Twa dingen falle by dit poesyalbum daalk op: it langwerpige formaat en it romantyske plaatsje op it bantsje. Beide gripe op âldere tradysjes werom. De eigner fan it album wie lykwols har tiid foarút: sy bruts letter as wurkjende frou mei in wichtige baan by ‘de Kondens’ yn Ljouwert troch it glêzen plafond.
Poesyalbums hawwe ornaris in steand formaat, mar foar de foargonger fan it sjenre, it album amicorum, wie in lizzend formaat iuwenlang de standert. Dat gou bygelyks foar twa albumkes dy’t hjir earder foarbykamen, dat fan Jeltsje Ypey en dat fan Helena Bellinga Swalve. Dit poesyalbum slút dêr kwa foarm op oan: it is oblong, oftewol landscape, sa’t dat tsjintwurdich hyt.
Retro is ek it plaatsje op de foarkant fan it bantsje. In leafdespearke yn klaaiïng út de tiid fan lit ús sizze Heinrich Heine besjocht mei grutte oandacht in fûgelkouwe. Sa’n kouwe op foarstellings út earder iuwen sinspilet sawat altyd op in leafdebân en houlikstrou. In tichte kouwe mei in fûgeltsje deryn tsjut op suksesfolle frijerij en (ûnt)fongen leafde. In iepensteande kouwe dêr’t it fûgeltsje út fuortflein is, suggerearret dat it famke har jongfammesteat al kwytrekke is. Op dit plaatsje is dúdlik te sjen dat der noch in fûgeltsje achter de traljes fan de tichte kouwe sit. Blomkes omliste de foarstelling, dy’t grif kopiearre is nei in skilderij fan ien of oare Dútske Biedermeier-skilder.
Dit poesyalbum, mei syn op âldere tradysjes weromgeande uterlik, stamt út likernôch 1915. It wie yn besit fan Rinske Neeltje Lootsma, berne yn Ljouwert op 2 desimber 1912 as iennichst bern fan de boekhâlder Marten Lootsma en syn frou Jantje Graeler. It albumke befettet tolve bydragen, dêr’t sân fan datearre binne, tusken 1918 en 1928. Wierskynlik binne alle bydragen yn gronologyske folchoarder ynskreaun. In dei neidat sy de lêst datearre bydrage binnenhelle hie, op 31 maart 1928, sleat Rinske it albumke ôf mei in eigendomsynskripsje op rym op it skutblêd achteryn.
De doe fyftjinjierrige Rinske siet op de gemeentlike Hogere Burgerschool oan Achter de Hoven 23. It gebou biedt hjoeddeis ûnderdak oan de Academie voor Popcultuur. Rinske wenne mei har âlden yn deselde strjitte, op nûmer 81. Yn 1930 slagge se foar it eineksamen. Trije jier letter helle sy ek noch in diploma Spaanske hannelskorrespondinsje. Rinske hie doe al in baan as siktaresse by de Coöperatieve Condensfabriek Friesland yn Ljouwert, better bekend as de CCF of gewoanwei de Kondens. Sy soe dêr mear as fjirtich jier yn tsjinst bliuwe en klom op ta ferkeaplieder bûtenlân en prokuraasjehâlder. By gelegenheid fan har fjirtichjierrich jubileum, yn 1971, waard sy beneamd ta ridder yn de Orde van Oranje-Nassau.
As eksportmanager rjochte Rinske har op Noard- en West-Afrika, de Kanaryske Eilannen en Malta. Sy wie faak op reis, benammen nei Afrika, dêr’t se Miss Peak of Miss Moutchou neamd waard, nei twa CCF-merken.1 In frou yn har funksje wie ûngewoan en it wurk waard har net maklik makke. Sels sei se dêroer: ‘Als vrouw in een mannenmaatschappij moest je veel meer doen om dezelfde erkenning te krijgen. Wanneer er ook maar iets fout ging, werd er meteen gezegd: “Dat is nu echt weer vrouwenwerk.” Ja, je moest je wel heel erg waarmaken.’2 Likegoed wurke Rinske mei hert en siel foar de Kondens. By har ôfskied neamde direkteur Andries Bouwes har ‘het geweten van het bedrijf’.3
Rinske Neeltsje Lootsma ferstoar, 79 jier âld, op 12 desimber 1991. De rouadvertinsje yn de Leeuwarder Courant, pleatst troch notaris Hylke Wierda yn syn hoedanichheid fan eksekuteur-testamintêr, begjint mei in rymke yn ik-foarm:Ik ben dankbaar en tevreden
Ik had een mooi en interessant leven
daarbij viel veel trouw en vriendschap mij ten deel
deze beide gaven betekenden voor mij heel veel
Faaks wie it in oanhaal út it berime tankwurd dat Rinske by har ôfskie fan de Kondens útsprutsen hie.
