{"id":915,"date":"2013-05-03T02:00:17","date_gmt":"2013-05-03T00:00:17","guid":{"rendered":"http:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=915"},"modified":"2019-08-02T11:45:39","modified_gmt":"2019-08-02T09:45:39","slug":"presintaasje-fan-stofsugersjongers","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=915","title":{"rendered":"Presintaasje fan <em>Stofs\u00fbgersjongers<\/em>"},"content":{"rendered":"<p><strong><em>Amsterdam, 2 maaie 2013<\/em> \u2013 In santich minsken wienen oanw\u00eazich by de presintaasje fan it boek-mei-cd <em>Stofs\u00fbgersjongers<\/em> yn Perdu yn Amsterdam. It twatalige boek befettet gedichten fan Tsead Bruinja mei yllustraasjes fan Mirka Farabegoli, op de cd stiet muzyk \u00fatfierd troch sopraansaksofoniste Femke IJlstra. Dit trijetal en seis gasten brochten in ynh\u00e2ldlik hecht programma mei po\u00ebzy, muzyk en byld.<\/strong><\/p>\n<p><a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Stofsugersjongers.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" class=\"alignright size-medium wp-image-916\" title=\"Stofs\u00fbgersjongers\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Stofsugersjongers-246x300.jpg\" alt=\"\" width=\"246\" height=\"300\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Stofsugersjongers-246x300.jpg 246w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Stofsugersjongers.jpg 697w\" sizes=\"(max-width: 246px) 100vw, 246px\" \/><\/a><em>Stofs\u00fbgersjongers<\/em> is it risseltaat fan in \u00fatnoeging fan IJlstra oan Bruinja, beide om utens, om gear te wurkjen yn in projekt oer fuortgean \u00fat it fertroude en aardzje moatte yn it nije. Geandewei it projekt foege Farabegoli oan de teksten fan Bruinja alve yllustraasjes ta. Har h\u00e2nkleurde etsen binne full colour yn it boek \u00f4fprinte. It boek hat in \u00fatbundige lay-out en typografy, d\u00ear\u2019t Monique Vogelsang foar tekene.<\/p>\n<p>Alle komponinten fan <em>Stofs\u00fbgersjongers<\/em> kamen fan \u2019e j\u00fbn yn Perdu oan de Kloveniersburgwal oan bod. Bruinja droech gedichten foar yn it Holl\u00e2nsk en it Frysk, IJlstra spile trije solo\u2019s en begelate Bruinja by de foardracht fan de syklus \u2018Wolk bou bast\u2019, etsen fan Farabegoli stienen te pronk op in skildersesel op it poadium en op in skerm waarden siden \u00fat it boek projektearre. Boppedat fersoargen seis kollega-dichters gastoptredens.<\/p>\n<p>Harren bydragen joegen struktuer oan it programma. Elk lies ien gedicht \u00fat <em>Stofs\u00fbgersjongers<\/em> en trije eigen gedichten, w\u00earfan\u2019t op syn minst ien tematysk oansleat by it \u00fat <em>Stofs\u00fbgersjongers<\/em> keazen gedicht. Sa spegele \u00e2ld-skoalgenoat Nyk de Vries yn ien fan syn droechkomyske ultrakoarte ferhalen, ek oantsjut as proazagedichten, de benearjende sfear fan de tachtiger jierren \u00fat it fers \u2018Wurkleas\u2019 fan Bruinja; beide hienen in heit dy\u2019t doe s\u00fbnder wurk siet.<\/p>\n<p>Ien fan de eigen gedichten dy\u2019t Saskia Stehouwer foarlies, wie sels skreaun as reaksje op in gedicht fan Bruinja. Syn fers \u2018B\u00ead\u2019 giet oer in ik en in do mei in ferskillend (talich) ferline en in dield (talich) heden. Stehouwer is dy do; se is mei Bruinja troud (dy\u2019t graach even kwyt woe dat er grutsk is op har noch prille skriuwerskip: \u2018Ze schrijft fokking goeie gedichten\u2019). Ymplisyt kommentaar joech Stehouwer \u2013 net Frysktalich \u2013 troch \u2018B\u00ead\u2019 foar te dragen yn it Frysk.<\/p>\n<p>Mowaffk Al-Sawad, troch Bruinja \u2018my brother from another mother\u2019 neamd, brocht syn favoryt \u00fat <em>Stofs\u00fbgersjongers<\/em> nammers yn it Arabysk. De oare foardragers \u2013 Esther Naomi Perquin, Saskia de Jong en Robert Anker \u2013 holden it by Holl\u00e2nsktalige ferzjes. Anker (67), godfather fan de tritigers en begjin-fjirtigers dy\u2019t op it poadium stien hienen, bewiisde mei syn gedicht \u2018Waarom niet Birgitte Nyborg?\u2019 werris dat er hielendal by de tiid is.<\/p>\n","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p>Amsterdam, 2 maaie 2013 \u2013 In santich minsken wienen oanw\u00eazich by de presintaasje fan it boek-mei-cd Stofs\u00fbgersjongers yn Perdu yn Amsterdam. It twatalige boek befettet gedichten fan Tsead Bruinja mei yllustraasjes fan Mirka Farabegoli, op de cd stiet muzyk \u00fatfierd &hellip; <a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=915\">Fierder l\u00eaze <span class=\"meta-nav\">&rarr;<\/span><\/a><\/p>\n","protected":false},"author":1,"featured_media":0,"comment_status":"closed","ping_status":"closed","sticky":false,"template":"","format":"standard","meta":{"footnotes":""},"categories":[3],"tags":[106,107,108,109,110,89,101,102,104,105],"class_list":["post-915","post","type-post","status-publish","format-standard","hentry","category-berjochten","tag-mowaffk-al-sawad","tag-nyk-de-vries","tag-robert-anker","tag-saskia-de-jong","tag-saskia-stehouwer","tag-tsead-bruinja","tag-esther-naomi-perquin","tag-femke-ijlstra","tag-mirka-farabegoli","tag-monique-vogelsang"],"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/915"}],"collection":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts"}],"about":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/types\/post"}],"author":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/users\/1"}],"replies":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fcomments&post=915"}],"version-history":[{"count":25,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/915\/revisions"}],"predecessor-version":[{"id":12819,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/915\/revisions\/12819"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fmedia&parent=915"}],"wp:term":[{"taxonomy":"category","embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fcategories&post=915"},{"taxonomy":"post_tag","embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Ftags&post=915"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}