{"id":7061,"date":"2016-01-24T23:00:22","date_gmt":"2016-01-24T22:00:22","guid":{"rendered":"http:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=7061"},"modified":"2017-04-07T23:23:13","modified_gmt":"2017-04-07T21:23:13","slug":"mail-oan-minke","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=7061","title":{"rendered":"Mail oan Minke"},"content":{"rendered":"<p>B\u00easte Minke,<\/p>\n<p><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Emily-Dickinsons-writing-table.jpg\" alt=\"\" title=\"\" width=\"250\" height=\"400\" class=\"alignright size-full wp-image-7039\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Emily-Dickinsons-writing-table.jpg 250w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Emily-Dickinsons-writing-table-187x300.jpg 187w\" sizes=\"auto, (max-width: 250px) 100vw, 250px\" \/>Tankewol foar dyn <em>feedback<\/em>, sa\u2019tsto it neamst, op myn oersetting fan Emily Dickinson har fers <nobr>\u2018I was<\/nobr> the slightest in the House\u2019 (<a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=7004\" target=\"_blank\">F473<\/a>). Ik bin wiis mei dyn lof en triuw wat ik fabrike hie reefeardich tsjin de rasp fan dyn krityk. Dochs bliuwt de oersetting sa\u2019t er wie; ik sil besykje dy \u00fat te lizzen w\u00earom.<\/p>\n<p>It grutste part fan har libben wenne Dickinson yn har \u00e2lderlik h\u00fbs The Homestead yn Amherst, no it Emily Dickinson Museum. Ast dat kenst, fan foto\u2019s, filmkes of in besite, dan sjochst by it l\u00eazen fan F473 automatysk de dichteresse sels foar dy wylst sy l\u00east en skriuwt oan it lytse taffeltsje yn har sliepkeamer foar it r\u00fat. De \u2018mint\u2019 dy\u2019t se d\u00ear heint <nobr>\u2013 dy\u2019t<\/nobr> har ta- en ynfalt \u2013 soe dan de idee\u00ebrykdom \u00fat har lektuer of de ynspiraasje foar har gedichten w\u00eaze kinne. <nobr>Yn beide<\/nobr> gefallen is der taal mei anneks.<\/p>\n<p>Do stroffelest oer myn oersetting fan \u2018the mint\u2019 mei \u2018kaptaal\u2019. W\u00earom net gewoan oersette mei \u2018de munt\u2019, sa\u2019t <a href=\"#1\">Peter Verstegen<\/a> ek docht yn syn tsjokke Dickinson-boek dat op dyn nachtkastke leit, skriuwsto. Hy is oars net de iennichste dy\u2019t dat docht; al yn 1956 sette de D\u00fatske Dickinson-fertaalster <a href=\"#2\">Maria Mathi<\/a> \u2018the mint\u2019 oer as \u2018die M\u00fcnze\u2019. No hat \u2018mint\u2019 yndied de konnotaasje fan \u2018klinkende munt\u2019, ree jild, mar it falt net gear mei \u2018munt\u2019 yn de betsjutting fan \u2018jildstik\u2019, it Ingelske \u2018coin\u2019. En it byld fan ien jildstik dat as in jojo \u2018onophoudelijk viel\u2019, sa\u2019t Verstegen hawwe wol, is ek in bytsje frjemd, fynst net? Dan is der mear te sizzen foar de oplossing fan <a href=\"#3\">Gunhild K\u00fcbler<\/a>, dy\u2019t foar meartal \u2018M\u00fcnzen\u2019 kiest.