Rinske hie nea troud west en hie gjin bern en bernsbern; de priis dy’t wurkjende froulju oant fier yn de tweintichste iuw betelje moasten as se karriêre meitsje woenen. As iennichst bern hie se ek gjin oare neiste famylje. Lâns ûnneifolchbere wegen bedarre har poesyalbum yn in Amsterdamsk rommelwinkeltsje, as in swerfkat yn in asyl. Nim my mei, like it te freegjen, bang dat it oars yn de rêchsek fan in toerist nei in fier bûtenlân ferdwine soe – al hie de âld-eksportmanager fan de Kondens sels dat miskien minder beswierlik fûn.
De bydragen oan it poesyalbum fan Rinske Lootsma binne fan:
1. Dina Graeler, Ljouwert, 02-12-1918. In tante fan Rinske. Gedicht, 4 rigels, earste rigel ‘Een zeehond, lag er laatst aan ’t strand’.
Berne Mildaam 16-07-1895, ferstoarn Wolvegea 13-07-1985, dochter fan Willem Gerard Graeler (1856–1929, nû. 9) en Rinske van der Leij (1865–1932, nû. 8), troud Weststellingwerf 19-07-1924 mei Andries Bosma (1898–1981).
2. Jacoba Margrieta (Coba) Wesling, Ljouwert, 18-06-1921. In oantroude tante fan Rinske. Gedicht, 6 rigels, earste rigel ‘Als ik een dichtersgeest bezat’.4
Berne Rotterdam 26-03-1892, ferstoarn Rotterdam 29-09-1953, dochter fan Albertus Lodewijk Wesling (1851–1914) en Jacoba Margrieta van den Berg (1864–1945), troud Rotterdam 25-10-1916 mei Gerard Graeler (1890–1968).
3. Tjitske Dirkje Frank, sûnder plak, [wierskynlik tusken 1921 en 1923]. Gedicht, 5×4 rigels, earste rigel ‘Er leeft op aard’ een lieve fee’.5 Oerdwers skreaun.
Berne Holwert 11-02-1904, ferstoarn Ljouwert 30-08-1970, dochter fan Gerrit Frank (1875–1934, nû. 4) en Aaltje Kooistra (1870–1941), troud Ljouwerteradiel 16-11-1943 mei Albertus Hendrik Huizing (1897–1969).
4. Gerrit Frank, sûnder plak, [wierskynlik tusken 1921 en 1923]. Gedicht, 4 rigels, earste rigel ‘Ik zou wat in je album schrijven’.6 Oerdwers skreaun, ûnder de foargeande bydrage.
Berne Sint Jabik 29-11-1875, ferstoarn Huzum 02-08-1934, soan fan Pieter Frank (1847–1916) en Durkjen Ringnalda (1850–1912), troud It Bilt 23-05-1901 mei Aaltje Kooistra (1870–1941). Underwizer yn Sint Jabik (1891–1900), Holwert (1900–1908) en Hantumhuzen (1908–1909), skoalhaad yn Britsum (1910–1921) en oan de Skrâns (1921–1934).7
5. ‘Aukje’, sûnder plak, [wierskynlik tusken 1921 en 1923]. Gedicht, 8 rigels, earste rigel ‘Dit broos verganklijk albumblad’.
6. Jantje (Jannie) Grilk, sûnder plak, [wierskynlik tusken 1921 en 1923]. Gedicht, 4 rigels, earste rigel ‘Ik lag in mijn bedje en sliep’.
Berne Ljouwert 17-03-1913, ferstoarn nei 1960, dochter fan de ûnderwizer en berneboekeskriuwer Cornelis Grilk (1885–1961)8 en Trijntje Bierman (1888–nei 1960), troud Ljouwert 03-04-1940 mei Johannes Cornelis Pauw (1910–1988), widner fan Nelly Gerarda Wilmina Gerwig (1905–1937).
7. Elisabeth (Ep) Andriessen, Ljouwert, 22-05-1923. Buorfamke; wenne op it adres Achter de Hoven 83. Gedicht, 6 rigels, earste rigel ‘Weinig letters heb ik noodig’.9
Berne Ljouwert 05-03-1904, ferstoarn Bloemendaal 24-04-1983, dochter fan Jan Andriessen (1873–1954) en Aukje Zuidema (1873–1958), net troud.
