In keizerlik boadskip
De keizer – sa wurdt sein – hat oan dy, de ienling, de jammerdearlike ûnderdien, de minuskule foar de keizerlike sinne nei de fierste fierte flechte skym, krekt oan dy hat de keizer fan syn stjerbêd ôf in boadskip stjoerd. Hy hat de boade by it bêd delknibbelje litten en him it boadskip yn it ear flústere; der wie him sa’n soad oan gelegen dat er it nochris yn syn eigen ear werhelje liet. Mei in holleknikje hat er de korrektens fan wat sein waard befêstige. En sichtber foar it folsleine publyk dat syn dea sjen woe – alle belemmerjende wanden wienen ôfbrutsen en op it brede en him heech in de loft ferheffende bordes steane yn in kring de grutten fan it ryk – sichtber foar dy allegearre hat er de boade derop útstjoerd. De boade is fuortdaalk op paad gongen; in sterke, net wurch te krijen man; dan de iene en dan de oare earm útstekkend baant er him in wei troch de kliber; as er wjerstân ûnderfynt, wiist er op syn boarst, dêr’t it teken fan de sinne op sit; hy komt ek maklik foarút, as nimmen oars. Mar de kliber is sa grut; har wenplakken komt gjin ein oan. Lei it frije fjild mar foar him iepen, wat soe er dan fleane en al gau soesto hearre hoe’t syn fûsten hearlik op dyn doar slaan. Yn plak dêrfan, hoe nutteleas mêdet er himsels ôf; noch altyd perst er him troch de fertrekken fan it binnenste paleis; nea sil er dy achter him litte; en soe it him al slagje, dan wie der neat wûn; hy soe him de treppen del wrakselje moatte; en soe dat him slagje, dan wie der neat wûn; de binnenhôven moast er oerstekke; en nei de binnenhôven it twadde paleis dat der omhinne leit; en opnij treppen en binnenhôven; en opnij in paleis; en sa fierder troch tûzenen jierren hinne; en soe er lang om let troch de bûtenste poarte stoarte – mar nea, nea sil dat barre – dan pas leit de residinsjestêd foar him, it mulpunt fan de wrâld, heech folrûn mei har besinksel. Nimmen kringt dêr trochhinne en al hielendal net mei it boadskip fan in deade. – Mar do sitst by dyn finster en makkest dy der in dreambyld fan, as de jûn falt.
Oersetting fan ‘Eine kaiserliche Botschaft’, út Franz Kafka, Ein Landarzt. Kleine Erzählungen, München/Leipzig 1919
