‘Leeuwarden.’ (l.û.), ‘Nieuweweg met gezicht op de bootramp “de Voorwarts” 4. Aug. 1903.’ (m.û.), 1903. Ljochtdruk, 90×139 mm. Utjûn troch Dijkstra’s Boekhandel, Ljouwert. Poststimpels Ljouwert 17-01-1904 en Stiens 18-01-1904. Ferstjoerd oan Trijntje Hiddinga, Stiens, troch Johanna Pasma.
Lieve vriendin
Daar ik u briefkaart heb ontvangen en gelezen dat u nog goed gezond zijt ik zal u even een paar letteren schrijven nu T. S is nu in Haarlem te dienen zij is met November er heen gegaan en ik blijf weer in mijn dienst en dan mag ik voor Mei een week naar de familie toe als het dan kan dan blijf ik een paar treinen over in Stiens nu T ik zal later wel schrijven wanneer meer nieuws weet ik niet wij zijn allen nog gezond zijt hartelijk gegroet van ons allen ook aan u ouders
Johanna Pasma
Njoggen jier foar de wrâldskokkende ûndergong fan de Titanic yn de Noard-Atlantyske Oseaan hie Ljouwert syn eigen kjelmeitsjende skipbrek: op 4 augustus 1903 sakke de stomboat Voorwaarts I nei de boaiem fan de Suder Stedsgrêft. Lokkigernôch wie dy grêft net sa djip; yn alle gefallen foelen der gjin deaden of sels mar ferwûnen. Likegoed sprekt it byskrift fan de kaart hjirboppe fan in ‘bootramp’ en stienen de (lokale) kranten der bol fan.
Der farden eartiids hiel wat stomboaten troch de Fryske geaen. Yn tal fan plakken sieten ûndernimmers dy’t mei in stomboat beurttsjinsten ûnderhâlden en ekstra fearten ynlasten by eveneminten as jiermerken en muzykfeesten. De stomboat wie de fuortsetting-mei-moderner-middels fan de yn Nederlân iuwenlang tige populêre trekskûte. De earste stomboattsjinst yn Fryslân gong yn 1841 fan start tusken De Jouwer en De Lemmer. Yn 1890 wienen der net minder as 38 tsjinsten, en pas yn 1960 waard de lêste beurtfeart opdoeke. Nêst passazjiers, dy’t yn de kajút sitte koenen, ferfierden de boaten ek fee, jirpels, nôt, bûter en sa mear – boppedeks, yn it rom of yn in pream op sleeptou.

De stomboat Voorwaarts II, it beurtskip tusken Aldegea (Sm.) en Ljouwert, op in ansicht út ±1905–1906
En krekt dy lading feroarsake de skipbrek mei de Voorwaarts I. Nêst njoggentjin passazjiers soe de boat ek 11.250 kilo mais en 60 kuorren jirpels meinimme. Dat guod wie lykwols allegearre boppedeks loege, en boppedat ûngelyk ferdield oer stjoer- en bakboard. Doe’t der ek nochris fiif passazjiers tagelyk oan board wipten, sloech it skip om… Wat der doe barde, stie de oare deis mei each foar detail en gefoel foar drama beskreaun op de foarside fan de Leeuwarder Courant:
Vreeselijke kreten gingen op uit de zich op de boot bevindende passagiers, kreten die weerklank vonden bij de toevallig voorbijkomenden en de zich bij dat gedeelte der gracht bijna altijd bevindende toeschouwers.
Weldra vlogen van alle kanten honderden bij honderden naar de plaats des onheils. Ook wij snelden er heen. ’t Was een vreeselijk, een angstwekkend tooneel. Zij, die zich tijdens het ongeval bovenop bevonden, waren weldra allen gered; een jong meisje, doornat er uit gekomen, stapte op den wal heen en weer; onze vragen kon ze niet beantwoorden: ze was geheel van streek. Hoeveel passagiers de boot telde niemand kon ’t ons nauwkeurig zeggen; de antwoorden liepen te zeer uiteen om ze voor waarheid op te geven.
Ondertusschen was het een gejammer hier en daar, een ontsteltenis elders die niet was uit te staan. Een vrouw vertelde ons schreiende, dat haar vader, die uit Drachten was overgeweest te logeeren bij haar, ook tot de passagiers behoorde en – daar de oude man in de kajuit was gegaan, vreesde ze het ergste.

