‘Groeten uit’ (m.b.), ‘Bolsward | Marktstraat’ (r.m.), ‘Snel als | de luchtbol, die
Oft ôfstjoerder ‘T.A.’ in frijer wie of in freondinne, wy komme it net te witten. Hy of sy is koart fan stof en skriuwt inkeld yn ôfkoartings. De inisjalen is neat mear oan taheakke as ‘pf’: pour féliciter, proficiat. En ja, in dei neidat de kaart út Boalsert wei ferstjoerd waard nei Amsterdam, hie de ûntfangster yndied wat te fieren: op 27 april 1911 wie Grietje Tijmstra jierdei.
Grytsje wie yn 1880 yn Wûns te wrâld kommen as tredde bern fan Ulbe Tijmstra en Antje Bergsma. Doe’t har âlden mei-elkoar trouden, wie Ulbe 65 jier en wie syn 34 jier jongere breid Antsje swier fan harren earste bern. Neffens de trouakte wie Antsje ‘geboren te Pingjum, dienstmeid, wonende te Wons, meerderjarige natuurlijke doch niet erkende dochter van Eeke Andries Bergsma, arbeidster, wonende te Pingjum, de vader onbekend’. By de berte fan Grytsje wie har heit Ulbe santich jier; hy ferstoar seis jier letter. Fan 1908 oant 1912 wie Grytsje tsjinstfaam yn Amsterdam op respektivelik de adressen Plantage Middenlaan 23 en Nassaukade 354. Yn 1913 troude se mei de widner Romke van Dijk (1873–1947), dy’t boer wie. Sy krigen ien soan, Gerrit Melle. Grytsje ferstoar yn Den Haach yn 1938.
De kaart dy’t Grytsje tastjoerd krige, is der ien út in searje fan tsien fantasykaarten mei farianten, op ’e merk brocht troch in útjouwer mei it logo ‘P.v.A.G.’. Wat alle kaarten út de searje mienskiplik hawwe, is links in romantysk plaatsje, midden boppe it golvjende opskrift ‘Groeten uit’, rjochts boppe fleanende swellen wêrfan’t de grutste wat yn ’e snaffel hâldt, en rjochts ûnder in rymke. De tsien ferskillende plaatsjes binne fan deselde hân as de plaatsjes op minstens twa oare, soartgelikense searjes ansichten út deselde tiid, sûnder logo’s of fermelding fan in útjouwer, mar neffens in meidieling op de achterkant ‘Printed in Germany’. Ek de hjir beskreaune searje is sûnder mis printe yn Dútslân, foar de Nederlânske merk.
Elk fan de tsien foarstellings (A–J) komt foar yn twa farianten. Fariant 1 hat fiif swellen, in swarte achtergrûn en in seisrigelich rymke yn losse letters. Fariant 2 hat trije swellen, in donkergriene achtergrûn en in twarigelich rymke yn ferbûne letters. Yn fariant 1 hâldt de grutste swel in banderol yn ’e snaffel, yn fariant 2 in rjochthoekich flak. Dat flak kin mei fiif ferskillende plaatsjes beprinte wêze. Subfariant 2a hat in brievekaart yn blau, subfariant 2b in tillegram yn blau, subfariant 2c in postwiksel fan de Nederlandsche Bank yn blau, subfariant 2d in bankbiljet fan twahûndert gûne yn swart en subfariant 2e in topografysk plaatsje fan it oanbelangjende plak yn swart.
Op de brievekaart, it tillegram en de postwiksel is om sa te sizzen ‘personalisearjende’ tekst meiprinte, ek al is dy net alhiel te lêzen en binne de nammen fiktyf. De brievekaart is adressearre oan ‘Mejuffrouw J. Z[…]’ yn Amsterdam, mei it boadskip ‘Verwacht spoedig antwoord terug. J[…]’. Op it tillegram stiet ‘Amsterdam […] (antwoord betaald) Zond U eene kaart terug. Cor’. En de postwiksel is ‘duizend kussen’ wurdich, út te kearen oan juffer Zondervan op it (fantasy)adres Koolstraat yn Landlust. Dit soarte teksten lykje de generike tapassingsmooglikheden fan de kaarten te ferminderjen, mar ôfstjoerders en ûntfangers sille harren der wol net om bekroade hawwe.
Hjirûnder in list fan de ‘Fryske’ eksimplaren yn de kolleksjes fan Tresoar en mysels. Yn de byldbank fan it Histoarysk Sintrum Ljouwert haw ik gjin eksimplaren fûn. De ôfkoarting st. = ôfstimpele yn.
A. In pearke yn in loftballon.
A1. ‘Omhoog omlaag, waarheen ik ga / Uw beeld blijft in mijn hart, / En door de grootste vreugde trilt / Toch altoos de scheidenssmart. / Mijn hart zend [!] U, vol warmen gloed, / Van overal mijn besten groet.’ Banderol. De Lemmer (st. 1912).
A2. ‘Snel als de luchtbol, die d’ aarde verlaat, / Is de groet van mijn harte, die tot U gaat!’
