‘Groeten uit’ (l.b.), ‘HEEG.’ (m.b.), ‘Starend in de verte | Is ’t mij, of teer en zoet, | Gij zelf mij vroolijk | lachend | Zoo blij en vriendlijk | groet! | Daarom zend ik zoo vroolijk | Van hier mijn groeten nu: | Als gij die zult ontvangen | Dan weet gij: ’k denk aan U!’ (r.), 1909. Fantasykaart, mearkleuredruk, 90×139 mm. Sûnder fermelding fan in útjouwer. Poststimpels Heech 24-09-1910 en Ljouwert 24-09-1910. Ferstjoerd oan Hylkje Poiesz, Ljouwert, troch Elisabeth Potma.
Leeuwarden moet hij wezen
Grootmoeder mag hem lezen
Zake Potma is de man
Waar de post hem brengen kan
Sa adressearre de tolvejierrige Liesbet Potma it kaartsje dat sy har beppe Hylkje Poiesz stjoerde, dy’t tydlik by har soan Sake Potma wenne. Beppe Hylkje en omke Sake sieten yn Ljouwert, hiel wat grutter as Liesbet har wenplak Heech. Dat foar de wissichheid waard it adres der dochs ek noch mar boppe skreaun: Achter de Hoven U175. De U stiet foar de wyk dêr’t Achter de Hoven diel fan útmakke.
De postrinder markearre de adressearring, dy’t ommers op in ûngebrûklik plak op de kaart telâne kommen wie. Hy die dat mei syn anilinepotlead, in fêst attribút fan postrinders, dat se brûkten om bygelyks adressen te ferbetterjen of strafport oan te tekenjen. De blauwe aniline koe, oars as de grafyt fan in hjoeddeisk potlead, net útgomme wurde. Om der mei skriuwe te kinnen moasten je der wol earst oan slikje. Tsjintwurdich binne anilinepotleaden ferbean: aniline is giftich en feroarsaket mooglik kanker.

Liesbet har kaartsje wie net de iennichste post dy’t beppe Hylkje op 24 septimber 1910 krige. Ek Liesbet har jongere suske Hieke stjoerde har dy deis in ansicht, mei deselde adressearring. Beide kaartsjes binne troch ien hân beskreaun, faaks troch harren mem. De pitertuerlike, berime adressearring wie oars gjin eigen fining fan de Potma’s. In yn 1905 ôfstimpele ansicht yn de kolleksje fan samler Dirk Swierstra, no yn it Histoarysk Sintrum Ljouwert, hat in fergelykbere adressearring:
Deze kaart is te bezorgen
is het vandaag niet dan morgen
bij Rinze Visser moet hij wezen.
en Grietje Visser moet hem lezen.
Vrosschepolle o/d Huizum.
Beppe Hylkje, berne yn Aldeboarn yn 1842, wie yn 1866 troud mei skuonmakker Abel Potma en wenne sûnttiid yn Heech. Hylkje en Abel krigen tsien bern, fan wa’t der trije foar it fjirde libbensjier ferstoaren. Beppesizzers Liesbeth (1897–1971) en Hieke (1899–1975) wienen dochters fan har soan Theodorus Potma, skipstimmerfeint yn Heech, en dy syn frou Joukje de Vries. Dat Hylkje yn 1910 blykber by har jongste bern Sake yn Ljouwert ynwenne, kin wêze om’t sy yn 1908 widdo wurden wie. Yn datselde jier wie Sake troud mei Hyke de Vries en hie er him yn Ljouwert fêstige. Hylkje har ferbliuw yn Ljouwert wie tydlik; sy soe yn 1925 ferstjerre yn Heech.
De foarnamme fan Sake wie offisjeel Zacharias, en beppesizzers Liesbeth en Hieke stienen ynskreaun as Elisabeth en Helena. De famyljes Poiesz en Potma wienen katolyk. Sake, berne yn Heech yn 1884, dreau op it adres Lytse Tsjerkestrjitte 13 yn Ljouwert in winkel yn fytsen en gimmelearre guod. Yn 1914 gong er fallyt. Twa jier letter ferhuze Sake mei syn frou Hyke nei Purmerein, dêr’t er syn âlde berop wer oppakte en nei ferrin fan jierren in fyts- en moffelfabryk hie mei de namme Elegant. Nei it ferstjerren fan Hyke troude er mei har suster Catharina. Sake rekke yn 1953 wei yn Purmerein.De kaartsjes dy’t Hylkje Poiesz fan har beppesizzers krige, hawwe fleurige fantasyfoarstellings mei in rymke en it byskrift ‘Groeten uit Heeg’. De plaknamme is der neierhân yn boekdruk byprinte. Beide kaartsjes meitsje diel út fan in searje mei tsien farianten. De searje is yn 1909 foar de Nederlânske merk printe en útjûn yn Dútslân; achterop de kaartsjes stiet hieltyd ‘Printed in Germany’. By myn witten wurdt mar ienris in pleatslike útjouwer fermelde: de firma fan Frans van der Zwaag en syn soan Johannes yn Harns, dy’t boppedat de muoite nommen hawwe de plak- en firmanamme net yn swart mar yn de brune kleur te printsjen dy’t ‘Groeten uit’ al hie (nû. 4).