<\/p>\n<p>Dickinson har favorite boeken wienen de Bibel en de Webster. Dat wurdboek, yn de troch har br\u00fbkte edysje fan 1844, omskriuwt \u2018<a href=\"http:\/\/edl.byu.edu\/webster\/term\/2377751\" target=\"_blank\">mint<\/a>\u2019 as de ynstelling d\u00ear\u2019t jild slein wurdt en, oerdrachtlik, as \u2018a source of abundant supply\u2019, mar net as \u2018coin\u2019 of sokssawat. Yn syn taljochting by F473 sitearret Verstegen \u00fat de Webster dy oerdrachtlike betsjutting, mar hy fielt net oan dat \u2018the mint\u2019 oersette mei \u2018de munt\u2019 net rjocht giet. Oaren beseffe dat wol. <a href=\"#4\">Louise van Santen<\/a> fynt in \u00fatwei yn de ferfanging fan <nobr>\u2018the mint\u2019<\/nobr> troch \u2018wat mij was toebedeeld\u2019. <a href=\"http:\/\/www.ansbouter.nl\/dickinson-iwastheslightestinthehouse.html\" target=\"_blank\">Ans Bouter<\/a> komt fanwegen mei \u2018Verzinsels, dromerij\u2019. <a href=\"#5\">Ivo van Strijtem<\/a> docht de oerdrachtlike betsjutting dy\u2019t de Webster jout mear rjocht troch \u2018the mint\u2019 oer te setten mei \u2018de Overvloed\u2019. Mar ek by him mankeart de konnotaasje fan ree jild dy\u2019t \u2018mint\u2019 dochs ek hat. Miskien kinsto it mei my iens w\u00eaze dat dy al stiket yn \u2018kaptaal\u2019. In aardige byfangst f\u00fbn ik dat it wurd \u2018taal\u2019 der yn oppopt, al is it inkeld audiofisueel, net etymologysk.<\/p>\n<p>Noch even, foardatst wer mei dy turf fan Verstegen \u00fbnder de tekkens kr\u00fbpst. Want dy \u2018mint\u2019 dy\u2019t opfongen wurdt <nobr>\u2013 blykber<\/nobr> yn in kuorke \u2013 is mear mei te r\u00eaden. Yn har boek <em><nobr>The passion<\/nobr> of Emily Dickinson<\/em> stelt <a href=\"#6\">Judith Farr<\/a> plan\u00fat dat it byld in all\u00fasje is op de gouden rein d\u00ear\u2019t oppergod Zeus de keningsdochter Dana\u00eb mei befruchte. <a href=\"http:\/\/bloggingdickinson.blogspot.nl\/2013\/07\/i-was-slightest-in-house-i-took_14.html\" target=\"_blank\">Susan Kornfeld<\/a> liket Farr by te fallen; sy byldet alteast it skilderij <em>Dana\u00eb<\/em> fan Gustav Klimt \u00f4f by har blog oer F473 op <em>The prowling Bee<\/em>. In \u00fbndogens skilderij, sjoch mar op ynternet: klatergoud bereint Dana\u00eb tusken har bleate billen. No binne der Dickinson-eksegeten dy\u2019t it oanwizen fan seksuele symbolyk yn gedichten fan harren Emily kategoarysk \u00f4fwize. Dat liket my in \u00fbntkenning fan de mearlagichheid fan po\u00ebzy en fan de wurking fan it \u00fbnderbewuste. Wa\u2019t \u00fbntkent (sokken binne der) dat bygelyks it skitterjende seegedicht <nobr>\u2018I started<\/nobr> Early &#8211; Took my Dog\u2019 (<a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=5209\" target=\"_blank\">F656<\/a>) as in eroatyske allegory l\u00eazen wurde kin, hat s\u00e2n yn \u2019e eagen. Sa net, by \u2018the mint\u2019 tinke oan sperma fan Zeus, is wat fiersocht. It hat gjin wjerklank yn de kontekst.<\/p>\n<p><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Biblia-pauperum.jpg\" alt=\"\" title=\"\" width=\"209\" height=\"400\" class=\"alignright size-full wp-image-7135\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Biblia-pauperum.jpg 209w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Biblia-pauperum-156x300.jpg 156w\" sizes=\"auto, (max-width: 209px) 100vw, 209px\" \/><nobr>Manna fan God,<\/nobr> dat wie myn eigen earste assosjaasje by dy \u2018mint\u2019. Sil wol in kwestje fan kom\u00f4f