{"id":5675,"date":"2015-09-28T01:00:30","date_gmt":"2015-09-27T23:00:30","guid":{"rendered":"http:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=5675"},"modified":"2020-08-15T20:29:19","modified_gmt":"2020-08-15T18:29:19","slug":"poste-restante-ix","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=5675","title":{"rendered":"Poste restante IX"},"content":{"rendered":"<p><a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Snits-01a.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Snits-01a.jpg\" alt=\"\" title=\"\" class=\"alignleft size-full wp-image-5363\" width=\"1538\" height=\"1000\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Snits-01a.jpg 1538w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Snits-01a-300x195.jpg 300w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Snits-01a-1024x665.jpg 1024w\" sizes=\"(max-width: 1538px) 100vw, 1538px\" \/><\/a><\/p>\n<ul>\u2018<small>SNEEK<\/small>. (l.\u00fb.), \u2018Zuidend.\u2019 (r.\u00fb.), \u00b11900\u20131903. Ljochtdruk, 91&#215;140 mm. Utj\u00fbn troch <nobr>R. van<\/nobr> der Meulen, Snits. Poststimpel Menaam 20?-10-1903. Ferstjoerd oan Gatske Schotanus, Minnertsgea, troch Antje de Jager.<\/p>\n<p><em>groet uit menaldum<br \/>\nvan je vriendin antje<br \/>\ndie vraagt haar eens spo<\/em>[<em>e<\/em>]<em>dig te sch<\/em>[<em>r<\/em>]<em>ijven<\/em><\/ul>\n<p><a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Snits-01b.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Snits-01b.jpg\" alt=\"\" title=\"\" class=\"aligncenter size-full wp-image-5364\" width=\"1539\" height=\"1000\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Snits-01b.jpg 1539w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Snits-01b-300x194.jpg 300w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Snits-01b-1024x665.jpg 1024w\" sizes=\"(max-width: 1539px) 100vw, 1539px\" \/><\/a><\/p>\n<p>Werom\u2019t ansichtkaarteskriuwers wolris geheimskrift br\u00fbkten, liket gjin grut riedsel te w\u00eazen: om te ferhinderjen dat tredden l\u00eaze koenen wat de \u00f4fstjoerder inkeld oan de adressearre tabetrouwe woe. In moai foarbyld binne de yn geheimskrift notearre gjalpen fan langst en leafde op de kaart fan Jetske Wiskia Hora Adema oan har frijer yn <a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=5338\" target=\"_blank\" rel=\"noopener noreferrer\"><em>Poste restante<\/em> <small>VIII<\/small><\/a>. Mar it boadskip op de kaart hjirboppe befettet dochs neat dat o sa partikulier is. Antsje fan Menaam docht de groeten oan in freondinne yn Minnertsgea en hopet fan har in kaart of brief werom te krijen, dat is alles. W\u00earom br\u00fbkt se foar sa\u2019n \u00fbnskuldich boadskip dan dochs geheimskrift?<br \/>\n<a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Geheimskrift-fan-Antsje-fan-Menaam.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Geheimskrift-fan-Antsje-fan-Menaam.jpg\" alt=\"\" title=\"\" class=\"alignright size-full wp-image-5790\" width=\"222\" height=\"400\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Geheimskrift-fan-Antsje-fan-Menaam.jpg 444w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Geheimskrift-fan-Antsje-fan-Menaam-166x300.jpg 166w\" sizes=\"(max-width: 222px) 100vw, 222px\" \/><\/a><br \/>\nEn w\u00earom kiest Antsje net in geheimskrift dat wat dreger te \u00fbntsiferjen is? De koade dy\u2019t se br\u00fbkt, waard (mei farianten) faker tapast. Dy koade giet werom op it frijmitseldersgeheimskrift, om krekt te w\u00eazen: op de Ingelske fariant d\u00earfan. Letter waard it popul\u00ear binnen de paadfynderij. Elts teken jout de kontoeren wer fan in beskaat segmint fan yn totaal trettjin segminten op twa rasters. Elts segmint biedt plak oan twa letters; it hiele alfabet is dus yn de beide rasters \u00fbnderbrocht. In teken s\u00fbnder stip deryn stiet foar de earste letter yn it oerienkomstige segmint, in teken mei in stip deryn represintearret de twadde letter. Is dizze \u00fatlis noch wat dizenich? Lis Antsje har boadskip n\u00east de beide rasters rjochts en alles wurdt grif op slach d\u00fadlik (ek al wie Antsje net hiel sekuer: se hat twa tekens fergetten, foar de <em>e<\/em> yn \u2018spoedig\u2019 en foar de <em>r<\/em> yn \u2018schrijven\u2019).