8. Rinske van der Leij, Ljouwert, 06-09-1923. In beppe fan Rinske. Gedicht, 4 rigels, earste rigel ‘Het ieder naar den zin te maken’.
Berne Easterwâlde 21-03-1865, ferstoarn Wolvegea 21-06-1932, dochter fan Wiebe van der Leij (1832–1919) en Dina van der Kooij (1828–1918), troud Opsterlân 17-06-1886 mei Willem Gerard Graeler (1856–1929, nû. 9).
9. Willem Gerard Graeler, [wierskynlik Ljouwert, 06-09-1923]. In pake fan Rinske. Gedicht, 7 rigels, earste rigel ‘Wees braaf mijn kind in lief en leed’.
Berne Easterwâlde 26-09-1856, ferstoarn Wolvegea 04-09-1929, soan fan Gerard Johan Graeler (ek Gräler, 1817–1860) en Jantje Alstein (1809–1885), troud Opsterlân 17-06-1886 mei Rinske van der Leij (1865–1932, nû. 8).
10. Cornelia Margaretha Everdina Jaasma, sûnder plak, 21-10-1924. Gedicht, 8 rigels, earste rigel ‘Altijd zij een veld van rozen’.
Berne Ljouwert 25-08-1912, ferstoarn Amersfoort 23-05-1978, dochter fan Wybe Jaasma (1885–1963) en Marijtje van Zandvliet (1886–1961), troud Ljouwert 03-01-1939 mei Jan van der Velde (1912–1949).
11. Jantje Schaafsma, sûnder plak, 09-04-1925. Gedicht, 5 rigels, earste rigel ‘Daar Gij een album hebt gekregen’.
Berne Ljouwert 24-11-1911, ferstoarn Doetinchem? nei 1981, dochter fan Murk Schaafsma (1883–1955) en Grietje Boonstra (1885–1957), troud Ljouwert 14-11-1939 mei Sjoerd Mook (1906–1973).
12. Catharina (Tine) Vinken, Ljouwert, 30-03-1928. Freondinne fan de hbs. Gedicht, 6 rigels, earste rigel ‘Niet altijd is het zonneschijn’.
Berne Ljouwert 02-04-1912, ferstoarn Tiel? 31-01-1981, dochter fan Pieter Vinken (1882–1940) en Alida Breet (1887–1975), troud Ljouwert 20-12-1946 mei Maarten Willem Dingemans (1901–1978).
Noaten
- ‘West-Afrika zal Miss Peak alias Moutchou missen’, Algemeen Dagblad, 30-11-1972.
- ‘Mejuffrouw Lootsma (ruim 41 jaar bij CCF) met pensioen: Je moet je als vrouw in een mannenmaatschappij wel erg waarmaken’, Leeuwarder Courant, 01-12-1972.
- ‘Mejuffrouw Lootsma nam afscheid als exportmanager CCF’, Leeuwarder Courant, 05-12-1972.
- Ek yn it poesyalbum fan Petronella Andringa yn in bydrage út 1902 (Tresoar, Ljouwert).
- De earste en de lêste strofe ek yn it poesyalbum fan Saakje Obma yn in bydrage út 1905 (Admiraliteitshûs, Dokkum).
- Ek yn de poesyalbums fan Petronella Andringa yn in bydrage út 1902 en Fetske Hemminga yn in net datearre bydrage (Tresoar, Ljouwert).
- Hartman Sannes, De schoolmeesters van Leeuwarderadeel, ed. Peter van der Meer, s. 2, 14.
- Jacques Vos, ‘Cornelis Grilk’, Lexicon van de jeugdliteratuur, Groningen 1982–2014.
- Ek yn de poesyalbums fan Saakje Obma yn in bydrage út 1894, Petronella Andringa yn in bydrage út 1898, Antsje Toornstra yn bydragen út 1901 en 1919 (Admiraliteitshûs, Dokkum), Minke de Jong yn in bydrage út 1914 (eigen kolleksje), Fetske Hemminga yn in bydrage út 1915, Fetsje Postma yn in bydrage út 1918 (eigen kolleksje) en Klaaske Anema yn in bydrage út 1926 (eigen kolleksje). Fierders M.L. van Albada, Poësie. Zes generaties albumversjes, Midlaren 1984, s. 64, yn bydragen fan 1900 ôf.