Achttjin jier wie Helena Bellinga Swalve doe’t sy út ein sette mei it oanlizzen fan in freoneboekje. Helena wie op 28 july 1801 yn Ljouwert te wrâld kaam as dochter fan de keapman Harmen Bellinga Swalve, berne yn it East-Fryske Bunde, en Pietertje Nijeveen, hikke en tein yn Ljouwert. Dik soe har album net wurde. Frjemdernôch ûntbrekke bydragen fan har neiste sibben, mar it befettet moai wol in ferske fan de Snitser skriuwster Fenna Mastenbroek.
It earste boek dat Fenna Mastenbroek (1788–1826) publisearre, hiet Lectuur voor vrouwen (1818), har lêste boek wie De kunst om gelukkig te worden (1826). Beide titels jouwe aardich oan foar wa’t en mei wat doel sy skreau. Mastenbroek, dochter fan in minniste houthanneler, rjochte har benammen op jonge froulju, dy’t sy yn romans, ferhalen en gedichten foarspegele hoe’t inkeld godsfrucht en deugdsumens liede ta libbenslok, mei it houlik as feilige haven. Sysels soe nea trouwe, wat mûlk ferbân hâldt mei har swakke sûnens, en moast har auteurskip ferdigenje tsjin in kritikus dy’t suggerearre dat sy by it skriuwen fan har boeken manlike help hân hie omdat in frou dêr no ienris net selsstannich ta by steat wie.Der binne fan Fenna Mastenbroek fjouwer skildere portretten bekend.1 Op alle fjouwer is sy ôfbylde yn Fryske dracht mei gouden earizers. Oars as bygelyks har tiidgenoat Wiepkje Agatha Reddingius (1780–1824) skreau Fenna lykwols nea Frysk. Har bydrage oan it album fan Helena, in út twa kwatrinen besteand gedicht (nû. 6 yn it oersjoch hjirûnder), sette sy in heal jier foar har ferstjerren op papier:
Ja k’ smaak het zoetst genot wanneer het jeugdig harte
Mij vrolijk tegensnelt en liefde en achting biedt,
Want bij dat rijke loon voor mijn gebrekkig pogen
Haalt schitterend eerbewijs en luide lofspraak niet.
Ook U heb ik dat heil in ruime maat te danken.
Vol geestdift en gevoel, boodt gij dit blad mij aan.
Wel laat dan als bewijs van mijnen dankbre hulde
Mijn naam ook in den Rey van Uw Vriendinnen staan.
Op twa nei stamme de bydragen yn Helena har album – losblêdich, yn in read mei goud omslachje en in mei moarmerpapier beplakte skohoes – út de jierren 1819–1829. Op 10 juny 1829 troude sy mei de Grinslanner keapman en belestingûntfanger Hermannus Kijff (1797–1854). Dy hie earder as har frijer al oan it album bydroegen (nû. 7), ûnder it motto ‘Liefde’ (de ôfkoarting ‘S.B.’ stiet foar symbolum oftewol biedwurd). Hermannus kaam op ’e proppen mei in proazatekst fol goede yntinsjes oangeande harren takomstige houlikslibben:
Uw vorige kennis Mijne Beste Leen was mij steeds van veele waarde. Ik leerde door dezelve ware en op deugd gegronde vriendschap kennen, doch thans mag ik mij gelukkig rekenen, met U in die betrekking te mogen zijn welke zelfs verre boven die der vriendschap verheven is. Het is het edelst gevoel dat mij thans beziele dat altijd ten doel heeft uw volgend leven te veraangenamen, dat vreugde, voorspoed en gezondheid het deel zij dat U daarin vergezelle, dat gij hetzelve op een pad van roosen moogt doorwandelen, geene doornen hetzelve ontsiere alsdan zal de wensch vervult zijn van uw oprechten hartvriend. H. Kijff Junr.
