Poste restante XLVIII


GROETEN | uit | Warga.’ (m.), ±1907–1908. Fantasykaart, mearkleuredruk, 90×140 mm. Sûnder fermelding fan in útjouwer. Poststimpel Wergea 05-07-1909. Ferstjoerd oan Janke Bron, ‘in het Armhuis’, Oerterp, troch Arend Melle Bron, Wergea.

Wêrom stjoerde Arend Melle Bron syn mem út Wergea wei net in ansichtkaart mei in pittoresk doarpsgesicht? Sa’n kaart wie dêr yn 1909 grif wol te krijen. Mar nee, hij stjoerde har in bûnte, dekorative fantasykaart. Faaks foel dy by Janke of Arend mear yn ’e smaak as in fotografearre doarpsgesicht: ek as sa’n kykje ynkleure wie, miste it de heldere, kontrastrike kleuren dy’t de fantasykaart al hat. Boppedat wie dy kaart nei alle gedachten goedkeaper. Ien of twa sinten ferskil telde foar wa’t earm wie.

Want Janke en Arend Melle hienen it net breed. Ut de adressearring fan de kaart docht bliken dat Janke Bron (1840–1913) yn it Oerterper earmhûs wenne. Sy wie de âldste fan de trije dochters fan Arend Melles Bron, arbeider yn Oerterp, en Antje Johannes Jager. Ek foar harren wie it al skraabjen om ’e kant. Dat heit Arend yn 1860 twa hinnen stiel, wie grif net om’t er dêr wat mei hobbybuorkje woe. Dy dieverij kaam him op in moanne sel en it beteljen fan de proseskosten te stean. Syn dochter Janke moast it yn har libben allinne oprêde; sy hat nea troud west. Dochs krige sy twaris in soan, beide kearen by de boargerlike stân oanjûn troch pake Arend Melles, en beide kearen bleau de heit bûten byld.

De earste soan, Arend (1872–1878), waard mar seis jier âld; de deadsoarsaak is net dokumintearre. De twadde soan wie Arend Melle (1882–1959). Hy fertsjinne de kost as boere-arbeider. Doe’t er syn mem de kaart út Wergea stjoerde, siet er dêr yn it wurk by de feehâlder Johannes Sipkes de Boer. Krekt as earder syn pake moast Arend Melle foar de rjochter ferskine, dy’t him yn 1903 in straf fan fjirtjin dagen finzenis oplei fanwegen mishanneling. Nêst arbeider wie er letter ek stuolwynder. Yn 1910 troude er mei Henderika de Roos (1890–1923). In jier nei har ferstjerren naam er Wikke de Jong (1899–1970) ta frou. Arend Melle Bron ferstoar yn it psychiatrysk sikehûs yn Frjentsjer en leit begroeven yn Oerterp.

De ansicht dy’t Janke yn 1909 fan him ûntfong, hat de tekst ‘GROETEN uit’ tsjin in swarte achtergrûn mei griene dinnetûken, reade en giele blomkes en in blanko skyldsje. Op de billboardletters fan ‘GROETEN’ binne hiel lyts hast sechtich fammekopkes tekene, wyt op ljochtblau, en face en en profil, en allegearre mei in huodsje op. De yllustrator en útjouwer bliuwe anonym, mar de kaart is sûnder mis in Dútsk produkt. Op it momint fan ymport wie de kaart winliken in healfabrikaat: in plaknamme ûntbriek noch. Op it skyldsje is pas yn Fryslân de plaknamme ‘Warga’ byprinte. Wy seagen dit prosedee al faker, bygelyks yn Poste restante XLVI.

Fan de kaart dêr’t Janke in eksimplaar fan tastjoerd krige, bestiet ek in fariant. Op de G fan ‘GROETEN’ binne, petiterich, sechtjin wuft útsjende jongfammen tekene, wylst de oare letters fan it wurd besiedde binne mei sa’n hûndert babyholtsjes. Op de swarte achtergrûn lizze reade anjers. Beide farianten binne ûnmiskenber fan deselde anonime yllustrator. Ek op de twadde fariant wurdt gjin útjouwer neamd, al hawwe de kaarten diskear wol in searjenûmer: 1010 (soms mei in a derachter).

