It album amicorum fan Aletta Knoops

Doe’t dûmny François Haverschmidt – de dichter Piet Paaltjens – lykme-allinne yn syn pastorij yn Foudgum siet, kaam yn 1859 syn dierbere suster Sytske, widdo wurden, mei har soantsje by him ynwenjen. It makke syn iensume bestean yn de bytiden wrede Dongeradielen draachliker. Ein 1862 ferfearen François, Sytske en har soantsje nei De Helder. Noch gjin jier letter soenen broer en sus beide (opnij) trouwe, mar foar gjin fan beide wie in protte lok weilein. Sytske ferstoar yn 1866 nei in miskream oan de goalera. François litte in libben lang oan depresjes en die himsels yn 1891 te koart.

François en Sytske wienen fan oarsprong Ljouwerters. It moat Sytske west hawwe dy’t yn 1855 in bydrage levere (nû. 11) oan it hjir beskreaune album amicorum fan Aletta Knoops, dy’t yn dy snuorje yn Ljouwert wenne. De bydrage is ûndertekene mei ‘Uwe U liefhebbende vriendin Zite Haverschmidt’. ‘Zite’ sil Sytske har ropnamme west hawwe, en it skrift fan de ûndertekening stimt aardich oerien mei Sytske har han­tekenings ûnder har trouakten.

Sytske har bydrage bestiet út in gedicht en in potleadtekening. It gedicht is in sekstet yn steatlike aleksandrinen:

Nooit moet, mijn vriendin! uw hart met bittre rampen strijden,
Het allerzaligst lot wil U gestaâg verblijden,
De deugd geleid’ U steeds, waar gij uw’ treden rigt.
Blijft Gij tot aan uw eind getrouw aan uwen pligt,
Blijft aan uw vriendenrij, dus ook aan mij, gedenken,
Ik eisch dit laatste, en hoop, God zal U ’t eerste schenken.

Hat de suster fan de dichter Piet Paaltjens dat fers sels betocht? Ik tink fan net. It wurd ‘vriendin’ yn de earste rigel smyt in metryske hobbel op. Grif hat dêr oarspronklik ‘vriend’ stûn en hat Sytske dat oanpast omdat Aletta no ienris in frou wie.

De tekening, fan in hibiskus, is faaks ek net sa orizjineel. Der sit yn it album noch in twadde, net datearre potlead­tekening mei deselde foarstel­ling, makke troch de Ljouwerter jongfeint Cornelis Tigler Wijbrandi (nû. 12). Hawwe Sytske en Cornelis itselde foar­byld brûkt of hat de iene de tekening fan de oare kopiearre? Cornelis wie nammers tsjûge by it earste houlik fan Sytske, as ‘aanbehuwde neef der bruid’. Tsjûge wie ek Cornelis Noë, dy’t trouwe soe mei in oare kontribuante oan it album, Elisabeth Reijnders (nû. 9).

Fan grutte artistike wearde binne de beide tekeninkjes leau ’k net. Ek de oare byldzjende bydragen binne beskieden, al is it aardich dat der in doarpsgesicht fan Wieringerwaard tusken sit. It hiele albumke is nammers sljocht, en net botte rjocht. It doaske is standert massaproduksje en de feltsjes papier, net grutter as 7×14 sm, binne skean ôfsnien. Mar it blêdgoud op de sneed fan de brike feltsjes en de beide romantyske gravueres op it dekplaatsje en de binnenkant fan it lid jouwe dochs wat franje oan it gehiel. En der is goed op it albumke past: it hat amper wryt of slyt.

