Else Lasker-Schüler, De boartersprins syn liet

 
De boartersprins syn liet

(Foar G.B. yn leafde)

Hoe kin ik mear dy noch beminne?
Ik besjoch de bisten en blommen
By de leafde.

Patsje twa stjerren elkoar
Of ferbyldzje wolken in byld –
Wy dienen dat al sêfter.

En dyn hurde foarholle,
Ik kin der sa goed tsjin lynje,
Sit derop as op in sealtek.

En yn it kûltsje fan dyn kin
Bou ik my in rôfnêst –
Oantsto – my opfretten hast.

Fyn dan ienris op in moarn
Inkeld noch myn knibbels,
Twa giele skarabeeën foar in keizersring.

 

Das Lied des Spielprinzen

(G.B. in Liebe)

Wie kann ich dich mehr noch lieben?
Ich sehe den Tiere und Blumen
Bei der Liebe zu.

Küssen sich zwei Sterne,
Oder bilden Wolken ein Bild –
Wir spielten es schon zarter.

Und deine harte Stirne,
Ich kann mich so recht an sie lehnen,
Sitz drauf wie auf einem Giebel.

Und in deines Kinnes Grube
Bau ich mir ein Raubnest –
Bis – du mich aufgefressen hast.

Find dann einmal morgens
Nur noch meine Kniee,
Zwei gelbe Skarabäen für eines Kaisers Ring.

 

Ut Die gesammelten Gedichte, 1917. Ofbylding: ‘Jussuf opfert sein Herz dem Giselheer’, skets troch Else Lasker-Schüler foar in yllustraasje yn har proazaboek Der Prinz von Theben, 1914. Kunstmuseum Solingen / Zentrum für verfolgte Künste.

Dit berjocht is delset yn Else Lasker-Schüler en tagd . Bookmark de permalink.