s. 9\u201314. De tekening (dy\u2019t losstiet fan dit ferhaal) is makke troch Kafka.<\/p>\n","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p>&nbsp; Earste leed In trapeze-artyst \u2013 lykas bekend is dy heech yn de nok fan grutte fari\u00ebtee-poadiums \u00fatoefene keunst ien fan de dreechste fan alle foar minsken berikbere keunsten \u2013 hie syn libben, yn \u2019t earstoan inkeld \u00fat syn stribjen &hellip; <a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=19990\">Fierder l\u00eaze <span class=\"meta-nav\">&rarr;<\/span><\/a><\/p>\n","protected":false},"author":1,"featured_media":0,"comment_status":"closed","ping_status":"closed","sticky":false,"template":"","format":"standard","meta":{"footnotes":""},"categories":[857],"tags":[849],"class_list":["post-19990","post","type-post","status-publish","format-standard","hentry","category-mear","tag-franz-kafka"],"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/19990","targetHints":{"allow":["GET"]}}],"collection":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts"}],"about":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/types\/post"}],"author":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/users\/1"}],"replies":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fcomments&post=19990"}],"version-history":[{"count":17,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/19990\/revisions"}],"predecessor-version":[{"id":20011,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/19990\/revisions\/20011"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fmedia&parent=19990"}],"wp:term":[{"taxonomy":"category","embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fcategories&post=19990"},{"taxonomy":"post_tag","embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Ftags&post=19990"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}