{"id":3984,"date":"2014-09-20T13:00:33","date_gmt":"2014-09-20T11:00:33","guid":{"rendered":"http:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=3984"},"modified":"2019-12-11T02:49:35","modified_gmt":"2019-12-11T01:49:35","slug":"seis-dichters-oan-it-wurd-oer-obe-postma","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=3984","title":{"rendered":"Seis dichters oan it wurd oer Obe Postma"},"content":{"rendered":"<p><strong><em>Ljouwert, 19 septimber 2014<\/em> \u2013 Seis jonge(re) dichters sprutsen op in gearsit yn de Gysbert Japicxseal fan Tresoar oer de ynfloed fan Obe Postma op harren wurk. Goed fjirtich taharkers krigen meinimmende en ek geastige kauseryen opdist. Eltse sprekker sleat \u00f4f mei in foardracht fan eigen, troch Postma oanrekke gedichten. De middei wie yn it ramt fan it literatuerfestival Swalk opset troch it Obe Postma Selskip yn \u2019e mande mei Tresoar.<\/strong><\/p>\n<p><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" class=\"alignright size-medium wp-image-3993\" title=\"\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Obe-Postma-210x300.jpg\" alt=\"\" width=\"210\" height=\"300\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Obe-Postma-210x300.jpg 210w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Obe-Postma.jpg 526w\" sizes=\"auto, (max-width: 210px) 100vw, 210px\" \/>Mei\u2019t it Obe Postma-\u00fbndersyk al jierrenlang dominearre wurdt troch diskusjes oft de fereare dichter no as psychysk monist of as neoplatonist sjoen wurde moat, oft er beynfloede is troch Nietzsche of krekt troch Bergson, en oft er him mear besibbe fielde oan Verwey of oan Boutens, rekket wolris wat \u00fat byld dat syn po\u00ebzy net selden de jeuzelige en sentimintele kant it neist is. Soks sizze op in byienkomst organisearre troch in selskip him ta eare is fansels net snoad. Likegoed joegen de \u00fatnoege sprekkers, n\u00east ytlike bliken fan ferskuldige earbied, lokkigern\u00f4ch wolris in puntsje fan krityk op de kanonisearre master.<\/p>\n<p>Al mei al waard it in middei \u00fbnderh\u00e2ldend \u2018oberjen\u2019, sa\u2019t Arjan Hut (1976) it neamde: neitinke oer it dichtwurk fan \u00fas Obe. Hut naam, net als iennichste, Postma syn fers \u2018Te Harns\u2019 as \u00fatgongspunt, om te einigjen mei \u2018Te Hut\u2019, pas ien dei earder skreaun \u2013 it alderjongste troch Postma ynspirearre gedicht. Mear as ien sprekker wurdearre yn it wurk fan Postma de werkenberens fan st\u00ead, doarp en gea, foaral as dy ek dek\u00f4r binne of west hawwe yn de biografy fan de sprekker sels. Hein Jaap Hilarides (1969) bygelyks, dy\u2019t nei Koarnwert reizge wie om te sjen hoe\u2019t <em>Postma Country<\/em> der op \u2019t heden hinneleit, wit him ferb\u00fbn mei de sfear dy\u2019t troch de konkrete beskriuwings d\u00earfan yn Postma syn fersen oproppen wurdt. De wynturbines en lisboksstallen fan tsjintwurdich moatte je dan mar even weitinke.<\/p>\n<p>Mear algemien waard net it filosofysk-po\u00ebtikale aspekt dat literatuerwittenskippers sa dwaande h\u00e2ldt, mar de l\u00e2nskiplikens yn Postma syn po\u00ebzy neamd as ynspiraasjeboarne. Meastentiids as in fertroud elemint dat de sprekker tinken docht oan de eigen bernetiid, mar it \u2018w\u00e2ldpykje\u2019 Sigrid Kingma (1989), foar wa\u2019t natuer oant foar koart synonym wie mei bosk of heide, hie troch de po\u00ebzy fan Postma no krekt leard dat greide, it moat net m\u00e2lder, ek in soarte fan natuer is. Allinne Remco Kuiper (1971) spruts oer de helikopter-view w\u00earmei\u2019t Postma boppe it greidel\u00e2n hingjen giet om sa oan syn po\u00ebzy in syklysk en kosmysk karakter te jaan.<\/p>\n<p>Janneke Spoelstra (1962) koe in flink betomke eksimplaar fan Postma syn <em>Samle fersen<\/em> \u00fat 1978 sjen litte. Sy hie der troch de jierren hinne hieltyd wer nije dingen yn \u00fbntdutsen. Sa bliek Postma de boarne te w\u00eazen fan in djippere wiisheid as \u2018It is mei it Frysk wat oars as mei in echte taal\u2019, dy\u2019t se foarhinne oan Tony Feitsma taskreaun hie. Mar de ferhope rispinge oan homoseksuele referinsjes foel \u00f4f, of it moast al w\u00eaze dat yn dat opsicht it hiele oeuvre \u2018ien grut sinjaal\u2019 is. En by einsluten koe Spoelstra it ek net \u00fbniens w\u00eaze mei it oardiel dat har broer ea joech: Obe Postma, dat is in soad fan itselde.