It poesyalbum fan Tytsje van Huizen

Yn poesyalbums soe men in soad oarspronk­likens ferwachtsje, dy’t daalk de ûnferfangbere persoanlikheid fan de kontribuant opropt. Orizjinaliteit stipet ommers de funksje fan it poesyalbum as samling memento’s. Mar nee, de ferskes binne ornaris oerskreaun en mei massa­produksje­plaatsjes opgnist. Kontribu­an­ten dy’t sels in ferske of tekening meitsje, binne seldsum. It sjenre poesyalbum wurdt mei karakterisearre troch wat ûntbrekt: eigenheid.

Dat jildt oars minder foar de ierste poesyalbums, dy’t noch ticht by it foargeande sjenre, it album amicorum, steane. En ek yn net-Nederlânske poesyalbums, benammen Ingelske en Frânske, libben kontri­buanten harren graach kreatyf út. Mar poesyalbums fan faderlânske boaiem folgje meast it fêste stramyn fan oerskreaun ferske plus eventueel ien of mear byplakte plaatsjes. Populêre boarnen foar de ferskes binne de dûmny-dichters út de njoggentjinde iuw en bondeltsjes mei foarbyldferskes foar ferskate tapassings en gelegen­heden. En fanselssprekkend kopieare kontribuanten foaral út de twadde, tredde of safolste hân – út oare poesyalbums dus.

It meast autentyk yn in poesyalbum liket noch it hânskrift fan de kontribuant te wêzen, mar sels dat is soms fan immen oars. In mem, echtgenoate of oar famyljelid is dan ‘ghost writer’ foar immen dy’t blykber net by steat is (te jong, ûnbelettere of handicapt), gjin kâns sjocht (te drokbeset) of gjin nocht hat om eigenhandich wat yn it album te skriuwen. Wy kamen dêr al eksimpels fan tsjin yn de poesyalbums fan Idskia Postma en Minke de Jong, en it hjir besprutsen album hat der wol fjouwer (nû. 2, 7, 9 en 10).

Fan en ta ferget it oerskriuwen fan ien of oar rymke dochs wat eigen kreativiteit. Sa moast it rymke (nû. 1) op it skutblêd foaryn it hjir beskreaune album oanpast wurde oan in spesifike omstannichheid:

t Is weinig van waarde,
Hetgeen wij uw biên.
Pluk roozen op aarde,
En vergeet ons niet.

Oarspronklik wie de twadde rigel ‘Hetgeen ik u bied’ (ferlykje nû. 12), mar omdat it ferske hjir de bydrage foarmet fan twa minsken, moast it inkeldtal meartal wurde, wêrtroch’t it rym no net mear fol mar heal is.

Net elk foarbyldferske wie ien op ien geskikt foar yn in poesyalbum. Yngripender is dan ek de bewurking (nû. 7) fan wat ea bedoeld wie as in nijjiersgedicht foar in omke en tante. Dat waard foar it earst publisearre yn de bondel Verjaringsversjes en nieuwjaars­gedichtjes út 1889 fan F.H. van Leent:

Op het Nieuwe Jaar.
Aan mijn waarden Oom en Tante.

Veel geluk en heil en zegen,
Milde voorspoed op uw wegen,
    Blijdschap in uw huisgezin;
Ja, zoo ruischen thans mijn beden
Op den blijden dag van heden
    Oom en Tante, die ik min.

Wat ik hier heb neergeschreven
Moog de lieve God U geven
    Menig, menig Nieuwe jaar;
Elke nieuwe schoone morgen
Brenge u voorspoed zonder zorgen,
    En gezondheid met elkaar.