De albumhâldster, Aletta Knoops, hie gjin Ljouwerter woartels. Sy waard yn 1829 berne yn Arnhim as dochter fan de jernfabrikant Abraham Knoops en Aletta van Hees, en kaam as húshâldster yn tsjinst by de minniste dûmny Matthias van Geuns (1823–1904).1 Hy en Aletta wienen neef en nicht; harren memmen wienen susters. Matthias, hikke en tein yn Ljouwert, studearre oan it Doopsgezind Seminarie yn Amsterdam en waard yn 1847 foargonger yn Zijpe. Aletta kaam yn dy lette jierren fjirtich al by him yn ’e hûs, sjoen de albumbydragen fan lju út Zijpe en Wieringerwaard. Yn 1850 waard Matthias predikant yn Ljouwert, wat er oant syn emeritaat yn 1888 bliuwe soe. Aletta ferfear mei syn húshâlding mei nei Ljouwert en makke dêr nije freonen. Unbekend is wannear’t se wer nei har bertestêd Arnhim weromgong. Sy ferstoar dêr as frijfaam yn 1878.

De bydragen oan har album binne fan:

1. Johan Hendrik Ochtman, Arnhim, 21-07-1844. Gedicht, 5 rigels, earste rigel ‘Voorwaarts, op den weg des levens’. Ochtman skreau syn bydrage ‘bij dh. W. Knoops’ = de Arnhimmer apteker Wessel Knoops (1800–1879).2

Berne Sieriksee 24-02-1817, ferstoarn Sieriksee 29-12-1863, soan fan Johannes Ochtman (1796–1872) en Pieternella Nijland (1798–1828), troud Sieriksee 15-03-1837 mei Anna Adriana Borrendamme (1815–1873). Apteker yn Sieriksee, direkteur fan de garansinefabryk Ochtman, Van der Vliet & Co.3

2. Arendje Martha Knoops, Arnhim, 22-11-[1845?]. In nicht fan Aletta. Borduerwurk: wynranken.

Berne Arnhim 29-03-1831, ferstoarn Arnhim 23-04-1901, dochter fan Wessel Knoops (1800–1879) en Arendje Martha van Ooij (1800/1–1850), troud Arnhim 11-11-1857 mei Fredrik Willem Gerritsen (1827–1908).

3. Johannes Henricus van Demmeltraadt, Arnhim, 15-12-1845. Lange proaza­tekst, foar ‘mijne jonge en bevallige vriendin!’ fan ‘Uw grijze vriend’.

Doopt Nimwegen 15-05-1774, ferstoarn Arnhim 09-01-1859, soan fan Clemens van Demmeltraadt en Hendrina Heijer, net troud.

4. Helena Jacoba Knoops, Arnhim, 25-12-1845. In nicht fan Aletta. Borduer­wurk: blommekrâns.

Berne Arnhim 15-12-1832, ferstoarn Arnhim 13-04-1905, dochter fan Carel Otto Knoops (1794–1878) en Barbara van Hees (1800–1889), troud Arnhim 11-06-1857 mei Jan Ypes Ybes (1821–1908), widner fan Johanna Hendrica Wilhelmina Mos (1833–1855).

5. G. de Groot, Arnhim, 11-01-1846. Gouache: roas; byskrift: ‘Dit roosje blijv’ altijd | Der vriendschap toegewijd.’

6. Pieter de Waard en Guurtje Marees, [wierskynlik Zijpe, ±1847–1850]. Tekst: ‘Aandenken van Vriendschap | voor | Aletta Knoops | van | P. de Waard en Guurtje Marees.’

Pieter berne Zijpe 12-10-1794, ferstoarn Zijpe 29-06-1857, soan fan Dirk de Waard (1752–1830) en Immetje Stuurman (1755–1814), troud Zijpe 28-12-1816 mei Guurtje Marees. Skoalmaster.
Guurtje doopt Zijpe 29-04-1787, ferstoarn Zijpe 12-04-1878, dochter fan Gerrit Marees en Maartje Hillegonds, troud 1. Petten 14-05-1809 mei Michiel Oost (1790–1815), troud 2. Zijpe 28-12-1816 mei Pieter de Waard.

7. Jogchem Blaauboer, Wieringerwaard, 16-02-1850. Gedicht, 4 rigels, strofe út ‘Aan Adeline’ fan Everhardus Johannes Potgieter (1808–1875): ‘Liefde en onschuld hoop en vrêde, | Blijve u, waar gij dartelt bij; | En vergund gij mij eene bede, | O! gedenk dan soms aan mij.’4

Berne Wieringerwaard 18-02-1830, ferstoarn Zijpe 03-05-1913, soan fan Jogchem Blaauboer (1799–1877) en Grietje Sloth (1801–1874), troud Zijpe 04-05-1850 mei IJda Blaauboer (1830–1895).

