Op de galerij
As dizze of jinge skriele, tuberkuleuze keunstrydster yn de maneezje op in strampelich hynder foar in net wurch te krijen publyk troch in swypslaande, ûnmeilydsume sjef moannenlang sûnder ûnderbrekking yn de piste yn it rûn dreaun wurde soe, wylst se op it hynder rûntsjemeallet, hântútsjes omstruit en de mul wiggelje lit, en as dat spul him ûnder it ûnophâldlike daverjen fan it orkest en fan de fintilatoaren oant yn de hieltyd fierder him iepenjende grize takomst fuortsette soe, begelaat troch it weistjerrende en wer oanboazjende applaus fan hannen dy’t winliken stomhammers binne – faaks soe dan in jonge galerijbesiker de lange trep troch alle rangen ôfstoarmje, de maneezje yndûke en Ho! roppe, troch de fanfaren fan it him hieltyd oanpassende orkest hinne.
Mar mei’t dat net sa is; in keine dame, wyt en read, nei binnen fljocht, tusken de gerdinen troch dy’t eptige feinten yn livrei foar har iependogge; de direkteur, ûnderdienich har eagen sykjend, yn bistehâlding har oanazemet; har behoedsum op de appelskimmel tilt as wie sy syn boppe alles beminde pakesizzer dy’t har op in gefaarlike reis weaget; der net ta beslute kin en jou it teken mei de swipe; himsels oerwinnend it lang om let mei in knal jout; mei iepen mûle nêst it hynder rint; de sprongen fan de rydster mei skerpe blik folget; har keunstfeardigens amper begripe kin; mei útroppen yn it Ingelsk besiket te warskôgjen; de stâlfeinten dy’t de hoepels heechhâlde lulk ta de pynlikste konsintraasje moannet; foár de grutte salto mortale it orkest mei ophefte hannen beswart om stil te wêzen; úteinlik it famke fan it triljende hynder tilt, op har beide wangen tutet en gjin inkelde hulde fan it publyk genôch achtet; wylst sysels, troch him ûndersteund, heech op har teannen, troch stof omwyndere, mei útsprate earms en it holtsje nei achteren har gelok mei it hiele sirkus diele wol – mei’t dat sa is, leit de galerijbesiker syn gesicht op de balustrade en, yn de slotmars as yn in swiere dream weisinkend, gûlt er, sûnder it te witten.
Oersetting fan ‘Auf der Galerie’, út Franz Kafka, Ein Landarzt. Kleine Erzählungen, München/Leipzig 1919