en oplieding w\u00eaze. Neffens Exodus 16 liet God nachts manna delkomme om it folk fan Israel mei te fieden doe\u2019t it, op weis nei it l\u00e2n fan belofte, troch de woestyn teach. \u2019Sjoch, Ik sil brea foar har reine litte \u00fat \u2019e himel wei,\u2019 sei God tsjin Mozes, neffens de Fryske Bibeloersetting fan 1978. Al s\u00fbnt de hege midsieuwen sl\u00fat de ikonografyske tradysje d\u00ear sekuer op oan. Sa bygelyks \u2013 it is mar ien \u00fat tal fan mooglike foarbylden \u2013 op in houtfyk yn de <em>Biblia pauperum<\/em>, in blokboek \u00fat likern\u00f4ch 1460\u20131470. Op dat printsje sjogge wy hoe\u2019t manna as grutte heilstiennen fan boppen komt en troch de Israeliten opheind wurdt op in skaal en fandele yn&#8230; kuorkes. It wol my oan dat de puriteinsk grutbrochte Dickinson better th\u00fas wie yn de Bibel as yn de Grykske mytology. Boppedat wurdt myn assosjaasje spegele yn de l\u00easte strofe.<\/p>\n<p>Dy l\u00easte strofe wurdt hiel ferskillend opfette en oerset. Trije foarbylden. <a href=\"#4\">Van Santen<\/a> liket it stjerren te sjen as in mienskiplike reis dy\u2019t net yndividueel en dus net \u00fbngemurken \u00f4flein wurde kin: \u2018En als het niet zo ver zou zijn \u2013 \/ en ieder die ik kende \u2013 niet ook \/ die weg zou gaan \u2013 Hoe ongemerkt \/ dacht ik \u2013 ik zo zou kunnen sterven\u2019. Wat kant <a href=\"#1\">Verstegen<\/a> op wol, sprekt d\u00fadliker \u00fat de taljochting op syn oersetting as \u00fat dy oersetting sels: \u2018En was \u2019t niet zo ver weg geweest \u2013 \/ En wie ook mij bekend \/ Ging heen \u2013 dan dacht ik vaak hoe ik \/ Kon sterven \u2013 ongenoemd\u2019. Neffens de taljochting hie Dickinson sizze wollen \u2018dat ze zich bij elk sterfgeval bewust werd van de anonimiteit die haar eigen dood zou omgeven\u2019. <a href=\"#3\">K\u00fcbler<\/a> d\u00eartsjinoer komt \u00fat op: \u2018Und w\u00e4r es nicht so weit gewesen &#45; \/ Und w\u00e4r jemand gegangen &#45; \/ Ein Freund &#45; mir war, ich h\u00e4tte da \/ Unmerklich &#45; sterben <nobr>k\u00f6nnen\u2019.<\/nobr><\/p>\n<p>Mar alle trije ynterpretaasjes lykje my diskutabel. Want w\u00ear ferwiist \u2018it\u2019 yn dy strofe nei? Lykas sa faak leit de kaai ta in oannimlike ynterpretaasje yn Dickinson har beide favorite boeken. De Webster \u00fat 1844 jout by it lemma \u2018<a href=\"http:\/\/edl.byu.edu\/webster\/term\/2238946\" target=\"_blank\">far<\/a>\u2019 (as adjektyf) in oanhaal \u00fat Matt\u00e9us 25: \u2018The kingdom of heaven is as a man traveling into a far country.\u2019 Dy nijtestamintyske man dy\u2019t nei it fiere himelske ryk reizget, hat in \u00e2ldtestamintyske foar\u00f4fskading yn de Israeliten dy\u2019t de woestyn troch moasten om it l\u00e2n fan belofte te berikken. Mei \u2018it\u2019 ferwiist Dickinson yn de l\u00easte strofe nei de himel dy\u2019t sa fier fuort is, en d\u00ear\u2019t men net fan wit oft alle dierberen en bekenden der wol hinnegean. Wie de himel net skier \u00fbnberikber en stie de frije tagong f\u00east, dan koe de ik yn it gedicht fredich, stilwei, s\u00fbnder drama stjerre.