Hochlyrik komme je yn poesyalbums komselden tsjin, gesunkenes Kulturgut namstemear. Op dit weblog dûkte earder al Nachleben op – ornaris anonym en oanpast – fan dûmny- en folksdichters as De Génestet, Heije en Tollens yn poesyalbums fan flink wat generaasjes letter. In sprekkend foarbyld biedt ek it poesyalbum fan Minke de Jong. De stim fan Willem Bilderdijk echoot dêryn nei – of is it dy fan Guido Gezelle?
Minke de Jong kaam út wat tsjintwurdich in ‘gearstald gesin’ neamd wurdt. Har âlden wienen widner en widdo doe’t se yn 1900 in nije lange hier yngongen en brochten beide twa bern út harren eardere houliken mei. Heit Jacob de Jong hie troud west mei Minke Syperda, mei wa’t er in soan en in dochter krigen hie, Jacob en Tettje. Mem Finnigje Bottema hie troud west mei Douwe de Boer, mei wa’t se twa dochters krigen hie, Sietske en Trijntje. Jacob en Finnigje krigen tegearre nochris twa bern: Minke dus, en har jongere broer Douwe. Opmerklikernôch ferneamden Jacob en Finnigje dy beide lêste bern nei harren eardere, ferstoarne partners.
Minke, berne yn Easterwierrum op 25 oktober 1901, hie dus in âldere healbroer, trije âldere healsusters en in jonger ‘echt’ broerke. Alle fiif droegen se by oan har poesyalbum, krekt as har beide âlden. Jacob en Finnigje buorken yn Easterwierrum en strutsen yn 1904 mei harren húshâlding del yn Marsum. Alle tritich bydragen yn Minke har album binne dêr ynskreaun, yn 1914 en 1916. Yn 1928 troude Minke mei Meint Bottema (1903–1986), in warbere sosjaaldemokraat, dy’t yn tal fan plakken ûnderwizer wie oant er yn 1960 skoalhaad waard yn De Harkema. Minke ferstoar op 5 septimber 1983 yn it Drachtster sikehûs Nij-Smellinghe.
Har poesyalbum kaam yn de hannel telâne. It is in moaie represintant fan in sjenre hânskriften dêr’t ferskes fan njoggentjinde-iuwske dichters yn fuortlibje oant fier yn de tweintichste iuw. It makket de ynhâld fan in poesyalbum gauris âldfrinziger as men op grûn fan syn ûntsteanstiid ferwachtsje soe; taal en toan binne soms fan rom in iuw earder. De kontribuanten oan de poesyalbums sille de ferskes yn ’e regel wol net oerskreaun hawwe út de oarspronklike bondels of it samle wurk fan de dichters sels. It gros is grif fandele út kranten, tydskriften, blomlêzings en almenakjes, en wierskynlik foaral út oare poesyalbums. Op it bochtige paad fan oarspronklike publikaasje nei poesyalbum wurde de ferskes ornaris anonimisearre en net selden ek bekoarte, modernisearre of ferhaspele.
In moai foarbyld is it it ferske dat Minke har healsuster Tetsje yn 1914 ûnder de oanhef ‘Aan mijn Zusje Minke!’ oan har album bydraacht:
Kort is ’t leven ons gegeven
Daarom neem het wel in acht
Want het heden te verlengen,
Of het gistren weer te brengen
Staat niet in des menschen macht
En het morgen is verborgen
In een ondoorzichtbren nacht.
Dat ferske kaam ea út ’e koker fan de konservative histoarikus, taalgelearde en dichter Willem Bilderdijk, dy’t it opnaam yn syn anonym ferskynde bondel Spreuken út 1823, skreaun as ‘zedelesjes’ foar syn soantsje Lodewijk Willem. It ferske krige ek in plak yn it sânde diel fan De dichtwerken van Bilderdijk út 1857. Yn datselde jier nimt de Amsterdamske ûnderwizer en skoalboekjesskriuwer Pieter Krom it op yn syn Leeroefeningen voor de lagere of volksscholen, dat fiif jier letter oan in twadde printing ta is. Dêrnei makket it ferske in formidabele opgong. As in tekstuele meme kuieret it oant hjoed-de-dei ta troch kranten, tydskriften, bondels grienmank, bedriuws- en ferieningsblêden en allerhande gelegenheidsprintwurk. It ferskynt yn publikaasjes fan útienrinnende sinjatuer, fan rjochtsinnich herfoarme en grifformeard oant kristlik-sosjalistysk en katolyk. Gauris tsjinnet it as oertinkinkje by de jierwiksel of simpelwei as blêdfolsel.