<\/p>\n<p>Fergelykje wy no ris de adresside fan de kaart fan Jetske mei de adresside fan de kaart fan Antsje, dan rinne minstens twa ferskillen yn it each. Foarst, Antsje hat har kaart frankearre mei 1 sint, Jetske harres mei 2\u00bd sint. En twad, Antsje hat it printe wurd \u2018<small>BRIEFKAART<\/small>\u2019 trochskrast en ferfongen troch \u2018Drukwerk\u2019, Jetske net. Antsje joech d\u00earmei oan dat har ansichtkaart foldie oan de betingsten foar ferstjoering as printwurk, tsjin in taryf fan 1 yn plak fan 2\u00bd sint. Dy betingsten binne omskreaun yn bygelyks de <em>Leeuwarder Courant<\/em> fan <nobr>1 oktober<\/nobr> 1904, \u00fbnder it kopke \u2018Prentbriefkaarten en strafport\u2019:<\/p>\n<ul>De prentbriefkaarten staan in het teeken des tijds. Door iedereen, groot en klein, worden ze verzonden. Het ontvangen doet den meesten genoegen, maar&#8230; dikwijls is er een minder aangename zijde, n.l. het betalen van strafport. Het is daarom niet ondienstig, vooral nu de postambtenaren scherper toezicht schijnen te moeten houden en daardoor het aantal overtreders dagelijks grooter wordt, in herinnering te brengen, dat, om voor \u00e9\u00e9n cent te mogen worden verzonden, er op een ansichtkaart alleen mag worden vermeld: de naam en de woonplaats van den afzender en de datum van afzending.<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;Verboden zijn verkortingen als: m.g., h.g., m.d., p.f., p.r. enz.; \u201cgroeten\u201d, \u201cgelukwenschen\u201d, \u201cuw toegenegen\u201d en dergelijke meer. De naam van den afzender mag niet worden uitgedrukt als: pa, moe, je broer of zuster en ook niet oom, tante, neef <nobr>of nicht.<\/nobr><\/ul>\n<p>No waard oan dy betingsten net hiel strang de h\u00e2n h\u00e2lden: der sitte aardich wat kaarten yn myn kolleksje d\u00ear\u2019t de \u00f4fstjoerder \u2018p.f.\u2019 (\u2018pour f\u00e9liciter\u2019) op skreaun hat \u00e9n in postsegel fan <nobr>1 sint<\/nobr> op plakt hat s\u00fbnder dat d\u00ear strafport oerhinne kommen is. Antsje skreau op har kaart lykwols al wat mear as in inkeld \u00f4fkoartinkje. Mar oars as it geheimskrift fan Jetske befettet Antsje har boadskip gjin letters of sifers \u2013 it is feitlik gjin tekst! En dus koe it mei in segel fan <nobr>1 sint<\/nobr> ta. It besparjen fan oardel sint oan port sil de foarnaamste reden west hawwe dat Antsje har boadskip kodearre en d\u00ear in skrifttekenleaze koade <nobr>foar br\u00fbkte.<\/nobr><\/p>\n<p><a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Postzegeltaal-01.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Postzegeltaal-01-300x193.jpg\" alt=\"\" title=\"\" class=\"alignright size-medium wp-image-5775\" width=\"300\" height=\"193\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Postzegeltaal-01-300x193.jpg 300w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Postzegeltaal-01-1024x661.jpg 1024w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Postzegeltaal-01.jpg 1548w\" sizes=\"(max-width: 300px) 100vw, 300px\" \/><\/a>Fierders spile der faaks fammemallichheid mei. Dy kaam by Antsje ek ta utering yn saneamde postsegeltaal. Antsje plakte de postsegel skean en op \u2019e kop. Siet in segel yn in oare st\u00e2n as de meast gongbere op de kaart, dan koe dat in betsjutting hawwe: \u2018Ik h\u00e2ld fan dy!