Om gaadlik te wêzen foar opname yn in poesyalbum moasten sawol dat nije jier as dy omke en tante mei harren ‘huisgezin’ der fansels út. Dat de bewurker skraste de titel, de ûndertitel en seis rigels, en koarte ‘Menig, menig Nieuwe jaar’ yn ta ‘Menig menig jaar’. Yn de beide lêste rigels giet it mis: de (oars ûnnedige) wiziging fan ‘voorspoed’ yn ‘geluk’ knoeit it metrum en de slotrigel is ûnbegryplik wurden:

Veel geluk en heil en zegen
Milde voorspoed op uw wegen
Menig menig jaar
Elke nieuwe schoone morgen
Brenge u geluk zonder zorgen
En gezondheid met album maar

Hat de kontribuant gjin oanstriid en fabrykje sels in ferske, dan kin er noch wol eigenheid toane yn de kar fan it te kopiearjen ferske of fan de taal. Sa binne twa rymkes yn dit Jelsumer poesyalbum net yn de taal fan de ynstitúsjes, mar yn de taal fan thús en it doarp. It earste (nû. 4) giet sa:

in Blomkje en ’n toekje
Lis ik jir in dit boekje
En foegje der nog bij
Libje gelokkig en blij

En it twadde (nû. 11), mei de oanhef ‘Lijtse Bûrfeam’:

Hoewol ik gjin dichter bin,
En gjin mooie versen meitsje kin,
Wol ik dos myn bêst hjir dwaen,
En dy mijn beste winsken jean

It binne mar koarte en bryk stavere ferskes, mar de beide kontribuanten fertsjinje likegoed lof foar it brûken fan it Frysk. Grif wie dat ek de memmetaal fan de eigneresse fan it album. Tytsje – offisjeel Tietje – van Huizen waard berne yn Jelsum op 15 maaie 1907 as dochter fan de mitselder Rinse van Huizen en Baukje Prosee. Yn 1931 troude Tytsje mei Klaas Hendrik Zijlstra (1905–1993), dy’t bedriuwslieder wie fan de pleats Het Stepelerveld yn Haaksbergen. De eigner fan Het Stepelerveld, de Twintske tekstylfabrikant H.J.E. van Heek, liet foar Klaas en Tytsje yn datselde jier in tsjinstwente by de pleats sette. Zijlstra bleau bedriuwslieder oan 1965 ta; dêrnei ferhuzen hy en Tytsje nei Boekelo. Tytsje ferstoar op 10 desimber 1999.

De bydragen oan it poesyalbum fan Tytsje van Huizen binne fan:

1. Rinse van Huizen en Baukje Prosee, Jelsum, 07-01-1916. Tytsje har âlden. Gedicht, 4 rigels, earste rigel ‘t Is weinig van waarde’.1 Skreaun troch Rinse.

Rinse berne Jelsum 29-02-1884, ferstoarn Jelsum 12-02-1955, soan fan Cornelis van Huizen (1854–1934) en Jantje van der Meer (1854–1936), troud Ljouwerteradiel 03-11-1906 mei Baukje Prosee (1885–1964).

Baukje berne Britsum 10-10-1885, ferstoarn Ljouwert 27-02-1964, dochter fan Geert Prosee (ek Procee en Procé, 1852–1947), en Tietje Kroodsma (1851–1928), troud Ljouwerteradiel 03-11-1906 mei Rinse van Huizen (1884–1955).

2. Cornelis Rinse van Huizen (1908–1999), Jelsum, 07-01-1916. Tytsje har broer. Gedicht, 6 rigels, earste rigel ‘Weinig letteren heb ik noodig’.2 Skreaun troch syn heit Rinse (nû. 1).

Berne Jelsum 04-07-1908, ferstoarn Ljouwert 08-03-1999, soan fan Rinse van Huizen (1884–1955, nû. 1) en Baukje Prosee (1885–1964, nû. 1), troud 1. Ljouwer­teradiel 15-08-1934 mei Riemkje Bijlsma (1909–1937), troud 2. Ljouwert 24-06-1940 mei Pietje bij de Leij (1915–2007).