Faken stiet Bilderdijk syn namme derby, mar faken ek net, en mear as ien kear wurdt it op namme set fan… de Flaamske pryster-dichter Guido Gezelle. Dat begjint mei de ferskining yn 1904 by útjouwer L.J. Veen fan Guido Gezelle’s motto-album: in boekje mei in kalinder foar it opskriuwen fan bygelyks jierdagen, opgnist mei oanhellings út it wurk fan Gezelle. Wa sil sizze hoe’t it ferske fan Bilderdijk dêrtusken rekke is? It boekje waard werprinte yn 1930, 1935 en 1948. Ferskate kranten en tydskriften skreaunen Bilderdijk syn ferske dêr blykber út oer (of skreaunen elkoar oer) mei de namme fan Gezelle derby. Sa kin it barre dat de Dragtster Courant it ferske yn 1914 ôfprintet mei de namme fan Bilderdijk derûnder en yn 1918 mei dy fan Gezelle.
De bydragen oan it poesyalbum fan Minke de Jong binne fan:
1. Jacob de Jong, Marsum, 07-02-1914. Minke har heit. Gedicht, 4 rigels, earste rigel ‘Ik wensch u een lang en gelukkig leven’.
Berne Marsum 27-02-1863, ferstoarn Hurdegaryp 18-11-1935, soan fan Pieter de Jong (1819–1890) en Tettje Piersma (1817–1889), troud 1. Ljouwerteradiel 11-05-1889 mei Minke Syperda (1864–1893), troud 2. Baarderadiel 28-03-1900 mei Finnigje Bottema (1863–1945, nû. 2), widdo fan Douwe de Boer (1856–1896).
2. Finnigje Bottema, Marsum, 18-02-1914. Minke har mem. Gedicht, 4 rigels, earste rigel ‘Rozen ziet gij voor u bloeien’.
Berne Raard 23-09-1863, ferstoarn Hurdegaryp 03-12-1945, dochter fan Gerlof Bottema (1829–1911) en Trijntje Kalsbeek (1829–1919), troud 1. Raarderhim 16-12-1886 mei Douwe de Boer (1856–1896), troud 2. Baarderadiel 28-03-1900 mei Jacob de Jong (1863–1935, nû. 1), widner fan Minke Syperda (1864–1893).
3. Douwe de Jong, Marsum, 06-02-1914. In broer fan Minke. Gedicht, 4 rigels, earste rigel ‘’t Is weinig van waarde’.1
Berne Easterwierrum 24-04-1903, ferstoarn Eelderwolde 20-10-1967, soan fan Jacob de Jong (1863–1935, nû. 1) en Finnigje Bottema (1863–1945, nû. 2), troud 1. Ljouwert 15-09-1937 mei Berta Berbera Heidel (1904–1939), troud 2. Eelde 05-10-1949 mei Geessien Zwaving (1905–1988).
4. Trijntje de Boer, Marsum, 08-02-1914. In healsuster fan Minke. Gedicht, 5 rigels, earste rigel ‘Daar komt een tijd, die wisselt met de zangen’.2
Berne Dearsum 18-12-1894, ferstoarn Hilversum 28-09-1980, dochter fan Douwe de Boer (1856–1896) en Finnigje Bottema (1863–1945, nû. 2), troud Menameradiel 14-07-1921 mei Theunis Buruma (1893–1990).
5. Tettje de Jong, Marsum, 08-02-1914. In healsuster fan Minke. It titelleaze gedicht ‘Kort is ’t leven ons gegeven’ fan Willem Bilderdijk (1756–1831), 7 rigels.3
Berne Goutum 07-05-1893, ferstoarn Marsum 05-10-1952, dochter fan Jacob de Jong (1863–1935, nû. 1) en Minke Syperda (1864–1893), troud Menameradiel 11-02-1926 mei Jan Nijmeijers (1896–1971).
6. Anna van der Meulen, Marsum, 09-02-1914. Gedicht, 3×4 rigels, earste rigel ‘Gij vraagt mij of ik op dit blad’.4
Wierskynlik Antje van der Meulen, berne Akkrum 27-06-1902, ferstoarn Bedum 07-11-1977, dochter fan Harmen van der Meulen (1875–1935) en Aafke Statema (1874–1937), troud Menameradiel 02-08-1928 mei Harmen Klijnstra (1895–1973). Antsje har âlden setten harren yn 1912 mei de bern te wenjen yn Marsum.
7. Anna Jacoba Hiemstra, Marsum, 11-02-1914. Gedicht, 8 rigels, earste rigel ‘Er luidt een klokje van scheiden’.5
Berne Marsum 05-01-1901, ferstoarn 07-03-1979, dochter fan Haye Hiemstra (1871–1941) en Antje Elzinga (1873–1956), troud Menameradiel 15-02-1923 mei Marten Bouma (1898–1986).
8. Siebrigje Huizinga, Marsum, 12-02-1914. Gedicht, 6 rigels, earste rigel ‘Weinig letteren heb ik noodig’.6
Miskien Sijbeltje Huizinga, berne Marsum 12-01-1901, ferstoarn 21-02-1979, dochter fan Aelze Huizinga (1861–1931, nû. 28) en Korneliske Blokzijl (1861–1940), troud Menameradiel 04-06-1925 mei Yme Landstra (1897–1989).
