{"id":5380,"date":"2015-07-12T23:00:16","date_gmt":"2015-07-12T21:00:16","guid":{"rendered":"http:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=5380"},"modified":"2015-11-01T13:11:22","modified_gmt":"2015-11-01T12:11:22","slug":"goaiingeasters-yn-in-berneboekje","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=5380","title":{"rendered":"Goai\u00efngeasters yn in berneboekje"},"content":{"rendered":"<p><strong>Ut in protsje te katalogisearjen materiaal kaam by de Bijzondere Collecties fan de Universiteit van Amsterdam in berneboekje foar it ljocht mei oantekenings oer de berte of it ferstjerren fan fjouwer Goai\u00efngeasters yn de jierren <nobr>1855\u20131857.<\/nobr><\/strong><\/p>\n<p>It boekje sels is fan 1834. It hat as titel <em>Nieuw en vermakelijk leesboekje voor kinderen<\/em>, telt 68 siden yn lyts oktavo en is \u00fatj\u00fbn troch de Nijmeechske \u00fatjouwer D.J. Haspels. <nobr>It giet<\/nobr> om in wat suterich eksimplaar s\u00fbnder omslach fan de tredde druk. Gjinien fan de ferskillende drukken is opnommen yn de Nederlandse Centrale Catalogus; blykber wie de titel oant no ta net yn in gruttere bibleteek yn Nederl\u00e2n beskikber.<\/p>\n<p>In net botte oefene h\u00e2n hat mei potlead notysjes oan it boekje tafoege oer fjouwer Goai\u00efngeasters. Dat it doarpsgenoaten wienen, liket de iennichste relaasje tusken harren te w\u00eazen. It giet net om leden fan ien famylje, sa\u2019t ornaris it gefal is by notysjes yn bygelyks in famyljebibel. Hjir\u00fbnder earst transkripsjes, yn kronologyske folchoarder, mei taljochting. D\u00earnei in antwurd op de fraach wa\u2019t de notysjes makke hat.<\/p>\n<p><strong>Anne Piers Hettema<\/strong><\/p>\n<p><a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Leesboekje-03.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Leesboekje-03-1024x865.jpg\" alt=\"\" title=\"\" width=\"320\" height=\"270\" class=\"alignright size-large wp-image-5381\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Leesboekje-03-1024x865.jpg 1024w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Leesboekje-03-300x253.jpg 300w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Leesboekje-03.jpg 1200w\" sizes=\"auto, (max-width: 320px) 100vw, 320px\" \/><\/a><\/p>\n<ul><em>Anne P. Hettema overleden den 10 October in 1855 en nagenoeg <nobr>24 jaar<\/nobr><\/em><\/ul>\n<p>Anne Piers Hettema waard berne op 9 maart 1831 yn Goai\u00efngea en ferstoar d\u00ear op 10 oktober 1855. Anne wie neffens syn dea-akte \u2018van boerebedrijf\u2019 en wie doe\u2019t er weirekke noch net troud. Hy wie in soan fan Pier Annes Hettema (1789\u20131832) en Geeske Sytzes Dotinga (1801\u20131879), dy\u2019t yn 1835, nei de dea fan Pier Annes, in twadde houlik oangong mei de widner Dirk Eeltjes Rollema. Dy die tynge fan de dea fan syn styfsoan yn de <em>Leeuwarder Courant<\/em> fan 12 oktober 1855:<br \/>\n<a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Leeuwarder-Courant-1855-10-12.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Leeuwarder-Courant-1855-10-12.jpg\" alt=\"\" title=\"\" width=\"540\" height=\"142\" class=\"alignnone size-full wp-image-5580\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Leeuwarder-Courant-1855-10-12.jpg 900w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Leeuwarder-Courant-1855-10-12-300x79.jpg 300w\" sizes=\"auto, (max-width: 540px) 100vw, 540px\" \/><\/a><br \/>\n<strong><nobr>Jitze Jentjes Bakker<\/nobr><\/strong><\/p>\n<p><a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Leesboekje-01.