De lêste fan de datearre bydragen (nû. 8), fan har Ljouwerter freondinne Wietske Wybrandi, is fan ien dei nei Helena har brulloft. Hermannus fierde syn breid mei nei Grins. Letter wenne de húshâlding yn Ezinge en sûnt likernôch 1840 yn Leens. Helena en Hermannus soenen fiif bern krije. Yn Leens waard it albumke noch fermeardere mei twa net-datearre bydragen, borduerwurkjes fan twa suskes Rijkens (nû. 9–10). Harren broer Frederik Jakob Rijkens soe yn 1859 trouwe mei Helena har dochter Pietje Nijeveen Kijff.2 Yn 1866 kaam Helena, tolve jier nei har man Hermannus, yn har wenplak Leens te ferstjerren.
De bydragen oan har album binne fan:
1. Anonym, sûnder plak en datum. Akwarel: monumint mei it opskrift ‘Amitié’, op de foargrûn trije muzykynstruminten mei bledmuzyk, oan wjerskanten twa beamkes en blommen, op de achtergrûn in berchachtich rivierlânskip mei in hege brêge. Bedoeld as in soarte fan titelside.
2. Jan ten Brink Gz., Amsterdam, 20-10-1819. Gedicht, 8 rigels, earste rigel ‘Is verstand en schoon vereenigd, reeds in de eerste Lentejeugd’.
Berne Amsterdam 29-06-1757, doopt Amsterdam 03-07-1757, ferstoarn Amsterdam 20-12-1846, soan fan Gerrit ten Brink (–1761) en Elisabet van Leeuwen (–1785), troud Amsterdam 15-05-1785 mei Cornelia Halfman (1764–1838). Boekhanneler, útjouwer. Droech yn 1811 ek by oan it album amicorum fan de yn Kûbaard berne skriuwster Petronella Moens (1762–1843).3
3. Petrus Alma, sûnder plak, 28-12-1819. Gedicht, 8 rigels, earste rigel ‘Waar Ouderliefde en Deugd in ’t Maagden harte woonen’.
Berne Frjentsjer 28-10-1770, ferstoarn Amsterdam 19-09-1831, soan fan Adrianus Alma (1743–1809) en Tjeerdina Heloma Couttis (1743–1781), troud Amsterdam 04-08-1796 mei Cornelia Margaretha van Hulst (1771–1838).
4. Cornelia Alma, sûnder plak, 28-12-1819. Oantroude nicht fan Helena. Gedicht, 4 rigels, earste rigel ‘Mijn waardige Vriendin! voldoe aan die verwagting’.
Berne Amsterdam 26-04-1799, ferstoarn Burgum 28-01-1861, dochter fan Petrus Alma (1770–1831, nû. 3) en Cornelia Margaretha van Hulst (1771–1838), troud Amsterdam 06-06-1826 mei Adrianus Alma (1799–1861), soan fan Henricus Wilhelmus Alma en Jacobina Swalve, in suster fan Helena har heit Harmen Bellinga Swalve.
5. Sophia de Geus, Dokkum, 28-01-1825. Borduerwurk: twa ferfrissele blomranken mei de inisjalen ‘SdG’ en it berime byskrift ‘Zoo als zich deze bloemkrans mengelt / Blijv’ onze vriendschapsband gestrengeld’. Symbolum: ‘Niets store uw geluk’.
Berne Haarlim 06-02-1775, ferstoarn Ljouwert 17-12-1873, dochter fan Cornelis de Geus en Marritje Smith. Net troud. Wenne yn 1814–1820 yn Ljouwert, yn 1820–1839 yn Dokkum en yn 1839–1873 wer yn Ljouwert.
6. Fenna Mastenbroek, Snits, 06-04-1826. Gedicht, 2×4 rigels, earste rigel ‘Ja k’ smaak het zoetst genot wanneer het jeugdig harte’.
