Poste restante XLIV

‘Oranje-Bierhuis LEEUWARDEN.’ (m.û.), 1909. Ljochtdruk, 89×138 mm. Utjûn troch Anne Roukema, Ljouwert. Foto: De Jong, Ljouwert. Poststimpels Ljouwert 01-08-1909 en Apeldoarn 02-08-1909. Ferstjoerd oan Jentje Boltje, Apeldoarn, troch ‘Hoving’.

B. Vr [= Beste Vriend]
Goed gearriveerd. Vertrek hedenavond naar Sneek
Beste mokkels. ’t Bier uitstekend
Gegroet van Hoving

‘Beste mokkels’, stiet dat der echt? Of lês ik it ferkeard en hat Hoving in lekker pantsje ‘mossels’ iten? Moksels wienen yn it Oranje-Bierhûs ommers wol te krijen. Mar nee, Hoving skreau echt ‘mokkels’. Dy sil er yn dat Ljouwerter kafee wol net troffen hawwe; de kliïntêle wie folslein manlik, as de byldside fan dizze kaart teminsten de werklikheid werjout. Hie Hoving op wei nei de kroech earst in oarsoarte hûs fan plezier oandien?

Mokkel, in nijsgjirrich wurd. De oersetter en redakteur Theo Veenhof skreau yn 1999 in artikel oer it Hollânske mokkel yn it tydskrift Onze Taal. Nêst de betsjutting ‘een dik, mollig kind of meisje, ook eene dikke vrouw’, jûn yn it Woordenboek der Nederlandsche Taal (diel IX, 1913), hat mokkel ek de tsjintwurdich gongberder betsjutting ‘meisje’, murk Veenhof op. En yn it Bargoensk stiet mokkel foar sawol ‘vriendin, geliefde’ as ‘hoer’. It wurd is besibbe oan mokke, dat ‘zeug’ en fan dêrút ‘morsig wijf’ of ‘hoer’ betsjut (nêst ‘klein, rond koekje’) en al út midsiuwske boarnen bekend is. Oan de besteande etymo­logyske ynsichten foege Veenhof noch in eigen suggestje ta: mokkel soe neffens him ûntliend wêze kinne oan it Spaanske moçuela, ‘famke’.

Yn it Frysk bestiet mokkel ek. It Wurdboek fan de Fryske taal jout de âldere betsjutting fan ‘stevige of lekkere meid’, net de algemienere fan ‘meisje’, ferwiist dêrby nei Waling Dykstra syn Friesch woordenboek (diel II, 1903) en jout sels as ierste fynplak in sitaat út in ferhaal fan Douwe Kiestra út 1934. Dêrnêst hat it WFT it wurd moggel – ‘dik, mollig kind’ en ‘dikke vrouw’ – dat al fûn wurdt by Joast Hiddes Halbertsma. Yn de nei-oarlochske Fryske skriuwerij dûkt mokkel geregeldwei op, meast yn de betsjutting fan stevich of lekker fanke. Sels de trochstrings sa eptich skriuwende Douwe Kalma of all people hat ris mokkel brûkt, yn in oersetting fan in komeedzje fan Shakespeare. Dy oersetting ferskynde yn 1956, nei de dea fan Kalma. Yn in besprek yn de Fryske edysje fan Het Vrije Volk (bondele yn It kritysk kerwei, 1990) utere Anne Wadman syn reserves by

de frijmoedichheden dy’t Kalma soms oandoar op it stik fan al te âldmoadrich ôf al te nijerwetsk taalgebrûk. Dat er praat fan “permanintsjen” (hier yn ’e krol setten), mei as grapke noch hinnebruie. Mar past it grouwélige wurd “mokkel” (Amsterdams bargoens) yn de Fryske fertaling fan in 17de-ieuske tekst?

Leeuwarder Courant, 27-03-1905

Ja, dat kin passe, tink ik. Mar goed, werom nei it selskip yn it Oranje-Bier­huis. De klanten, trettjin yn totaal, binne allegearre jonge­hearkes mei in hoed of pet op ’e holle, en de njoggen dy’t sitte hawwe spylkaarten yn ’e hân. ‘Dankzij nauwgezet speurwerk van een bevriende relatie en tijdgenoot van de afgebeelde personen’ koe H.W. Keikes yn de Leeu­war­der Courant fan 10 febrewaarje 1962 de nammen fan frijwol alle jongehearkes jaan. Op de tafels glêzen bier, stik foar stik kreas op in pantsje. Op in boerd links achter en op in buordsje hielendal rjochts wurdt Dortmunder Actien-Bier oanbefelle. De buordsjes dêrûnder meitsje dúdlik dat der garnalen, moksels en marinearre hjerrings binne foar wa’t roppich is. Midden achter hinget in affysje fan de noch altyd besteande fuotbalferiening L.A.C. Frisia (de ôfkoarting stiet foar ‘Leeuwarder Athletische Club’). Links dêrfan kundiget in oanplakbiljet in optreden oan fan it humoristyske selskip Solser & Hesse op snein 7 febrewaarje 1909 yn de Harmonie. En op de ynliste foto boppe de bar is in ballonfeart ferivige.

