Oan Giselhear de tiger
Oer dyn gesicht slûpe jungles.
O wat biste moai!
Dyn tigereagen binne leaflik wurden
Yn de sinne.
Ik tôgje dy hieltyd mei
Tusken myn tosken.
Do myn yndianeboek,
Wyldwest,
Siouxopperhaad!
Yn de skimer smachtsje ik
Fêstbûn oan in buksbeamstam –
Ik kin net mear bestean
Sûnder skalpeboartsjen.
Reade tuten skilderje dyn messen
Op myn boarst –
Oant myn hier oan dyn gurdle wapperet.
Giselheer dem Tiger
Über dein Gesicht schleichen die Dschungeln.
O wie du bist!
Deine Tigeraugen sind süß geworden
In der Sonne.
Ich trag dich immer herum
Zwischen meinen Zähnen.
Du mein Indianerbuch,
Wild West,
Siouxhäuptling!
Im Zwielicht schmachte ich
Gebunden am Buxbaumstamm –
Ich kann nicht mehr sein
Ohne das Skalpspiel.
Rote Küsse malen deine Messer
Auf meine Brust –
Bis mein Haar an deinem Gürtel flattert.
Ut Die gesammelten Gedichte, 1917. YouTube: Else-Lasker-Schüler-Experience, ‘Giselheer dem Tiger’, 2020.
Om 1911 hinne rekke Else Lasker-Schüler fereale op de dokter en dichter Gottfried Benn (1886–1956). Yn titels en opdrachten fan guon gedichten en yn har roman Mein Herz komt Benn foar as Giselheer – Giselher is de namme fan in Boergondyske kening yn it Nibelungenlied – of as Der Barbar. Mystifisearjen en mytologisearjen, sawol op papier as yn har eigen libben, wie har twadde natuer. In alter ego fan harsels wie de androgine Prinz Jussuf von Theben. Yn de rige leafdesgedichten dy’t Lasker-Schüler foar Benn skreau, stride hertstocht en wanhoop om foarrang. Ta dy rige gedichten hearre ûnder mear ‘Giselheer dem Tiger’, ‘Giselheer dem Heiden’, ‘Giselheer dem Knaben’, ‘Dem Barbaren’, ‘Das Lied des Spielprinzen’, ‘Hinter Bäumen berg ich mich’, ‘Nur dich’, ‘Lauter Diamant’, ‘Höre’ en ‘O ich möcht aus der Welt!’. Se binne yn dialooch mei de gedichten dy’t Benn wer foar har skreau. Sjoch benammen Helma Sanders-Brahms, Gottfried Benn und Else Lasker-Schüler. Giselheer und Prinz Jussuf, Berlin 1997.
