Yn Hellbrunn
De blauwe kleirop fan de jûn wer folgjend
Lâns de heuvel, by de maitiidsfiver –
As sweefden dêr de skimen fan lang ferstoarnen oer,
De skimen fan prelaten, aadlike dames –
No al bloeie yn it jûnsdal harren blommen,
De treftige fioeltsjes, rûzet fan de blauwe welle
De kristallen weach. Sa geastlik grienje
De iken oer de ferjitten paden fan de deaden,
De gouden wolk boppe de fiver.
In Hellbrunn
Wieder folgend der blauen Klage des Abends
Am Hügel hin, am Frühlingsweiher –
Als schwebten darüber die Schatten lange Verstorbener,
Die Schatten der Kirchenfürsten, edler Frauen –
Schon blühen ihre Blumen, die ernsten Veilchen
Im Abendgrund, rauscht des blauen Quells
Kristallne Woge. So geistlich ergrünen
Die Eichen über den vergessenen Pfaden der Toten,
Die goldene Wolke über dem Weiher.
Ut it tydskrift Der Brenner, 1914/1915. Hellbrunn is in slot mei park even bûten Salzburg, de stêd dêr’t Trakl hikke en tein is. In prins-aartsbiskop, Marcus Sittikus von Hohenems, hat Hellbrunn bouwe en oanlizze litten. Yn it park binne fivers en fonteinen.