<\/p>\n<p>No earst mar lekker sliepe. Hertlike groetnis, Klaas<\/p>\n<p>&nbsp;<br \/>\n<small>\u2013 <a name=\"1\"><\/a>Emily Dickinson, <em>Verzamelde gedichten<\/em>. Vertaald en van commentaar voorzien door Peter Verstegen. Amsterdam 2011, s. <nobr>153, 549.<\/nobr><br \/>\n\u2013 <a name=\"2\"><\/a><em>Der Engel in Grau. Aus dem Leben und Werk der amerikanischen Dichterin Emily Dickinson<\/em>. Eingeleitet, ausg[e]w\u00e4hlt und \u00fcbertragen von Maria Mathi. Mannheim 1959, <\/nobr>s. 167.<\/nobr><br \/>\n\u2013 <a name=\"3\"><\/a>Emily Dickinson, <em>Samtliche Gedichte<\/em>. Zweisprachig. \u00dcbersetzt, kommentiert und mit einem Nachwort von Gunhild K\u00fcbler. M\u00fcnchen 2015, <nobr>s. 425.<\/nobr><br \/>\n\u2013 <a name=\"4\"><\/a>Emily Dickinson, <em>Gedichten<\/em>. Vertaald door en met een nawoord van Louise van Santen. Baarn 1986<sup>6<\/sup>, <nobr>s. 59.<\/nobr><br \/>\n\u2013 <a name=\"5\"><\/a><em>De mooiste van Dickinson<\/em>. Vertaald door Ivo van Strijtem. In een redactie van Koen Stassijns en Ivo van Strijtem. Ingeleid door Vik Doyen. Tielt\/Amsterdam 2002, <nobr>s. 89.<\/nobr><br \/>\n\u2013 <a name=\"6\"><\/a>Judith Farr, <em>The passion of Emily Dickinson<\/em>. Cambridge, MA \/ London 1992, <nobr>s. 52.<\/nobr><\/small><\/p>\n","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p>B\u00easte Minke, Tankewol foar dyn feedback, sa\u2019tsto it neamst, op myn oersetting fan Emily Dickinson har fers \u2018I was the slightest in the House\u2019 (F473). Ik bin wiis mei dyn lof en triuw wat ik fabrike hie reefeardich tsjin de &hellip; <a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=7061\">Fierder l\u00eaze <span class=\"meta-nav\">&rarr;<\/span><\/a><\/p>\n","protected":false},"author":1,"featured_media":0,"comment_status":"closed","ping_status":"closed","sticky":false,"template":"","format":"standard","meta":{"footnotes":""},"categories":[445],"tags":[439,440,441,442,443,444,31,437,438],"class_list":["post-7061","post","type-post","status-publish","format-standard","hentry","category-flessepost","tag-ivo-van-strijtem","tag-louise-van-santen","tag-susan-kornfeld","tag-judith-farr","tag-maria-mathi","tag-gustav-klimt","tag-emily-dickinson","tag-peter-verstegen","tag-gunhild-kubler"],"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/7061","targetHints":{"allow":["GET"]}}],"collection":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts"}],"about":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/types\/post"}],"author":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/users\/1"}],"replies":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fcomments&post=7061"}],"version-history":[{"count":414,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/7061\/revisions"}],"predecessor-version":[{"id":16465,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/7061\/revisions\/16465"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fmedia&parent=7061"}],"wp:term":[{"taxonomy":"category","embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fcategories&post=7061"},{"taxonomy":"post_tag","embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Ftags&post=7061"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}