Berne Snits 16-03-1788, ferstoarn Snits 03-10-1826, dochter fan Pieter Jacob Mastenbroek (1759–1829) en Janneke ten Cate (1760–1830).4 Net troud. Minniste. Droech yn 1825 ek by oan it album amicorum fan de yn Kûbaard berne skriuwster Petronella Moens (1762–1843).5
7. Hermannus Kijff, Grins, 28-07-1828. Helena har lettere echtgenoat. Proazatekst. Symbolum: ‘Liefde’.
Doopt Grins 07-06-1797, ferstoarn Leens 12-04-1854, soan fan Hermannus Kijff (1749–1817) en Catharina Smit (1760–1840), troud Ljouwert 10-06-1829 mei Helena Bellinga Swalve (1801–1866).
8. Wietske Wybrandi, Ljouwert, 11-06-1829. Foarop in gouache: roas en fioeltsje; achterop in gedicht, 8 rigels, earste rigel ‘Al wat een mensch gelukkig maakt’.
Berne Ljouwert 23-02-1802, ferstoarn Ljouwert 28-12-1873, dochter fan Klaas Wybrandi (1764–1821) en Fokje Rinia (1766–1832), troud Ljouwert 01-07-1835 mei Theodorus Gorter (1799–1877). Minniste.
9. Kornelia Johanna Rijkens, sûnder plak en datum (wierskynlik Leens, om 1840 hinne). Suster fan Helena har lettere skoansoan Frederik Jakob Rijkens (1829–1911). Borduerwurk: blomkes; gedicht, 4 rigels, ‘U zij een heerlijk lot beschoren / Als ’t naar mijn wensch mag gaan / Dan zullen Liefde en deugd u leiden / Langs zachte rozen paân.’
Berne Wehe (gemeente Leens) 30-06-1820, ferstoarn Vierhuizen 20-09-1908, dochter fan Jan Rijkens (1784–1862) en Johanna van der Tuuk (1788–1823), troud Leens 02-03-1857 mei Jan Kloosterman (1818–1874).
10. Henderika Margaretha Rijkens, sûnder plak en datum (wierskynlik Leens, om 1840 hinne). Borduerwurk: flinter.
Berne Leens 30-06-1831, ferstoarn Leens 10-04-1858, dochter fan Jan Rijkens (1784–1862) en Geziena Vennema (1789–1855), troud Leens 01-06-1857 mei Jan Julsingha Marrenga (1833–1922).
Noaten
- Oaljeferveportretten troch Cornelis Wester (Fries Museum, S01555), Lodewijk Philip van Munster (Fries Museum, S00559A) en immen mei de inisjalen M.J.P.N. (Fries Museum, S01555) en in anonym miniatuerportretsje op ivoar (Fries Museum, S00559).
- Acht losse bledsjes út it album fan dizze Pietje Nijeveen Kijff (1833–1920) binne ek yn myn besit.
- De Haach, Koninklijke Bibliotheek,
79 L 5, fol. 86r. Sjoch Ans J. Veltman-van den Bos & Jan de Vet,Par amitié. De vriendenrol van Petronella Moens, Nijmegen 2009,s. 338 (nû. 175). - Sjoch Wopke Eekhoff, ‘Fenna Mastenbroek en Francijntje de Boer’, Nieuwe Friesche Volksalmanak 12 (1864),
s. 152–162; NNBW 3, 1914, kol. 825–826; Lia van Gemert & Ans J. Veltman-van den Bos, ‘Schrijfsters in de literaire kritiek tussen 1770 en 1850’, Nederlandse Letterkunde 2 (1997),s. 258–270; Janneke van der Veer, ‘Mastenbroek, Fenna’, Digitaal vrouwenlexicon van Nederland. - De Haach, Koninklijke Bibliotheek,
79 L 5, fol. 95r–v. Sjoch Veltman-van den Bos & De Vet 2009,s. 359–360 (nû. 193–194).