Wierskynlik de stomboat Friso II, it beurtskip tusken Warten en Ljouwert, op in ansicht út ±1902–1905
Op den wal en de kade was nu de spanning op ’t hoogst. Men vroeg zich af, of, nu de kajuiten vol water waren geloopen, het aan de daar aanwezigen mogelijk zou zijn geweest, zich langs de zijde omhoog boven het water te houden. Eindelijk, na eenige minuten wachtens, die de omstaanden uren schenen, klonk plotseling de uitroep: een kind!!
En uit de achterste opening werd werkelijk door de daarbij staande mannen een wicht te voorschijn gebracht. Juichkreten weerklonken, die echter weldra verstomden en voor uitroepen van medelijden plaats maakten, toen het hulpeloos kind, in de armen van een rijksveldwachter, maar al te duidelijk toonde, hoe nabij het aan den oever des doods was geweest. Het werd spoedig onder een goed dak gebracht, waar het aan de noodige zorg wel niet zal hebben ontbroken.
Nei dat earste famke koenen noch twa famkes en fjouwer froulju út de kajuten lutsen wurde. Al mei al waarden alle opfarrenden yn feilichheid brocht en opfongen yn it Stedssikehûs, dat in hûndert meter fierderop rjochts nêst de Blokhúspoarte stie (en yn 1971 sloopt waard). Elkenien bliid fansels, mar al rillegau gong it petear oer hoe’t dit barre kinnen hie. Neffens de ferslachjouwer wienen de lju algemien fan betinken dat de lading op it dek, de boppelêst, te swier west hie.
Hiel wat kranten binnen en bûten de provinsje namen it nijs út de Ljouwerter oer. De twaris wyks ferskinende Dragtster Courant kaam op 8 augustus lykwols mei in eigen ferhaal, dat noch wat bysûnderheden joech, bygelyks dat in Rotterdammer stomboat de Voorwaarts I foar fierder sinken behoede hie troch it skip yn de lier te nimmen, en dat golle Ljouwerters 30 gûne byienbrocht hienen foar de helpferlieners. Ek stie yn dy krante in list mei de nammen fan alle passazjiers, mei opjefte fan âldens, wenplak, berop, yn it gefal fan troude froulju de namme fan de echtgenoat, en wêr’t se harren op it skip befûn hienen.

Stomboaten oan de Willemskade, Ljouwert, op in ansicht út ±1900–1904, utjûn troch Dijkstra’s Boekhuis, foto H.J. Craije
De fermoedens oer de oarsaak fan de skipbrek waarden befêstige yn de rjochtsaak dy’t derachter weikaam. Dêrmei krige it ûngelok foar de kaptein fan de Voorwaarts I in pynlike neisleep. Petrus Steenhuis (1845–1923) hie oars yn syn libben al in protte ellinde meimakke. Syn earste frou wie yn 1881 ferstoarn en fan de santjin bern dy’t er yn twa houliken krigen hie, wienen der trije libbenleas te wrâld kommen en acht net âlder as twa jier wurden. Berne yn Appingedam as oerwinnelinkje fan in naaister wie Petrus yn neifolging fan syn lettere styfheit izersmid wurden. Syn earste frou hie yn Drachten in winkel yn moade-artikels as huodden, kraachjes en mansjetten hân. Petrus gong dêr nei har ferstjerren mei troch en hie fierders hanneltsjes yn naaimasines, brânje, jirpels, hout, fan alles. Op 20 maaie 1887 wie er útein set mei beurtfearten op Ljouwert en Snits. Sûnt likernôch 1890 die er dat yn ’e mande mei wikseljende kompanjons. Harren skip de Voorwaarts I koe minstens fyftich passazjiers meinimme en hie in kajút earste en in kajút twadde klas.
