Lebensweisheitspielerei
Swakker en swakker falt middeis
It sinneljocht. Dy’t grutsk of sterk wienen,
Binne hinnegongen.
Wat oerbliuwt, binne de ûnfolsleinen,
De by einsluten minskliken,
Bewenners fan in slonken sfear.
Harren ferlet is in ferlet
Dat in ferlet fan it ljocht is,
In stellêr demi-clair, hingjend oan triedden.
Bytsje by bytsje wurdt de earmoed
Fan hjerstige widens in blik,
In pear sprutsen wurden.
Elke persoan rekket ús kompleet
Mei wat er is en sa’t er is,
Yn de steale grandeur fan ferneatiging.
Lebensweisheitspielerei
Weaker and weaker, the sunlight falls
In the afternoon. The proud and the strong
Have departed.
Those that are left are the unaccomplished,
The finally human,
Natives of a dwindled sphere.
Their indigence is an indigence
That is an indigence of the light,
A stellar pallor that hangs on the threads.
Little by little, the poverty
Of autumnal space becomes
A look, a few words spoken.
Each person completely touches us
With what he is and as he is,
In the stale grandeur of annihilation.
Ut The Rock, 1954
