{"id":2522,"date":"2014-01-19T02:00:15","date_gmt":"2014-01-19T01:00:15","guid":{"rendered":"http:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=2522"},"modified":"2019-02-17T02:53:31","modified_gmt":"2019-02-17T01:53:31","slug":"lytse-fryske-winterreis-yn-amsterdam","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=2522","title":{"rendered":"<em>Lytse Fryske Winterreis<\/em> yn Amsterdam"},"content":{"rendered":"<p><strong><em>Amsterdam, 18 jannewaarje 2014<\/em> \u2013 Nei in toernee troch Frysl\u00e2n bringe <nobr>Henk Zwart<\/nobr> (sang) en Herman Peenstra (akkordeon) harren <a href=\"https:\/\/nl-nl.facebook.com\/pages\/Lytse-Fryske-Winterreis\/128271390655285?directed_target_id=0\" target=\"_blank\"><em>Lytse Fryske Winterreis<\/em><\/a> yn Amsterdam op \u2019e planken. It Ostadetheater hie de \u2018Hollandse premi\u00e8re\u2019, sa\u2019t de \u00fatfiering neamd waard dy\u2019t d\u00ear op sneon 18 jannewaarje plak hie. Sa\u2019n santich minsken besochten de foarstelling mei lieten \u00fat de <em>Winterreise<\/em> fan Schubert en M\u00fcller yn treflike oersettings fan Atze Bosch en Bernard Smilde. Nei it skoft wie it poadium foar dichter Tsead Bruinja en <em>sound designer<\/em> Jaap van Keulen.<\/strong><\/p>\n<p><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Franz-Schubert-214x300.jpg\" alt=\"\" title=\"\" width=\"214\" height=\"300\" class=\"alignright size-medium wp-image-2574\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Franz-Schubert-214x300.jpg 214w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Franz-Schubert-733x1024.jpg 733w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Franz-Schubert.jpg 870w\" sizes=\"auto, (max-width: 214px) 100vw, 214px\" \/>De <em>Winterreise<\/em> is it ferhaal yn lieten fan in jongfeint dy\u2019t, <em>zum Tode betr\u00fcbt<\/em> fanwegen leafdesfertriet, mei de siel \u00fbnder de earm omdoarmet yn wyldernis en ferlittenheid. De takomst hat him neat oars mear te bieden as de dea. Franz Schubert komponearre de rige fan twa dozyn lieten yn 1827. It jier d\u00earop kaam er te ferstjerren, 31 jier \u00e2ld. De auteur fan de lietteksten, Wilhelm M\u00fcller, fergong it net folle better, hy stoar yn 1827 op syn 32ste. It hyt dat Schubert beswiek oan de gefolgen fan syfilis, mar elts dy\u2019t syn <em>Winterreise<\/em> heard hat, wit wol better: it wie fan hertsear.<\/p>\n<p>Henk Zwart en Herman Peenstra binne beide de gefaarlikste leeftyd foarby. Mei wat teatrale, licht humoristyske aksinten bringe se it leafdesleed tichterby en helje se der tagelyk it alderdeadlikste gewicht fan \u00f4f. Zwart ferskuort it portret fan in \u00fbntrouwe faam, Peenstra yt in sean aai en tegearre drinke se in flesse jenever leech: leaver wat ferjitnis as in te iere dea. Swier te tillen bliuwt lykwols de swarte kiste dy\u2019t Zwart op \u2019e r\u00each meit\u00f4get. Is it in reiskiste, in houten marse faaks, of dochs in deakiste, te lyts foar it lichem fan de \u00fbngelokkige doarmer, mar grut gen\u00f4ch foar syn siel?<\/p>\n<p>Teatrale tafoegings wienen te ferwachtsjen: Henk Zwart foarme tusken 1987 en 2008 mei Peer van den Berg en Dette Glashouwer de teatergroep Suver Nuver en is in teaterman yn ieren en sinen. Sjonge kin er ek \u2013 syn folle, waarme bariton en heldere diksje bringe jin sels hiel even <em>Winterreise<\/em>-fertolker by \u00fatstek Dietrich Fischer-Dieskau yn it sin. De sang fan Zwart past yn alle gefallen prachtich by de mankelike akkordeonklanken fan Herman Peenstra, dy\u2019t nammers ek de arranzjeminten makke. Hie it ynstrumint al \u00fatf\u00fbn west doe\u2019t Schubert noch libbe, faaks wie de <em>Winterreise<\/em> dan skreaun foar akkordeon yn plak <nobr>fan piano.<\/nobr><\/p>\n<p>Nei it skoft brochten Tsead Bruinja en Jaap van Keulen yn it teaterkafee gedichten fan de earste op muzyk fan de twadde. Bruinja keas benammen foar wurk \u00fat syn twatalige sammelbondel <em>De geboorte van het zwarte paard<\/em> \/ <em>De berte fan it swarte hynder<\/em> (2008), oanfolle mei in gedicht \u00fat <em>Overwoekerd<\/em> (2010) en ien \u00fat <em>Stofs\u00fbgersjongers<\/em> \/ <em>Stofzuigerzangers<\/em> (2013), plus syn oersetting fan \u2018Fixin\u2019 to Die Blues\u2019 fan de cd mei Frysktalige Dylan-covers <em>Earder as letter<\/em> (2010).