3. Tjitske Hoekstra, Jelsum, 01-01-1916. Gedicht, 6 rigels, earste rigel ‘Wanneer gij eens in latere jaren’.3

Berne Jelsum 23-10-1905, ferstoarn 28-07-1991, dochter fan Reinder Hoekstra (1870–1956, nû. 4) en Maria Mintje Beetstra (1870–1952, nû. 4), troud Ljouwerteradiel 04-07-1931 mei Auke de Vries (1905–1988).

4. Reinder Hoekstra en Maria Mintje Beetstra, Jelsum, 01-01-1916. Gedicht, 4 rigels, earste rigel ‘in Blomkje en ’n toekje’.4

Reinder berne Wurdum 23-10-1870, ferstoarn Ljouwert 01-03-1956, soan fan Sytze Hoekstra en Baukje Hoekstra, troud Ljouwerteradiel 30-05-1896 mei Maria Mintje Beetstra (1870–1952).

Maria Mintje berne Poppenwier 13-03-1870, ferstoarn Ljouwert 14-07-1952, dochter fan Jan Beetstra (1821–1883) en Tjitske Heeringa (1830–1904), troud Ljouwerteradiel 30-05-1896 mei Reinder Hoekstra (1870–1956).

5. Klaasje Bruining, Jelsum, 02-01-[1916]. Gedicht, 8 rigels, earste rigel ‘Vroolijk opgeruimd en blij’.

Berne Jelsum 19-02-1870, ferstoarn Jelsum 24-01-1949, dochter fan Pier Bruining (1837–1912) en Sytske Boekholt (1843–1911), troud Baarderadiel 08-04-1893 mei Klaas Rodenhuis (1872–1911).

6. ‘Aaltje’ = wierskynlik Aaltje van der Heide, Jelsum, 02-01-[1916]. Gedicht, 4 rigels, earste rigel ‘Ik lag in mijn tuintje en sliep’.

Berne Eastermar 29-10-1894, ferstoarn Jelsum 24-07-1958, dochter fan Wyger van der Heide (1865–1955) en Sjoukje Hoeksma (1868–1963), troud Ljouwerteradiel 18-09-1915 mei Jetse Rodenhuis (1893–1985), soan fan Klaas Rodenhuis (1872–1911) en Klaasje Bruining (1870–1949, nû. 5).

7. Sytske Rodenhuis, Jelsum, 02-01-[1916]. Gedicht, 6 rigels, earste rigel ‘Veel geluk en heil en zegen’, bewurking fan ‘Op het Nieuwe jaar’ fan Frederikus Hendrikus van Leent (1830–1912).5 Skreaun troch har mem Klaasje Bruining (nû. 5).

Berne Dronryp 19-11-1894, ferstoarn Frjentsjer 26-11-1949, dochter fan Klaas Rodenhuis (1872–1911) en Klaasje Bruining (1870–1949, nû. 5), net troud.

8. Jan Rijpstra, sûnder plak, 29-12-1916. Gedicht, 8 rigels, earste rigel ‘Dit broos verganklijk album blad’.6

Berne Rinsumageast 10-04-1895, ferstoarn Oentsjerk 13-04-1982, soan fan Marten Rijpstra (1864–1927) en Aukje Warringa (1864–1941), troud Ljouwerteradiel 26-05-1917 mei Ettje Wijnsma (1895–1988).

9. Ytje Rijpstra, Jelsum, sûnder datum. Gedicht, 4 rigels, earste rigel ‘Kniel voor het kruis, Geloof in Cristus!’. Skreaun troch har broer Jan Rijpstra (nû. 8).

Berne Rinsumageast 20-09-1900, ferstoarn Ljouwert 01-11-1930, dochter fan Marten Rijpstra (1864–1927) en Aukje Warringa (1864–1941), troud Ljouwerteradiel 10-05-1922 mei Rinze Mulder (1900–1955).