8. Pieter Blaauboer, Wieringerwaard, 16-02-1850. Potleadtekening: feart en huzen yn Wieringerwaard.

Berne Wieringerwaard 20-02-1824, fer­stoarn Swol 19-02-1887, soan fan Jogchem Blaauboer (1799–1877) en Grietje Sloth (1801–1874), troud 1. Bergen 13-05-1864 mei Niesje Koger (1839–1867), troud 2. Bergen 16-09-1870 mei Geertruida Cornelia van Lon (1820–1885), widdo fan Jan Huibert Diederiks. Gemeentesiktaris.

9. Elisabeth Reijnders, Ljouwert, 14-12-1850. Tekening: winterlânskip mei huzen en skippen lâns in feart en reedriders op it iis.

Berne Ljouwert 17-08-1832, ferstoarn Ginneken en Bavel 05-05-1925, dochter fan Izaak Reijnders (1798–1875) en Catharina Anna van Wicheren (1801–1877), troud Ljouwert 27-07-1859 mei Cornelis Noë (1831–1905).

10. Ypkje Posthumus, Ljouwert, 21-12-1854. Potleadtekening: roazen.

Berne Ljouwert 29-08-1834, ferstoarn Nimwegen 08-01-1913, dochter fan Salvus Posthumus (1805–1838) en Jaike Lojenga (1810–1888), troud Ljouwert 03-07-1862 mei Jan Ypes (1832–1891).

11. Sytske Haverschmidt, Ljouwert, 02-01-1855. Foar: potleadtekening: hibiskus; achter: gedicht, 6 rigels, earste rigel ‘Nooit moet, mijn vriendin! uw hart met bittre rampen strijden’.

Berne Ljouwert 14-04-1833, ferstoarn De Haach 16-07-1866, dochter fan Nicolaas Theodorus Haverschmidt (1801–1879) en Geeske Bekius (1803–1878), troud 1. Ljouwert 17-09-1856 mei Adriaan Singels (1834–1859), troud 2. Ljouwert 05-10-1863 mei Frederik Nicolaas Jan Singels (1836–1925), in broer fan Adriaan.

12. Cornelis Tigler Wijbrandi, [wierskynlik Ljouwert, ±1855]. Potleadtekening: hibiskus.

Berne Ljouwert 21-08-1832, ferstoarn De Haach 31-10-1903, soan fan Klaas Tigler Wijbrandi (1809–1888) en Sjoukje Brouwer (1811–1855), troud Ferwerteradiel 27-11-1858 mei Gaatske Cannegieter (1837–1904).

Noaten

  1. Oer Knoops: Frans van den Houdt, ‘Apotheker Wessel Knoops maakte jongeren enthousiast voor natuur­wetenschappen. Gelijknamig genootschap viert het tweehonderdjarig bestaan’, Pharmaceutisch Weekblad, 05-04-2024, s. 18–21; ‘Wessel Knoops’, Wikipedia.
  2. Oer Van Geuns: Knipscheer, ‘Geuns (Matthias van)’, Nieuw Nederlandsch biografisch woordenboek VIII, Leiden 1930, kol. 600–601; S.B.J. Zilverberg, ‘Geuns, Matthias van’, Biografisch lexicon voor de geschiedenis van het Nederlands protestantisme III, 1988, s. 137–138.
  3. Oer Ochtman: Ter gedachtenis aan den wel-edelen heer Johan Hendrik Ochtman, Johz., overleden te Zierikzee, den 29 December 1863, [Zierikzee 1864]; ‘Johan Hendrik Ochtman’, Encyclopedie van Zeeland.
  4. Vaderlandsche Letteroefeningen, 1833, s. 325–328.

Dit berjocht is delset yn Freoneboekjes en tagd , , , , , , , , , , , , , , , . Bookmark de permalink.