A2a. Brievekaart. Harns (st. 1912).
A2e. Topografysk plaatsje. Boalsert, Merkstrjitte (st. 1911).
B. In pearke op in kafeeterras.
B1. ‘Ver van huis, hoe schoon ’t er is, / Zoek ik toch iets, dat ik mis, – / Hoeveel vreugd ik hebben mag / U mis ik toch heel den dag. – / Daarom zend ik kort en goed, / U van hier mijn besten groet!’ Banderol. Harns (st. 1912).
B2. ‘’t Zit hier zoo lekker en zoo goed, / Dat ik U dubbel vroolijk groet.’
B2a. Brievekaart. Heech (st. 1911), Nijemardum (Tresoar, 103782, st. 1912).
B2d. Bankbiljet. Harns (st. 1911).
B2e. Topografysk plaatsje. Bakhuzen, Doarpsstrjitwei (st. 1912).
C. In man en in frou yn in twaddeklas treinkûpee.
C2. ‘Al zullen wij elkaar vooreerst niet ontmoeten, / Mijn hart zendt dag aan dag U mijn beste groeten!’
C2b. Tillegram. Grou (st. 1911), Harns (st. 1911), Wânswert oan de Streek (Tresoar, FER1353, st. 1912).
C2c. Postwiksel. Steggerda (st. 1911).
C2e. Topografysk plaatsje. Ljouwert, stedhûs (st. 1911).
D. Twa frommeskes yn in boatsje.
D2. ‘De Kab’lende golfjes van den vloed / Herhalen steeds weer mijn besten groet.’
D2c. Postwiksel. Warkum (st. 1911).
E. In pearke te roltsjeriden.
E1. ‘De wereld zegt men, kan niet steeds / Zoo glad op rolletjes loopen / Ik voel het zelf, zoo ver van U / Blijf ik op ’t weerzien hopen! / En ’k zend U, uit een vol gemoed / Van verre nu mijn besten groet!’ Banderol. Ferwert (st. 1914).
E2. ‘Wel, wel, had jij dat ooit gedacht, / Dat ik U zoo mijn groeten bracht?’
E2d. Bankbiljet. Ie (st. 1912), Ljouwert (st. 1911).
F. In pearke te fytsen.
F1. ‘Langs berg en dal, langs wei en bosch / Voortgesneld op het stalen ros. / Al gaat het nog zoo wondervlug, / Mijn hart gaat sneller nog terug. / En brengt U met nog meerder spoed / Van verre vlug mijn warmen groet!’ Banderol. Harns (gjin stimpel).
F2. ‘Al gaat het de wereld door, nog zoo vlug, / Naar U keert steeds mijn verlangen terug.’
F2e. Topografysk plaatsje. Ljouwert, stedhûs (st. 1913), Nijlân (st. 1911).
G. In frou swaait in stomboat út.
G2. ‘Hoe ver van U ik wezen mag, / Toch denk ik aan U elken dag!’
G2c. Postwiksel. Harns (st. 1911), Ie (st. 1911).
G2e. Topografysk plaatsje. Ljouwert, Aldehou (st. 1911).
H. In pearke mei sjauffeur yn in mei blommeslingers fersierde auto.
H1. ‘Sneller nog dan deez’ auto / Voortspoedt langs de wegen, / Snelt mijn hart verlangend U / Heel van verre tegen. / En der rozen teere gloed / Brengt van hier U blij mijn groet.’ Banderol. Blauhús (st. 1911), Kollum (st. 1911).
H2. ‘Sneller dan het deez auto doet | Zend ik U blij mijn hartegroet!’
H2b. Tillegram. Warns (st. 1914).
I. In man bringt in brief op ’e post.
I1. ‘Men kan niet altoos samenzijn, / Dat heb ik lang geweten, / Maar d’ afstand, die ons heden scheidt / Doet ons toch niet vergeten. / Mijn kaart brengt U met grootsten spoed / Mijn allerbesten vriendengroet.’ Banderol. Kollum (sjoch A. Westerhof en P. de Boer, Uit het album van Kollumerland, Leeuwarden 1994, s. 4).
I2. ‘Nog pas maar hier, zend ik met spoed / U mijn allerbesten groet.’
I2a. Brievekaart. Aldetrine (st. 1911), Harns (st. 1911).
J. In frou bringt in brief op ’e post.
J2. ‘Wat straks mijn brief U zeggen zal? / Aan U denk ik steeds, overal!’
J2c. Postwiksel. Grou (st. 1911).