10. Fredrik Stienstra en Meindertje de Vries, sûnder plak en datum. Gedicht, 4 rigels, earste rigel ‘Wees gelijk het nederig viooltje’. Skreaun troch harren soan Johannes Stienstra (nû. 11).

Fredrik berne Jelsum 03-05-1862, ferstoarn Ljouwert 05-07-1926, soan fan Sjoerd Stienstra (1814–1891) en Yttje Korf (1820–1884), troud Ljouwerteradiel 16-05-1885 mei Meindertje de Vries.

Meindertje berne Wurdum 04-04-1864, ferstoarn Jelsum 08-05-1917, dochter fan Johannes de Vries (1834–1919) en Romkje Minnema (1830–1910), troud Ljouwerteradiel 16-05-1885 mei Fredrik Stienstra (1862–1926).

11. Johannes Stienstra (1892–1965), sûnder plak en datum. Gedicht, 4 rigels, earste rigel ‘Hoewol ik gjin dichter bin’.

Berne Jelsum 21-12-1892, ferstoarn Drachten 26-06-1965, soan fan Fredrik Stienstra (1862–1926, nû. 10) en Meindertje de Vries (1864–1917, nû. 10), troud Ljouwerteradiel 20-05-1920 mei Trijntje Douma (1891–1966).

12. Grietje Terpstra, Jelsum, 10-06-1923. Gedicht, 9 rigels, earste rigel ‘Van de vele schoone bloemen’, en in gedicht, 4 rigels, ‘’t Is weinig van waarde / Hetgeen ik U bied, / Pluk rozen op aarde / En Vergeet mij niet!’’.7

Berne Jelsum 15-10-1905, ferstoarn Ljouwert 26-11-1987, dochter fan Harmen Terpstra (1868–1906) en Fokeltje Douma (1871–1956), net troud.

13. Wiegertje van der Meer, Jelsum, 14-06-[1923?]. Gedicht, 8 rigels, earste rigel ‘Mijn naam vind ge op dit blad geschreven’.

Berne Hallum 16-01-1906, ferstoarn nei 1978, dochter fan Sijtze van der Meer (1875–1943) en Berber van der Wal (1881–1958), troud Ljouwerteradiel 18-05-1929 mei Marten van der Wal (1900–nei 1978).

14. T.P. Dijkstra, Jelsum, 18-09-1928. Gedicht 8 rigels, earste rigel ‘Als u de toekom[s]t tegenlacht’.

Net identifisearre.

Noaten

  1. Aldste my bekende fynplak: in bydrage fan 06-02-1914 yn it poesyalbum fan Minke de Jong. Ek yn M.L. van Albada, Poësie. Zes generaties albumversjes, Midlaren 1984, s. 66–67, yn bydragen fan 1855 ôf.
  2. Aldste my bekende fynplak: in bydrage fan 26-02-1894 yn it poesyalbum fan Saakje Obma (Admiraliteitshûs, Dokkum). Ek yn Van Albada 1984, s. 64, yn bydragen fan 1900 ôf.
  3. Aldste my bekende fynplak: in bydrage fan 01-03-1914 yn it poesyalbum fan Minke de Jong, mei grutte farianten.
  4. Ek yn E.S. de Jong (gearst.), Foar fleurige famkes! Fryske albumferskes, [Wolvegea 1946].
  5. F.H. van Leent, Verjaringsversjes en nieuwjaarsgedichtjes, voor het jonge Nederland, Tiel [1889]; minstens trije kear werprinte.
  6. Aldste my bekende fynplak: in bydrage út 1908 yn it poesyalbum fan Petronella Andringa (Tresoar, Ljouwert).
  7. Aldste my bekende fynplak: in bydrage fan 06-02-1914 yn it poesyalbum fan Minke de Jong. Ek yn Van Albada 1984, s. 66–67, yn bydragen fan 1855 ôf.

Dit berjocht is delset yn Freoneboekjes en tagd , , , , , , , , , , , , , , , , , . Bookmark de permalink.