Fuortdaalks nei it ûngelok hie de plysje Steenhuis al yn ferhoar nommen en trije moanne letter moast er him foar de rjochtbank yn Ljouwert ferantwurdzje, bystien troch de abbekaat Bernardus van Loon. It meast wiidweidige ferslach – foar in part sels in wurdlik transkript – is te finen yn it Nieuwsblad van Friesland fan 4 en 11 novimber 1903. Mar leafst 22 tsjûgen kamen foar it buordsje. Trije wienen oproppen à décharge, mar sy befêstigen earder it ferhaal fan de oaren as dat se Steenhuis frijpleiten. Ek syn eigen ferwar wie swak, en de sfear dêr yn dy rjochtseal wie hoe dan ek anty-Steenhuis. De ofsier fan justysje easke ien moanne finzenis. Op 18 novimber die de rjochter útspraak: ien moanne selstraf of 300 gûne boete. Dêrmei kaam er abbekaat Van Loon in bytsje yn ’e mjitte. Dy hie frijspraak bepleite, of, mocht de beklaagde dochs skuldich befûn wurde, in jildboete yn plak fan finzenis.In lyts jier nei it ûngelok wie de Voorwaarts I wer yn ’e feart. Ek letter gong dat net altyd fan in laaien dakje. Op 9 novimber 1907 bygelyks rekke it skip, ûnderweis fan Ljouwert nei Drachten, by Stobbehoeke yn tichte dize oan de grûn en moasten de fjouwer of fiif passazjiers, ‘waaronder een kind’, in nacht oan board trochbringe. Yn novimber 1915 joech Steenhuis der de brui oan en ferkocht er syn oandiel yn de Voorwaarts I. Yn in advertinsje betanke er elkenien ‘voor de gunst en het vertrouwen, hem geschonken als kapitein’. Goed fiif jier letter waard it hiele skip publyklik ferkocht; it mocht nei gunning net mear yn de beurttsjinst Drachten–Ljouwert brûkt wurde.
Werom nei de ansicht. De ôfstjoerster, Johanna Pasma (1881–1941), skriuwt de byldside hielendal fol (foar in part op ’e kop), mar hat it mei gjin wurd oer wat derop te sjen is. Yn jannewaarje 1904 wie dat ek âld nijs. Sy wol oare dingen kwyt en fernijt de adressearre dat ‘S’ – har suster Sytske – in nije baan as tsjinstfaam yn Haarlem hat en dat sysels yn har betrekking yn Huzum bliuwt. Yn maaie, as sy in wike frij krijt om nei har famylje yn Hallum ta te kinnen, sil se op trochreis oan by de adressearre fan de ansicht, har freondinne Trijntje Hiddinga (1883–1968) yn Stiens. Dat wurdt dan in tuskenstop fan ‘een paar treinen’, want Johanna nimt gjin stomboat mar it Dokkumer Lokaaltsje, de treinferbining fan Ljouwert nei Mitselwier (letter Anjum), dy’t oer Stiens en Hallum giet.
De ansicht fan Johanna is oars fan in twadde oplaach. De nijswearde sil foar in flotte ôfset soarge hawwe; in twadde oplaach wie nedich om oan de fraach te foldwaan. Wy meie oannimme dat de útjouwer dy oplagen yn Dútslân drukke litten hat. Se befetsje beide ommers in Dútsk oandwaande printflater: ‘warts’ yn plak fan ‘waarts’. Yn de twadde oplaach binne twa oare feilen wol ferbettere: de earste oplaach hie noch ‘u.’ (it Dútske ‘und’) en ‘Noorwarts’. Fan dy twadde oplaach ferskynde nammers ek in mei giel, blau, read en brún ynkleure ferzje.
Dy útjouwer wie Dijkstra’s Boekhandel yn de Ljouwerter Piperstrjitte 11. Gerben Dijkstra (1857–1911) wie yn dy snuorje fierhinne de grutste spiler op de Fryske ansichtkaartemerk. Tusken 1900 en 1908 brocht er nei skatting sa’n 250 ansichten fan Ljouwert út, plus noch in protsje mei spesjale ûnderwerpen, lykas de PC yn Frjentsjer, de monumintale pleats Vijverzathe fan feefokker Jan Arjens Wassenaar yn Jelsum en it hûs fan de ynbraak yn Britsum dy’t ta de Hogerhuis-saak laat hie. Ferskate foto’s foar ansichten fan Dijkstra’s Boekhandel waarden makke troch de Ljouwerter fotograaf Hendrik Johannes Craije. Faaks hat hy ek de foto fan de ‘bootramp’ sketten.