Yn dyselde snuorje produsearre de ûnbekende Dútske firma ek noch in stikmannich oare, soartgelikense searjes, yllustrearre troch deselde, allyksa anonime yllustrator. Hy of sy hat in dúdlik werkenbere styl; de figueren sjogge derút as poppen mei porsleinen hollen. Ien fan dy searjes waard yn Nederlân ferhannele troch Philippus van Amerongen yn Grins (sjoch Poste restante XLII). De oare searjes hawwe, krekt as de hjir beskreaune searje, achterop de meidieling ‘Printed [inkeldris Printet] in Germany’.
Hjirûnder in list mei de ‘Fryske’ eksimplaren yn myn samling fan de searje dêr’t Hylkje Poiesz twa fan tastjoerd krige. Yn de byldbanken fan Tresoar en it Histoarysk Sintrum Ljouwert haw ik gjin eksimplaren fûn. De ôfkoarting st. = ôfstimpele yn.
1. Frou oan in tafel wylst se in brief skriuwt. ‘Starend in de verte / Is ’t mij, of teer en zoet, / Gij zelf mij vroolijk lachend / Zoo blij en vriendlijk groet! / Daarom zend ik zoo vroolijk / Van hier mijn groeten nu: / Als gij die zult ontvangen / Dan weet gij: ’k denk aan U!’
Heech (st. 1910).
2. Man oan in tafel wylst er in brief skriuwt. ‘’k Schreef wel gaarne op dit blad / Al mijn verlangen neder, / Al mijn wenschen steeds voor U, / Als zuchten, zacht en teeder. / ’k Hoop, dat gij ze in het enkel woord / Dat ik hier schrijf, kunt lezen, / Jn mijnen groet: Kon ’k even maar / Zelf weer eens bij U wezen!’
Aldegea yn Smellingerlân (st. 1910), Blauhús (st. 1910), De Skrâns yn Ljouwert (st. 1910).
3. Frou mei in read hert mei de tekst ‘Vergeet mij niet.’ en in do mei in slúf yn ’e snaffel. ‘Ver van U slaat toch mijn hart / U verlangend tegen, / En het volgde mijne kaart / Gaarne op zijn wegen.– / ’k Denk aan U, zooals gij ziet, / ’k zend mijn groet, vergeet mij niet!’
Boalsert (st. 1911), Lúnbert (stimpel ûnlêsber), Wommels (st. 1910), sûnder plak (ferstjoerd binnen Fryslân, st. 1910).
4. Man mei in read hert mei de tekst ‘Ik denk aan U’ en twa dowen. ‘Wat afstand ons moog’ scheiden, / Wat tusschen ons moog’ staan, / Ons lacht, na lang verbeiden, / Een hoopvol Weerzien aan. / Ik denk aan U, dat juich’ mijn groet / U van verre tegemoet.’
Harns (st. 1909), Kûbaard (st. 1909), Wommels (st. 1910), Wytmarsum (st. 1910).
5. Postrinder langet in frou in brief oer. ‘Ben ik U thans niet nabij, / ’k Denk aan U, geloof dat vrij! / Als gij mijne kaart beziet, / Weet gij ’t, ik vergeet U niet! / ’k Zend U uit een vol gemoed / Vlug per post een blijden groet, / In de hoop, dat ik weldra / Zelf weer groetend voor U sta!’
Dokkum (st. 1910); Harns (st. 1910).
6. Soldaat op in fyts. ‘Als militair kom ik aangereden, / Vlieg U juichend tegemoet,– / Ben ik ver van U op heden, / ’k Breng toch vroolijk U mijn groet.’
Aldebiltsyl (st. 1909), Nijhoarne (st. 1910), Driesum (st. 1909).
7. Frou wiuwt in stomskip út. ‘Bij’ t vertrek naar verre streken, / Wuif ik toe met blij gemoed, / U een hartelijk “tot weerziens” / En een allerbesten groet.’
Dokkum (st. 1909), Heech (st. 1909), Penjum (st. 1909), Wommels (st. 1909).
8. Twa famkes yn in loftballon. ‘Zoo per schip, per spoor, per fiets, / Zelfs per auto – och, ’t is niets. / Lachend zend ik uit de lucht / U mijn groet in vogelvlucht.’
Aldehaske (st. 1909), Harns (st. 1909), Kûbaard (st. 1909), Snits (sûnder stimpel), Starum (st. 1910).
9. Trije froulju en in man yn in trein. ‘De tijd is kort,– / Daarom met spoed, / Zend ik per spoor, / U een extra groet!’
Snits (st. 1910), Wommels (st. 1910).
10. Grut selskip op in wein mei twa hynders derfoar. ‘Hoera, hoera! daar komen we aan, / Heel de wagen is volgelaân. / Wuivend rijden w ’U tegemoet, / Brengen een blijden vriendengroet.’
Berltsum (st. 1910), Heech (st. 1910), De Lemmer (sûnder stimpel).
Noat
Ofbyldings fan de kaart ferstjoerd oan Grietje Visser yn: Leendert Plaisier, De groeten van Dirk. Leeuwarder ansichten uit de verzameling van Dirk Swierstra, [Leeuwarden] 2016, s. 134–135.



