Utjouwerij

Ferskynd by útjouwerij Konsenylje:

Emily Dickinson

Smel is it Strân fan ’t Hert

Oardel hûndert fersen
oerset troch
Klaas van der Hoek

twatalich, 21,5 × 12,5 sm,
240 siden, naaid brosjearre

priis € 22,00
ferstjoerskosten € 3,50

te bestellen troch te mailen nei
klaas.vanderhoek [a] ziggo.nl


Albertina Soepboer oer dit boek yn de Leeuwarder Courant, 8 jannewaarje 2025:

 
Michel Dijkstra oer dit boek yn Ensafh 17, nû. 3 (juny 2025), s. 55–58:

Guon auteurs lizze de latte sa heech, dat men hast alles fan harren sitearje kin. Lykas Emily Dickinson (1830–1886). Dizze like mysterieuze as legindaryske Amerikaanske dichteres skreau nachts in ymposant oeuvre byinoar fan tûzenen gedichten, mar publisearre der by har libben in stik as sân. ‘Utferkeap fan de geast’, sa neamde se de driuw om literêre kreaasjes de wrâld yn te stjoeren. Yn ús tiid, dêr’t (digitale) sichtberens alles liket te wêzen, is Dickinsons ried hast net mear op te folgjen. Der sit dan ek neat oars op as der noch in skepke boppe-op te dwaan en har postume sichtberens te fergrutsjen: in taak dy’t Klaas van der Hoek mei syn treflike oersettingen serieus nommen hat. […]
      Wat my oanbelanget kinst de wurden ‘It sit rom’ as in motto boppe de hiele oersetting skriuwe, want de troch Van der Hoek firtuoas bespile oerienkomsten tusken Frysk en Ingelsk jouwe romte foar kreativiteit. Krekt yn dizze romte skûlet de mooglikheid om in gedicht yn de iene taal op ’e nij te kreëarjen yn de oare: faaks de heechste opjefte fan de oersetter. Hoe sterk oft Van der Hoek syn paad op dit mêd skjinmakket, wurdt dúdlik út it lêste Dickinson-gedicht dat ik sitearje, earst yn it Ingelsk en dan yn it Frysk. Hjir slagget de oersetter deryn om yn de ien-nei-lêste sin mar leafst trije ‘s’-klanken te ferwurkjen en it gedicht der sels mei einigje te litten. Op dy wize flústeret de Fryske Emily Dickinson harsels rjochting de ivichheid. […]