Mar wa wie no de útjouwer dy’t de kaarten yn Nederlân op ’e merk brocht en achter it logo ‘P.v.A.G.’ skûlgiet? It logo komt net foar yn it oersjoch ‘Vignetten en monogrammen van uitgevers’ yn de Encyclopedie van de Nederlandse prentbriefkaart fan H.J. Haverkate. Nei wat sykjen op ’e taast bin ik der wis fan dat it giet om de Grinzer útjouwer Philippus van Amerongen. Hy waard berne yn Grins yn 1870 as soan fan de keapman Jouda Salomon van Amerongen (1821–1870) en Roosie de Groot (1825–1902). Philippus dreau in winkel yn papierwaren yn de Kleine Haddingestraat 1 en joech berneboeken út, mei titels as Wintervreugd!, Plaatjes en versjes en Asschepoester en de gelaarsde kat. Al yn 1897 advertearre er ek mei nijjierskaarten, ‘waaronder fijne en ordinaire soorten, welke tegen spotprijzen zullen verkocht worden’. Yn 1902 troude Philippus mei Paula (offisjeel Paulina) Vijth, berne yn Kalkar yn 1875. Wierskynlik yn itselfde jier ferhuze er de winkel nei it Zuiderdiep 120. Philippus en Paula krigen twa dochters: Rosa (1903) en Jozephina (1904).
Yn febrewaarje 1912 ferfear de húshâlding fan Grins nei Amsterdam. De famylje wenne dêr yn ’e rin fan de jierren op ferskillende adressen, mei as lêste adres, sûnt april 1938, Deurloostraat 39 ien heech. Philippus sette yn Amsterdam in winkel yn lúkse papier op oan de Geldersekade 117. Yn de earste tiid yn Amsterdam joech er noch wolris ansichten út, foarsjoen fan in logo dat liket op it eardere Grinzer logo, mar mei in A yn plak fan de G. Fryslân wie no in stik fierder fuort; ik haw net de yndruk dat syn ansichten dêr noch in protte ôfset fûnen. Inkeld fan Easterbierrum, Haulerwyk, Kûbaard en Sint Jabik binne my Fryske ansichten mei it logo ‘P.v.A.A.’ bekend.
Philippus lei him yn Amsterdam foaral ta op berneprinteboeken, en dy beaën gauris wat nijs – boeken mei ôfwriuwplaatsjes, mei beweechbere dielen, mei kontoeren stanst yn de foarm fan de foarstelling op it omslach. It abie-printeboek bygelyks dat er yn 1923 útjoech by gelegenheid fan it 25-jierrich jubileum fan keninginne Wilhelmina hat de kontoeren fan de kroan op it foarplat. In searje berneboekjes mei ferskes, ferskynd yn 1926, kin boppedat lûd jaan. Sa is der ien by mei de kontoeren fan in kat dy’t miauket as je derop drukke. Ek apart is Het Amerikaansche poppenprentenboek út 1925, neffens in advertinsje ‘met beweegbare oogen, in 4 soorten’. Guon fan de boekjes dy’t Van Amerongen útjoech, binne nammers bewurke werútjeften fan boekjes út it bûtenlân. In fêste tekstskriuwer en tekstbewurker wie in Freddy Last, oer wa’t ik fierders neat fine kin. It sil in pseudonym wêze – faaks fan Philippus sels?
Doe kamen de oarloch en de Shoah. Om 1940 hinne stapte Philippus út de saak, dy’t fuortset waard ûnder de namme Repli; ûnbekend is oft er der frijwillich of ûnder twang mei ophold. Yn 1942 of 1943 waarden Philippus, Paula en Rosa weifierd nei kamp Westerbork. Op 30 maart 1943 waarden sy op transport set nei it ferneatigingskamp Sobibor yn Poalen. It wie it fyfde fan de yn totaal njoggentjin transporten dy’t út Westerbork wei nei Sobibor plakhân hawwe. By dat fyfde transport gong it om 1255 minsken. Net ien fan harren hat Sobibor oerlibbe. Philippus, Paula en Rosa waarden direkt nei oankomst op 2 april 1943 fergasse.
Summiere gegevens oer harren binne te finen op de website Joods Monument. In besiker foege dêr dit oan ta:
Philippus van Amerongen had tijdens de Duitse bezetting een afspraak met zijn bovenburen. Wanneer het gezin Van Amerongen onverhoeds zou worden opgehaald van huis, moesten de buren dat onmiddellijk melden bij de notaris op de Stadionweg. Die zou ervoor zorgen dat het gezin vrij zou komen. Het gezin is twee maal opgehaald en weer vrijgelaten. Een derde keer kwamen zij niet meer terug. De buren hadden het vermoeden dat het geld, waarmee het gezin werd vrijgekocht, op was.
Ek Salomon Mathijse, echtgenoat fan Jozephina, waard yn Sobibor fermoarde. Jozephina oerlibbe de oarloch. Sy ferstoar yn 1996, yn ’e âldens fan 92 jier.
Op in grize snein fyts ik nei de Deurloostraat, yn de Rivierenbuurt, Amsterdam-Súd. It is noch gjin tsien menuten fytsen fan dêr’t ik wenje. Oeral yn Súd, ek yn myn eigen strjitte, lizze ta neitins oan weifierde en fermoarde Joaden foar harren lêste wenadres stroffelstiennen tusken de stoeptegels. It binne der noch te min; foar de doar fan Deurloostraat




