{"id":20035,"date":"2026-05-10T11:07:36","date_gmt":"2026-05-10T09:07:36","guid":{"rendered":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=20035"},"modified":"2026-05-12T14:58:31","modified_gmt":"2026-05-12T12:58:31","slug":"franz-kafka-de-nije-abbekaat","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=20035","title":{"rendered":"Franz Kafka, <em>De nije abbekaat<\/em>"},"content":{"rendered":"<p>&nbsp;<br \/>\n<big><em>De nije abbekaat<\/em><\/big><\/p>\n<p><a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Franz-Kafka-tekening-03.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" class=\"alignleft size-medium wp-image-20036\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Franz-Kafka-tekening-03-262x300.jpg\" alt=\"\" width=\"200\" height=\"229\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Franz-Kafka-tekening-03-262x300.jpg 262w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Franz-Kafka-tekening-03.jpg 436w\" sizes=\"auto, (max-width: 200px) 100vw, 200px\" \/><\/a>Wy hawwe in nije abbekaat, mr. B\u00fbsefalus. Der is yn syn foarkommen mar in bytsje dat tinken docht oan de tiid dat er noch it striidhoars fan Aleksander fan Masedoanje wie. Wa\u2019t lykwols mei de omstannichheden fertroud is, merkt wol wat op. L\u00easten seach ik op it bordes sels in hiel ienf\u00e2ldige gerjochtsamtner mei de saakkundige blik fan it mantsje dat geregeldwei by de hurddraverij te finen is ferbjustere nei de abbekaat stoareagjen doe\u2019t dy, mei in op it moarmer wjerklinkende stap, de treden ien foar ien beklom wylst er de skonken heech opluts.<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;Oer it ginneraal is de baalje mei de talitting fan B\u00fbsefalus akkoart. Ferw\u00fbnderlik begrypfol wurdt sein dat B\u00fbsefalus by de hearskjende maatskiplike oarder yn in lestich parket sit en dat&nbsp;er it d\u00earom, en ek fanwegen syn betsjutting yn&nbsp;de wr\u00e2ldskiednis, fertsjinnet dat men him yn \u2019e&nbsp;mjitte komt. Hjoed-de-dei \u2013&nbsp;dat kin nimmen leagenje \u2013 bestiet der gjin grutte Aleksander. Jawis, mannichien wit hoe te moardzjen; ek bet\u00fbftens om mei in l\u00e2ns oer de bankettafel hinne de freon te reitsjen \u00fbntbrekt net; en in protte lju fine Masedoanje te benaud, sadat se Philippus, de&nbsp;heit, ferflokke \u2013 mar nimmen, nimmen kin foaropgean nei Ynje ta. Eartiids wienen de poarten fan Ynje ek al \u00fbnberikber, mar harren rjochting waard troch it keningsswurd oanj\u00fbn. Hjoed-de-dei binne de poarten ferpleatst nei hiel earne oars, fierder fuort en heger; nimmen jout de rjochting oan; in protte lju drage swurden, mar inkeld om dermei te swaaien; en de blik dy\u2019t se folgje wol, rekket op \u2019e doele.<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;Faaks is it d\u00earom yndie it b\u00easte, lykas B\u00fbsefalus dien hat, jin yn de wetboeken te ferdjipjen. Frij, de flanken net klemd tusken de boppeskonken fan de ruter, by in stille lampe, fier fan it gewoel fan Aleksander syn fjildslach, l\u00east en bl\u00eadet er yn \u00fas \u00e2lde boeken.<\/p>\n<p>&nbsp;<\/p>\n<p>Oersetting fan \u2018Der neue Advokat\u2019, \u00fat Franz Kafka, <em>Ein Landarzt. Kleine Erz\u00e4hlungen<\/em>, M\u00fcnchen\/Leipzig 1919. De tekeningen by \u2018<a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=20035\" rel=\"noopener noreferrer\" target=\"_blank\">De nije abbekaat<\/a>\u2019, \u2018<a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=20033\" rel=\"noopener noreferrer\" target=\"_blank\">In keizerlik boadskip<\/a>\u2019, \u2018<a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=20024\" rel=\"noopener noreferrer\" target=\"_blank\">Op de galerij<\/a>\u2019 en \u2018<a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=19990\" rel=\"noopener noreferrer\" target=\"_blank\">Earste leed<\/a>\u2019 (dy\u2019t lossteane fan de ferhalen) binne makke troch Kafka sels.<\/p>\n","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p>&nbsp; De nije abbekaat Wy hawwe in nije abbekaat, mr. B\u00fbsefalus. Der is yn syn foarkommen mar in bytsje dat tinken docht oan de tiid dat er noch it striidhoars fan Aleksander fan Masedoanje wie. Wa\u2019t lykwols mei de omstannichheden &hellip; <a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=20035\">Fierder l\u00eaze <span class=\"meta-nav\">&rarr;<\/span><\/a><\/p>\n","protected":false},"author":1,"featured_media":0,"comment_status":"closed","ping_status":"closed","sticky":false,"template":"","format":"standard","meta":{"footnotes":""},"categories":[857],"tags":[849],"class_list":["post-20035","post","type-post","status-publish","format-standard","hentry","category-mear","tag-franz-kafka"],"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/20035","targetHints":{"allow":["GET"]}}],"collection":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts"}],"about":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/types\/post"}],"author":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/users\/1"}],"replies":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fcomments&post=20035"}],"version-history":[{"count":18,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/20035\/revisions"}],"predecessor-version":[{"id":20083,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/20035\/revisions\/20083"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fmedia&parent=20035"}],"wp:term":[{"taxonomy":"category","embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fcategories&post=20035"},{"taxonomy":"post_tag","embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Ftags&post=20035"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}