<\/p>\n<p><a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Bril-fan-Obe-Postma.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" class=\"alignright size-medium wp-image-3996\" title=\"\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Bril-fan-Obe-Postma-225x300.jpg\" alt=\"\" width=\"225\" height=\"300\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Bril-fan-Obe-Postma-225x300.jpg 225w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Bril-fan-Obe-Postma-768x1024.jpg 768w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Bril-fan-Obe-Postma.jpg 900w\" sizes=\"auto, (max-width: 225px) 100vw, 225px\" \/><\/a>Like boartlik en noch wat kritysker wie de al neamde Remco Kuiper, dy\u2019t grutsk fernijde \u2013 \u2018je kinne der net mei oankomme op sa\u2019n middei, mar ik doch it al\u2019 \u2013 dat de strjitte d\u00ear\u2019t er wennet deunby de strjitte leit d\u00ear\u2019t Postma h\u00fasmanne, en der noch parallel oan rint ek. Mar folle mear parallellen seach Kuiper net. Is de boerewr\u00e2ld dy\u2019t Postma yn syn fersen opropt noch fan dizze tiid? De bern fan Kuiper begripe der \u2018gjin bal\u2019 fan. En nei harren heit syn smaak leit Postma tefolle klam op \u2018Frysk\u2019 en \u2018folts\u2019 en slacht er troch mei alle \u2018slachten\u2019 yn syn po\u00ebzy; sels hellet Kuiper by de slachter leaver gehak healom.<\/p>\n<p>Ek Sytse Jansma (1980) beneamde foaral de ferskillen. Oars as Postma wol hy as dichter de grammatika en semantyk iepenbrekke, wat syn po\u00ebzy neffens him taliger makket as dy fan Postma. Boppedat is Jansma syn wurk multimediaal. Fan twa gedichten dy\u2019t er foarlies, liet er ek filmclips sjen. Moai oanslutend by syn stelling dat Postma yn syn po\u00ebzy erotyk inkeld talit om de natuer noch yntinser te belibjen, wie it gedicht \u2018fallussimmernachten\u2019 en it begeliedende filmke, w\u00earyn\u2019t pimelige polypkes figurearje.<\/p>\n<p>Neffens yn- en \u00fatlieder Geart van der Meer, bestjoerslid fan it selskip, soe Obe Postma d\u00ear de humor wol fan ynsjen kinne. Dat wol jin dochs min oan. It foarnimmen om de bydragen fan de sprekkers te publisearjen yn <em>Wjerklank<\/em>, it healjierlikse selskipsbl\u00ead, soe de sedige dichter grif better noaskje.<\/p>\n","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p>Ljouwert, 19 septimber 2014 \u2013 Seis jonge(re) dichters sprutsen op in gearsit yn de Gysbert Japicxseal fan Tresoar oer de ynfloed fan Obe Postma op harren wurk. Goed fjirtich taharkers krigen meinimmende en ek geastige kauseryen opdist. Eltse sprekker sleat &hellip; <a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=3984\">Fierder l\u00eaze <span class=\"meta-nav\">&rarr;<\/span><\/a><\/p>\n","protected":false},"author":1,"featured_media":0,"comment_status":"closed","ping_status":"closed","sticky":false,"template":"","format":"standard","meta":{"footnotes":""},"categories":[3],"tags":[322,323,15,48,58,68,315,316,317,318,319,320,321],"class_list":["post-3984","post","type-post","status-publish","format-standard","hentry","category-berjochten","tag-albert-verwey","tag-pieter-cornelis-boutens","tag-arjan-hut","tag-hein-jaap-hilarides","tag-janneke-spoelstra","tag-obe-postma","tag-geart-van-der-meer","tag-anthonia-feitsma","tag-remco-kuiper","tag-sigrid-kingma","tag-sytse-jansma","tag-friedrich-nietzsche","tag-henri-bergson"],"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/3984","targetHints":{"allow":["GET"]}}],"collection":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts"}],"about":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/types\/post"}],"author":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/users\/1"}],"replies":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fcomments&post=3984"}],"version-history":[{"count":78,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/3984\/revisions"}],"predecessor-version":[{"id":13114,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/3984\/revisions\/13114"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fmedia&parent=3984"}],"wp:term":[{"taxonomy":"category","embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fcategories&post=3984"},{"taxonomy":"post_tag","embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Ftags&post=3984"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}