Sûnder no fuortdaalk Freud derby te slepen, meie wy yn dy jongfammen en babys tink wol in knypeach nei frucht­berens en fuort­planting sjen. De foarstelling is in echo fan de ansichtkaarten mei grutte klibers babys of pjutten yn surrealistyske settings dy’t yn dy tiid yn Dútslân en Frankryk populêr wienen. Op dy kaarten sitte se bygelyks yn in troch earrebarren beheard magazyn, yn griene koalen op in ikker, yn in grutte stomboat op see, yn fûgelnestkes yn in beam, op wolken tsjin in stjerrehimel, as heal útbrette aaien yn in hinnehok, as ballen op in tennisracket of yn groeps­ferbân poepend, elk op syn eigen potsje. Beskreau Freud – hy popt wer op – yn 1908 net foar it earst wiidweidich de anale faze? It hong yn de loft, woe ’k mar sizze.

Foar my lizze fan beide farianten yn totaal 23 eksimplaren. De 22 mei in goed lêsber poststimpel binne ôfstimpele yn 1907 (2×), 1908 (14×), 1909 (3×), 1910 (1×) en 1912 (2×). Alle eksimplaren fan de earst­neamde fariant hawwe in plaknamme dy’t byprinte is, yn boekdruk: Achlum, Balk, Koart­swea­gen, de Skrâns, Wergea en Wommels (2×). By de eksimplaren fan de twadde fariant leit dat der oars hinne. Op guon is ek hjirre de plaknamme byprinte: Boalsert, Eangjum, It Hearrenfean, De Lemmer, Munnekebuorren, De Rottefalle, Snits en Stiens. Mar op oaren is de plaknamme mei reade inket mei de hân byskreaun: Akkrum, Grou (2×), Hallum, Sint Anne, Snits, Tsjom en Wergea. It hânskrift is ûnmiskenber fan deselde persoan as it hân­skrift op it type kaarten dat besprutsen is yn Poste restante V. Inkeld al de karakteristike haadletter G lit dat oertsjûgjend sjen.

Dy persoan reizge as in fer­tsjint­wurdiger of selsstannich negoasjeman (of -frou?) Fryske doarpen en stedsjes bylâns om fantasy­kaarten, ymportearre út Dútslân, oan de pleatslike winkelbazen te sliten. Om 1904 hinne hie er kaarten yn de oanbieding út de searjes 707 en 722 dy’t besprutsen binne yn Poste restante XXXVI. Hy stimpele der sels de tekst ‘Groeten Uit’ plus de oanbelang­jende plaknamme op. Yn deselde snuorje sutele er de kaarten út dy’t beskreaun binne yn Poste restante V. Soms is de plaknamme derop stimpele, krekt lykas op de kaarten út de searjes 707 en 722, mar meastentiids is ‘Groeten uit’ plus de plaknamme tafoege yn hânskrift. En om 1907 hinne kaam ús kolporteur mei de yn dit blog beskreaune kaarten op ’e proppen. De winkelbaas koe diskear kieze oft er him de plaknamme der yn hânskrift opsette liet of dat er de plaknamme der yn boekdruk op hawwe woe.

Unferklearre is wêrom’t der – oant no ta, alteast – fan de earstneamde fariant inkeld eksimplaren mei in plaknamme yn boekdruk oantroffen binne. Spitiger noch is it dat sels mar de minymste oanwizing ûntbrekt foar it achterheljen fan de identiteit fan de kolpor­teur. Hy is, lykas sa’n protte minsken út in noch net iens sa griis ferline, yn de dize fan de tiid ferdwûn.

Dit berjocht is delset yn Poste restante en tagd , . Bookmark de permalink.