Leeuwarder Courant, 16-06-1905

Nêst kliïntêle stiet der op de ansicht betsjinjend personiel: midden achter in man sûnder hoed of pet en in frou, dy’t beide in blêd mei glêzen bier drage, en rjochts achter de bar in âldere frou mei floddermûtse. De man is útbater Anne Roukema (1859–1934), ôfkomstich fan De Lemmer, dy’t skroar west hie foardat er kastlein en loazjeminthâlder waard yn Ychten. Yn 1887 wie er troud mei de Lemster winkelfrou Geertje de With (1851–1923), widdo fan Hendrik Timmerman, dy’t twa jier earder op âldjiersdei ferstoarn wie yn it Frjentsjerter kranksinnigegesticht. Yn 1905 dienen Anne en Geartsje harren loazjemint yn Ychten fan de hân en ferfearen se nei Ljouwert om dêr it Oranje-Bierhuis, nêst it eardere stedhûs oan it Riedhûsplein, oer te nimmen. Nei in ferbouwing waard it kafee op 1 april opnij iepene. Tsien jier letter, yn maaie 1915, dienen Anne en Geartsje de saak oer oan de Amsterdammer Wilhelmus Antonius Kalse.

Geartsje is de frou mei de floddermûtse. De jongere frou op de ansicht is sûnder mis Margje Tolman (1879–1947). Ofkomstich fan Eastersee liet sy har yn 1905 yn Ljouwert ynskriuwe as tsjinstfaam, wat letter feroare waard yn buffetjuffrou, by it echtpear Roukema. Margje, ropnamme Martha, wenne by de Roukema’s yn it ‘Raadhuistraatje’, letter omdoopt yn Auckema­strjitsje, op nûmer 2. Dat wie en is it adres fan it Oranje-Bierhuis; de húshâlding wenne mei oare wurden boppe de saak. Letter setten de Roukema’s harren nei wenjen yn de Willem Loadewykstrjitte 55, en Margje ferhuze mei.

Ansicht, ±1905–1908

In twadde ansicht­kaart bringt dizze minsken better yn byld. Sûnder klanten derby poseare se trijeresom tusken toanbank en buffetkast, mei Geartsje oan de taap. It buordsje rjochts makket dúdlik dat der yn it Oranje-Bierhuis ek Fosco, in populêre sûkeladedrank, te krijen wie. In dronken hân hat op de achterkant fan myn eksimplaar fan dizze ansicht de datearring 16 septimber 1908 skreaun. Der besteane fan Anne, Geartsje en Margje mear portretten: Fenno Schoustra printe yn syn advertinsjeblêd ’t Kleine Krantsje op 8 febrewaarje 1975 en 24 maart 1978 trije foto’s fan harren ôf út likernôch 1900–1920. Unbekend is wêr’t dy foto’s bedarre binne.

Oernommen út ’t Kleine Krantsje,
nû. 310, 24-03-1978

Roukema wie kroech­baas wurden fan it âldste noch besteande kafee fan Ljouwert. It romrofte Oranje-Bierhuis is ryk oan histoarje. De namme – yn earder tiid Oranje Koffijhuis – soe ynjûn wêze troch de nabyens fan it steedhâlderlik hof. Yn it jier dat Roukema de ansicht boppe-oan dit blog útjoech, ferskynde der yn de Friesche Courant in rige artikels oer de practical jokes dy’t stam­gasten fan it Oranje-Bierhuis om 1890 hinne úthelle hienen mei de gernier Lodewijk Rodenhuis (1824–1907) as slachtoffer. Sa hie Rodenhuis de eare hân om de romrofte Frânske generaal Boulanger te ûntfangen yn syn wente yn de Grutte Heechstrjitte. It sil by dy gelegenheid west hawwe dat Rodenhuis syn bynamme Rouge-Maison krige. Ek hie de ferneamde ûntdekkingsreizger Stanley – dy fan ‘Dr. Livingstone, I presume?’ – him in besite brocht. De stamgasten hienen fan harren fiten hiele teäterstikjes makke, en de goedleauwige Rodenhuis wie der hieltyd wer mei iepen eagen ynrûn.

Jierren letter, yn 1936, waarden de artikeltsjes bondele yn it boekje Rouge-Maison in het Oranje Bierhuis, in útjefte fan de Coöperatieve Handelsdrukkerij. It boekje is fermeardere mei oantinkens oan Rodenhuis en syn frou troch in âld-kommensaal fan harren. Hy bringt syn eardere hospes en hospita ta libben, foaral troch se sjeuïch Liwwadders sprekkend op te fieren. Sels bliuwt de skriuwer lykwols anonym. De katalogus fan Tresoar set it boekje op namme fan in J. van der Werf, mar op grûn wêrfan is in riedsel. Rouge-Maison in het Oranje Bierhuis hat oars ferskate kronikeurs fan de Ljouwerter histoarje stof jûn foar krantestikjes en artikels. It meast ynformatyf is wol de bydrage ‘Myn koekeltsje’ fan Leendert Plaisier yn Leovardia, nû. 23 (maaie 2007).

It Oranje-Bierhuis doe’t Ype Schaaf kroechbaas wie,
ansicht, ±1917–1930

Oars as ôfstjoerder Hoving sil de ûntfanger fan de ansicht boppe-oan dit blog wol net mear de measte ynteresse hân hawwe yn los­rinnende ‘mokkels’. Jentje Boltje, gemeente-opsichter yn Apeldoarn, hie doe grif al fêste ferkearing mei de faam mei wa’t er in jier letter troude: Pietje Kerkstra. Jentsje wie yn 1881 berne yn Nijehaske, Pytsje yn 1888 yn Tsjalbert. Se ferstoaren yn respekti­ve­lik 1967 en 1976 en lizze begroeven yn Aldehaske.

En wa wie Hoving? Ik wit it net. De swankebast is achter bierdampen en tabakswalmen ferdwûn.

Dit berjocht is delset yn Poste restante en tagd , , , , , . Bookmark de permalink.