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Leesboekje-01-1024x856.jpg\" alt=\"\" title=\"\" width=\"320\" height=\"267\" class=\"alignright size-large wp-image-5388\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Leesboekje-01-1024x856.jpg 1024w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Leesboekje-01-300x251.jpg 300w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Leesboekje-01.jpg 1200w\" sizes=\"auto, (max-width: 320px) 100vw, 320px\" \/><\/a><\/p>\n<ul><em>Jitze J. Bakker geboren den 14 Junij 1833 en overleden den 2 December 185<\/em>[<em>6<\/em>]<\/ul>\n<p>Jitze Jentjes Bakker waard berne op 14 juny 1833 yn Dearsum en ferstoar, 23 jier \u00e2ld en net troud, op <nobr>2 desimber<\/nobr> 1856 yn Goai\u00efngea. Hy wie in soan fan Jentje Gerrits Bakker (1794\u20131883) en Grietje Jitzes Faber (1804\u20131885). Yn syn dea-akte waard er \u2018boerenknecht\u2019 neamd.<\/p>\n<p><strong>Eibert Wypkes van Popta<\/strong><\/p>\n<p><a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Leesboekje-04.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Leesboekje-04-1024x861.jpg\" alt=\"\" title=\"\" width=\"320\" height=\"5269\" class=\"alignright size-large wp-image-5386\" \/><\/a><\/p>\n<ul><em>na een spoedig toenemend verval van krachten is heden in den ouderdom van <nobr>64 jaren<\/nobr> en <nobr>7 maanden<\/nobr> overleden mijn waarde Echtgenoot en der kinderen zorgdragende vader Eibert W. van Popta, in leven lid van den raad der gemeente Wijmbritseradeel en landbouwer alhier na eene echtvereeniging van <nobr>32\u00bd jaar<\/nobr><br \/>\nGoenga den 20 Januarij 1857.<br \/>\nH.T. Tacoma<br \/>\nwed. E.W. van Popta.<br \/>\nmede uit naam der Kinde<\/em>[&#8230;]<\/ul>\n<p>Eibert Wypkes van Popta waard berne op 23 juny 1792 yn Penjum as soan fan Wypke Eiberts van Popta (1765\u20131834) en Joukje Klazes Holkeboer (1767\u20131826). Yn 1814 troude Eibert Wypkes mei Jetske Broers Postma (1784\u20131821) en yn 1824 mei Hesseltje Taekes Takema alias Tacoma (1802\u20131887). Hy ferstoar op 20 jannewaarje 1857 yn Goai\u00efngea. De tekst fan de notysje komt sawat letterlik oerien mei it deaberjocht yn de <em>Leeuwarder Courant<\/em> fan 23 jannewaarje 1857 en is d\u00ear grif \u00fat oerskreaun:<br \/>\n<a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Leeuwarder-Courant-1857-01-23.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Leeuwarder-Courant-1857-01-23.jpg\" alt=\"\" title=\"\" width=\"540\" height=\"118\" class=\"alignnone size-full wp-image-5558\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Leeuwarder-Courant-1857-01-23.jpg 900w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Leeuwarder-Courant-1857-01-23-300x65.jpg 300w\" sizes=\"auto, (max-width: 540px) 100vw, 540px\" \/><\/a><br \/>\n<strong><nobr>Hotske Hotzes Stallinga<\/nobr><\/strong><\/p>\n<p><a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Leesboekje-02.