<\/p>\n<p>De muzyk, foar in part \u00fat in laptop en foar in part live op gitaar, foarme in lykweardige pendant fan de gedichten. It risseltaat wie minder in po\u00ebzyfoardracht mei muzikale begelieding as in performance w\u00earyn\u2019t tekst en muzyk kwa ritme en dynamyk gearfoelen. Hichtepunten wienen de al neamde Dylan-oersetting \u2018Blues fan it fjoer\u2019 en it selsspotske \u2018Worming up Von Kwabbenstein\u2019 \u00fat <em>Overwoekerd<\/em>, dat einiget mei: <\/p>\n<ul>Tsead is gelukkig getrouwd, maar nog nooit klaargekomen in Cambodja, Thailand of op een van de Galapagoseilanden. Tsead vindt het ook jammer dat hij nog nooit iemand heeft geneukt in Hellhole Bay, South Carolina of in Big Beaver Lick, Kentucky. Wat dat betreft mogen wij onszelf in de klamme handjes knijpen. Niet wij maar Tsead leidt een waarlijk diep en tragisch leven.<\/ul>\n<p>In frommes yn it publyk seach oer it skouder om te meunsterjen oft it omsittend laach it d\u00ear mei iens wie. De manlju achter har knikten.<\/p>\n<p>Op snein 19 jannewaarje om 15.00 oere wurdt it programma yn it Ostadetheater werhelle. Tsead Bruinja treedt dan op mei fideast Martijn Grootendorst. Der binne noch kaarten.<br \/>\n&nbsp;<br \/>\n<a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Lytse-Fryske-Winterreis.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Lytse-Fryske-Winterreis-1024x656.jpg\" alt=\"\" title=\"\" width=\"640\" height=\"410\" class=\"alignleft size-large wp-image-2545\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Lytse-Fryske-Winterreis-1024x656.jpg 1024w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Lytse-Fryske-Winterreis-300x192.jpg 300w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Lytse-Fryske-Winterreis.jpg 2048w\" sizes=\"auto, (max-width: 640px) 100vw, 640px\" \/><\/a><\/p>\n","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p>Amsterdam, 18 jannewaarje 2014 \u2013 Nei in toernee troch Frysl\u00e2n bringe Henk Zwart (sang) en Herman Peenstra (akkordeon) harren Lytse Fryske Winterreis yn Amsterdam op \u2019e planken. It Ostadetheater hie de \u2018Hollandse premi\u00e8re\u2019, sa\u2019t de \u00fatfiering neamd waard dy\u2019t d\u00ear &hellip; <a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=2522\">Fierder l\u00eaze <span class=\"meta-nav\">&rarr;<\/span><\/a><\/p>\n","protected":false},"author":1,"featured_media":0,"comment_status":"closed","ping_status":"closed","sticky":false,"template":"","format":"standard","meta":{"footnotes":""},"categories":[3],"tags":[257,258,259,260,261,263,264,265,266,267,268,269,89],"class_list":["post-2522","post","type-post","status-publish","format-standard","hentry","category-berjochten","tag-henk-zwart","tag-herman-peenstra","tag-franz-schubert","tag-wilhelm-muller","tag-bob-dylan","tag-dette-glashouwer","tag-peer-van-den-berg","tag-atze-bosch","tag-bernard-smilde","tag-jaap-van-keulen","tag-martijn-grootendorst","tag-dietrich-fischer-dieskau","tag-tsead-bruinja"],"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/2522","targetHints":{"allow":["GET"]}}],"collection":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts"}],"about":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/types\/post"}],"author":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/users\/1"}],"replies":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fcomments&post=2522"}],"version-history":[{"count":57,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/2522\/revisions"}],"predecessor-version":[{"id":12316,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/2522\/revisions\/12316"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fmedia&parent=2522"}],"wp:term":[{"taxonomy":"category","embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fcategories&post=2522"},{"taxonomy":"post_tag","embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Ftags&post=2522"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}