\u2019, \u2018Tinkst oan my?\u2019, dat wurk. Der wienen ansichtkaarten en sels boekjes yn omrin mei oersjoggen fan de betsjuttings. Hiel geheim wie postsegeltaal dus net. Ek wikselen dy oersjoggen nochal \u2013 eins wienen der ferskillende postsegeltalen \u2013 en de mooglikheden wienen tige beheind. Al mei al wie it gjin effektive wize fan kommunikaasje. Etikette-keninginne Amy Groskamp-ten Have f\u00fbn it om oare redenen mar neat. Yn har yn 1939 foar it earst ferskynde en ytlike kearen werprinte <em>Hoe hoort het eigenlijk?<\/em> skreau se:<\/p>\n<p><a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Postzegeltaal-02.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Postzegeltaal-02-300x191.jpg\" alt=\"\" title=\"\" class=\"alignright size-medium wp-image-5776\" width=\"300\" height=\"191\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Postzegeltaal-02-300x191.jpg 300w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Postzegeltaal-02-1024x653.jpg 1024w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Postzegeltaal-02.jpg 1566w\" sizes=\"(max-width: 300px) 100vw, 300px\" \/><\/a><\/p>\n<ul>Bakvischjes, verliefden en verloofden trachten in de \u201cpostzegeltaal\u201d (het schots en scheef opplakken der zegels, waaraan bepaalde beteekenissen zijn verbonden) elkander boodschappen over te brengen, meestal van teederen aard. Zij, die gesteld zijn op goede vormen zullen zich hieraan niet schuldig maken.<\/ul>\n<p>Antsje fan Menaam stjoerde har kaart oan Gatske Schotanus, berne yn Minnertsgea op <nobr>2 novimber<\/nobr> 1882 als dochter fan de skroar Christoffel Schotanus en Rinske Hoekstra. Yn 1901 helle Gatske in \u00fbnderwiisakte en al rillegau stie se yn Minnertsgea foar de klasse. D\u00ear wie se kollega fan de Grinslanner Tamme Hendrik Kremer (1879\u20131968), mei wa\u2019t se yn 1907 troude en twa soannen krige. Tamme syn \u00fbnderwizerskarri\u00e8re brocht harren nei Oostwold, Bandwijk, Harns, Apeldoorn en Krabbendam, en fan 1922 \u00f4f wennen se yn Frjentsjer, d\u00ear\u2019t Tamme haad fan de kristlik-nasjonale skoalle oan de Foarstrjitte wurden wie. Gatske ferstoar yn Frjentsjer op <nobr>27 april<\/nobr> 1960 en waard begroeven yn Minnertsgea.<\/p>\n<p>Har Menamer freondinne wie grif Antje de Jager, berne yn Menaam op <nobr>2 jannewaarje<\/nobr> 1882 as dochter fan Tjebbe de Jager en Aaltje Andringa. Gatske en Antsje wienen yn itselde jier berne en hellen alle beide yn 1901 yn Ljouwert in \u00fbnderwiisakte. Faaks koenen de fammen elkoar fan de oplieding. Krektlyk as Gatske waard Antsje skoaljuffer yn har bertedoarp. Yn 1910 troude se mei de bakker Johannes Huizenga (1882\u20131957), mei wa\u2019t se in dochter en in soan krige. Antsje ferstoar yn Menaam op <nobr>18 febrewaarje<\/nobr> 1955. In <a href=\"https:\/\/www.genealogieonline.nl\/stamboom-huizenga\/I16.php#\" target=\"_blank\" rel=\"noopener noreferrer\">foto<\/a> fan Antsje mei har \u00e2lden, sa likern\u00f4ch \u00fat de tiid dat se de hjir besprutsen ansichtkaart ferstjoerde, is op ynternet te finen yn in troch Pieter Boerrigter gearstalde stambeam-Huizenga. D\u00ear binne ek <a href=\"https:\/\/www.genealogieonline.nl\/stamboom-huizenga\/I251.php\" target=\"_blank\" rel=\"noopener noreferrer\">twa lettere foto\u2019s<\/a> fan Antsje en har eigen gesin yn opnommen.<\/p>\n<p>Falt oer de minsken \u00f3p de ansichtkaart ek noch wat te sizzen? Neffens de byldbank fan it Fries Scheepvaart Museum al. Yn it byskrift by <a href=\"http:\/\/friesscheepvaartmuseum.nl\/beeld\/fsm-col2-dat20008172\" target=\"_blank\" rel=\"noopener noreferrer\">in oar eksimplaar<\/a> fan de kaart wurde de frou mei de skelk en it famke oan har h\u00e2n identifisearre as Gerritje de Boer-de Wilde (1876\u20131946) en har dochterke Wiepkjen Klaasjen (1900\u20131924). Oer Gerritsje en de jong ferstoarne Wypkje is fierders it measte net te finen. Tanksij dy identifikaasje troch it Fries Scheepvaart Museum (d\u00ear\u2019t oars net in boarne foar j\u00fbn wurdt) bliuwe sy dochs in lyts bytsje mear as nammen yn akten fan de boargerlike st\u00e2n.