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Leesboekje-02-1024x858.jpg\" alt=\"\" title=\"\" width=\"320\" height=\"268\" class=\"alignright size-large wp-image-5387\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Leesboekje-02-1024x858.jpg 1024w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Leesboekje-02-300x251.jpg 300w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Leesboekje-02.jpg 1200w\" sizes=\"auto, (max-width: 320px) 100vw, 320px\" \/><\/a><\/p>\n<ul><em>Bevallen van eene wel geschapene meisje Jeltje van der veer geliefde echtgenoot<br \/>\nH.H. stallinga<br \/>\nGoinga den 18 April 1857<\/em><\/ul>\n<p>It nammeleaze famke yn dizze notysje hjitte fan Hotske en waard berne op 18 april 1857 yn Goai\u00efngea. Sy wie de earste poppe fan Hotze Heins Stallinga (1828\u20131874) en Jeltje Bendiks van der Veer (1821\u20131859) en soe ek de iennichste bliuwe. Hotske waard mar treddeheal jier \u00e2ld; sy rekke wei op 5 novimber 1859, noch gjin fiif moanne nei har mem. Hotze troude yn 1862 opnij, mei Lijsbert Thomas Bijlsma. Ien fan de bern \u00fat dat twadde houlik waard ek Hotske neamd.<\/p>\n<p>De notysje jout de yndruk \u00fat in krante oerskreaun te w\u00eazen: de formulearring is lyk oan wat d\u00earyn doetiids wenst wie. (Frjemd is al dat de b\u00fbgings yn \u2018van eene wel geschapene\u2019 net strike mei it grammatikale slachte fan \u2018meisje\u2019. Op \u2018geschapene\u2019 folge earst in oar wurd, dat wer \u00fatwiske en ferfongen is.) In berteberjocht fan Hotske is yn de <em>Leeuwarder Courant<\/em> lykwols net te finen. Heit Hotze wie ommers, neffens de akten, \u2018arbeider\u2019 en dan pleatsten je ornaris gjin famylje-advertinsjes. De krante hat grif as foarbyld tsjinne foar de formulearring, mar de spesifike gegevens binne d\u00ear net \u00fat oernommen.<\/p>\n<p>In stikmannich akten hat Hotze sels \u00fbndertekene. Syn <a href=\"http:\/\/allefriezen.nl\/fy-FY\/personen-zoeken\/weergave\/register\/layout\/blader\/id\/275fb247-c102-ca12-8530-b886c91d4312\/start\/47?akteid=7e07e1f3-7612-f96e-69a2-dab62015dc30&#038;url=aHR0cCUzQSUyRiUyRmFsbGVmcmllemVuLm5sJTJGZnktRlklMkZwZXJzb25lbi16b2VrZW4lM0ZxX3BlcnNvb25fdm9vcm5hYW1fdF8wJTNEaG90c2UlMjZxX3BlcnNvb25fcGF0cm9uaWVtX3RfMCUzRCUyNnFfcGVyc29vbl90dXNzZW52b2Vnc2VsX3RfMCUzRCUyNnFfcGVyc29vbl9hY2h0ZXJuYWFtX3RfMCUzRHN0YWxsaW5nYSUyNnFfcmVnaXN0ZXJfY3VzdG9tX3NfZ2VtZWVudGUlM0QlMjZxX3JlZ2lzdGVyX2N1c3RvbV9zX3Zvb3JtYWxpZ2VfZ2VtZWVudGVfY29kZSUzRCUyQSUyNnN1Ym1pdCUzRFN5a2plJTI2c2VhcmNoJTNEJTI2cV90ZXh0JTNEJTI2cV9wZXJzb29uX3Zvb3JuYWFtX3RfMSUzRCUyNnFfcGVyc29vbl9wYXRyb25pZW1fdF8xJTNEJTI2cV9wZXJzb29uX3R1c3NlbnZvZWdzZWxfdF8xJTNEJTI2cV9wZXJzb29uX2FjaHRlcm5hYW1fdF8xJTNEJTI2cV9yZWdpc3Rlcl9jdXN0b21fc192b29ybWFsaWdlX21haXJpZV9jb2RlJTNEJTI2cmVnaXN0ZXJfamFhcnRhbGxlbl9zdGFydCUzRCUyNnJlZ2lzdGVyX2phYXJ0YWxsZW5fZWluZCUzRCUyNnNvcnQlM0QlMjZkaXJlY3Rpb24lM0QlMjZmb3JtJTNE&#038;persoon=SG90c2UgU3RhbGxpbmdhIEFrdGVudW1tZXIgNDU&#038;image=c603dbd0-7dca-c2c2-572b-76c5c55f9d54\" target=\"_blank\">trouakte<\/a> \u00fat 1856 en Hotske har <a href=\"http:\/\/allefriezen.nl\/fy-FY\/personen-zoeken\/weergave\/register\/layout\/blader\/id\/b7db08d5-7e55-cdc8-08fb-7c0e562a7f8e?akteid=e73546c6-c7b6-c6af-5285-a0244091cf42&#038;url=aHR0cCUzQSUyRiUyRmFsbGVmcmllemVuLm5sJTJGZnktRlklMkZwZXJzb25lbi16b2VrZW4lM0ZxX3BlcnNvb25fdm9vcm5hYW1fdF8wJTNEaG90emUlMjZxX3BlcnNvb25fcGF0cm9uaWVtX3RfMCUzRCUyNnFfcGVyc29vbl90dXNzZW52b2Vnc2VsX3RfMCUzRCUyNnFfcGVyc29vbl9hY2h0ZXJuYWFtX3RfMCUzRHN0YWxsaW5nYSUyNnFfcmVnaXN0ZXJfY3VzdG9tX3NfZ2VtZWVudGUlM0QlMjZxX3JlZ2lzdGVyX2N1c3RvbV9zX3Zvb3JtYWxpZ2VfZ2VtZWVudGVfY29kZSUzRCUyQSUyNnN1Ym1pdCUzRFN5a2plJTI2c2VhcmNoJTNEJTI2cV90ZXh0JTNEJTI2cV9wZXJzb29uX3Zvb3JuYWFtX3RfMSUzRCUyNnFfcGVyc29vbl9wYXRyb25pZW1fdF8xJTNEJTI2cV9wZXJzb29uX3R1c3NlbnZvZWdzZWxfdF8xJTNEJTI2cV9wZXJzb29uX2FjaHRlcm5hYW1fdF8xJTNEJTI2cV9yZWdpc3Rlcl9jdXN0b21fc192b29ybWFsaWdlX21haXJpZV9jb2RlJTNEJTI2cmVnaXN0ZXJfamFhcnRhbGxlbl9zdGFydCUzRCUyNnJlZ2lzdGVyX2phYXJ0YWxsZW5fZWluZCUzRCUyNnNvcnQlM0QlMjZkaXJlY3Rpb24lM0QlMjZmb3JtJTNE&#038;persoon=SG90emUgU3RhbGxpbmdhIEFrdGVudW1tZXIgMTA4&#038;image=15b9ab3f-673d-4559-e9ff-bbfb106d09fc\" target=\"_blank\">berte-akte<\/a> \u00fat 