<\/p>\n<p>En dan noch de minsken dy\u2019t yn de tiid dat de kaart makke waard wennen yn it hoekp\u00e2n rjochts, adres Hoogend 1: <a href=\"http:\/\/www.sporenjoodslevensneek.nl\/wandelroute\/route-items\/pino-s-bakkerij.html\" target=\"_blank\" rel=\"noopener noreferrer\">de bakkerswinkel<\/a> fan <a href=\"http:\/\/www.dutchjewry.org\/genealogy\/izaks\/82.shtml\" target=\"_blank\" rel=\"noopener noreferrer\">Mozes Pino<\/a> (1845\u20131927) en syn frou Elisabeth de Wit (1856\u20131890). De winkel waard fuortset troch harren dochters Roosje (1884\u20131943) en Lina (1890\u20131943). De oerlevering wol hawwe dat sy de lekkerste eierkoeken fan Snits en fiere omkriten ferkochten. Doe kaam de oarloch. Roosje en Lina Pino waarden beide om it libben brocht yn Sobibor. Harren nammen steane op in tinkstien mei in list fan Holocaust-slachtoffers \u00fat Snits yn de t\u00fan fan it Snitser stedh\u00fbs, en yn it tegelpaad foar Hoogend 1 binne Stolpersteine oanbrocht ta harren neitins. Henk van der Veer betocht de beide susters mei in gedicht yn it Snitsersk yn syn bondel <em>De Dames Pino en andere fersen over Joadse Snekers<\/em> <nobr>\u00fat 2015.<\/nobr><\/p>\n","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p>\u2018SNEEK. (l.\u00fb.), \u2018Zuidend.\u2019 (r.\u00fb.), \u00b11900\u20131903. Ljochtdruk, 91&#215;140 mm. Utj\u00fbn troch R. van der Meulen, Snits. Poststimpel Menaam 20?-10-1903. Ferstjoerd oan Gatske Schotanus, Minnertsgea, troch Antje de Jager. groet uit menaldum van je vriendin antje die vraagt haar eens spo[e]dig te &hellip; <a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=5675\">Fierder l\u00eaze <span class=\"meta-nav\">&rarr;<\/span><\/a><\/p>\n","protected":false},"author":1,"featured_media":0,"comment_status":"closed","ping_status":"closed","sticky":false,"template":"","format":"standard","meta":{"footnotes":""},"categories":[284],"tags":[424,425,426,49,427,404,428,411,412,413,414,415,416,419,420,421,422,423],"class_list":["post-5675","post","type-post","status-publish","format-standard","hentry","category-poste-restante","tag-elisabeth-de-wit","tag-roosje-pino","tag-lina-pino","tag-henk-van-der-veer","tag-aaltje-andringa","tag-jetske-wiskia-hora-adema","tag-tjebbe-de-jager","tag-amy-groskamp-ten-have","tag-gatske-schotanus","tag-christoffel-schotanus","tag-rinske-hoekstra","tag-tamme-hendrik-kremer","tag-antje-de-jager","tag-johannes-huizenga","tag-pieter-boerrigter","tag-gerritje-de-wilde","tag-wiepkjen-klaasjen-de-boer","tag-mozes-pino"],"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/5675"}],"collection":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts"}],"about":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/types\/post"}],"author":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/users\/1"}],"replies":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fcomments&post=5675"}],"version-history":[{"count":282,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/5675\/revisions"}],"predecessor-version":[{"id":14117,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/5675\/revisions\/14117"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fmedia&parent=5675"}],"wp:term":[{"taxonomy":"category","embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fcategories&post=5675"},{"taxonomy":"post_tag","embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Ftags&post=5675"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}