1857 steane kwa datearring it tichtste by de notysjes yn it berneboekje. De oerienkomsten tusken Hotze syn hantekening yn dy beide akten en it skrift fan de notysjes rinne mear yn it each as de ferskillen, foaral as ek yn oanmerking nommen wurdt dat de hantekenings skreaun binne mei inket en de notysjes mei potlead. It kin net oars as Hotze Stallinga hat de notysjes makke. Anne Hettema en Jitze Bakker kinne maten fan him west hawwe en faaks wie boer Eibert van Popta syn wurkjouwer.<\/p>\n<p><small>Mei tank oan Adriaan Plak, dy\u2019t my op it boekje attindearre.<\/small><\/p>\n","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p>Ut in protsje te katalogisearjen materiaal kaam by de Bijzondere Collecties fan de Universiteit van Amsterdam in berneboekje foar it ljocht mei oantekenings oer de berte of it ferstjerren fan fjouwer Goai\u00efngeasters yn de jierren 1855\u20131857. It boekje sels is &hellip; <a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=5380\">Fierder l\u00eaze <span class=\"meta-nav\">&rarr;<\/span><\/a><\/p>\n","protected":false},"author":1,"featured_media":0,"comment_status":"closed","ping_status":"closed","sticky":false,"template":"","format":"standard","meta":{"footnotes":""},"categories":[430],"tags":[396,397,398,399,384,400,385,386,387,388,389,390,391,392,393,394,395],"class_list":["post-5380","post","type-post","status-publish","format-standard","hentry","category-fynsten","tag-hesseltje-taekes-takema","tag-hotske-hotzes-stallinga","tag-hotze-heins-stallinga","tag-jeltje-bendiks-van-der-veer","tag-d-j-haspels","tag-lijsbert-thomas-bijlsma","tag-anne-piers-hettema","tag-pier-annes-hettema","tag-geeske-sytzes-dotinga","tag-dirk-eeltjes-rollema","tag-jitze-jentjes-bakker","tag-jentje-gerrits-bakker","tag-grietje-jitzes-faber","tag-eibert-wypkes-van-popta","tag-wypke-eiberts-van-popta","tag-joukje-klazes-holkeboer","tag-jetske-broers-postma"],"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/5380","targetHints":{"allow":["GET"]}}],"collection":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts"}],"about":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/types\/post"}],"author":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/users\/1"}],"replies":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fcomments&post=5380"}],"version-history":[{"count":229,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/5380\/revisions"}],"predecessor-version":[{"id":6467,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/5380\/revisions\/6467"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fmedia&parent=5380"}],"wp:term":[{"taxonomy":"category","embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fcategories&post=5380"},{"taxonomy":"post_tag","embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Ftags&post=5380"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}