9. Sytske Huizinga, [wierskynlik Marsum, 1914]. It gedicht ‘Een kruis met rozen’ fan Petrus Augustus de Génestet (1829–1861), 16 (oarspronklik 8×4) rigels.7 Sytske skriuwt har achternamme as ‘Huizenga’.
Berne Marsum 08-05-1897, ferstoarn Feinsum 12-12-1951, dochter fan Aelze Huizinga (1861–1931, nû. 28) en Korneliske Blokzijl (1861–1940), troud Menameradiel 01-07-1920 mei Willem Hoogland (1894–1965).
10. Femmigje Anna de Vries, Marsum, 18-02-1914. Underwizeres fan Minke. Twa gedichten, 5+5 rigels, earste rigels ‘Het zonnetje in huis te zijn’ en ‘Kleine waterdroppels, kleine korrels zand’.8
Berne Harns 09-06-1884, ferstoarn Ljouwert 02-04-1964, dochter fan Wopke de Vries (1857–1913) en Harmtje Kroes (1859–1939). Underwizeres yn Tsjom (–1907), Marsum (1907–1919) en Ljouwert, skoalle 5 (1919–). Net troud.
11. Dieuwke Kuperus, Marsum, 19-02-1914. Gedicht, 8 rigels, earste rigel ‘Wat is het leven hier op aard’.
Berne Marsum 03-07-1901, ferstoarn Britsum 02-03-1978, dochter fan Sijtze Kuperus (1873–1937) en Hendrika van der Kooi (1878–1903), troud Ljouwerteradiel 12-05-1923 mei Igle Rietstra (1897–1987).
12. Klaaske van der Kooi, Marsum, 19-02-1914. Gedicht, 8 rigels, earste rigel ‘Je leeft nog bij je ouders’.
Berne Marsum 26-03-1892, ferstoarn Hallum 14-03-1926, dochter fan Doeke van der Kooi (1850–1903) en Dieuwke Postma (1850–1922), troud Menameradiel 16-12-1915 mei Bote Tadema (1889–1951).
13. Grietje de Graaf, Marsum, 19-02-1914. Gedicht, 8 rigels, earste rigel ‘Nedrig bloeit een eenzaam bloempje’.
Berne Marsum 13-10-1901, ferstoarn Marsum 02-05-1932, dochter fan Justinus Louis de Graaf (1870–1905) en Aaltje van der Veer (1873–1940), troud Menameradiel 31-05-1923 mei Jelle Jousma (1897–1974).
14. Grietje de Vries, Marsum, 21-02-1914. Gedicht, 8 rigels, earste rigel ‘Eeven als het mur[m’]lend beekje’.9
Berne Marsum 01-08-1901, ferstoarn Marsum 27-01-1940, dochter fan Klaas de Vries (1870–1951) en Hiltje Hoogland (1869–1934). Net troud.
15. Dirkje Kikstra, Marsum, 24-02-1914. Gedicht, 8 rigels, earste rigel ‘Gij vraagt mij of ik op dit blad’.
Berne Kleaster Anjum 19-02-1867, ferstoarn Seisbierrum 04-09-1935, dochter fan Hendrik Kikstra (1833–1875) en Minke Klaver (1844–1875), troud Frjentsjerteradiel 16-05-1891 mei Willem Poelstra (1867–1924).
16. Metje de Vries, [wierskynlik Marsum, 1914]. Gedicht, 8+4 rigels, earste rigels ‘Een blij gelaat, / Een vroom gemoed.’ De earste fjouwer rigels ûntliend oan ‘Honderd spreuken’, nû. XXV, fan Jan Pieter Heije (1809–1876).10
Berne Marsum 06-01-1901, ferstoarn …, dochter fan Sijbren de Vries (1879–1969) en Trijntje Wensemius (1874–1950). Yn april 1914 mei har âlden, broers en susters emigrearre nei Houston, Texas.
17. Anna de Vries, [wierskynlik Marsum, 1914]. Gedicht, 6 rigels, earste rigels ‘Blijmoedig, / voorspoedig, / Bemindt door elkeen’.11
Berne Marsum 29-11-1903, ferstoarn 01-08-2002, dochter fan Sijbren de Vries (1879–1969) en Trijntje Wensemius (1874–1950), troud mei Jean François vander Henst (1898–1992). Yn april 1914 mei har âlden, broers en susters emigrearre nei Houston, Texas.
18. Tetje van der Hogt, Marsum, 01-03-1914. Gedicht, 8 rigels, earste rigels ‘De bloemen zij bloeien, / Zoo lieflijk en blij’.
Berne Marsum 02-09-1902, ferstoarn Ljouwert 24-08-1987, dochter fan Geert van der Hogt (1874–1925) en Trijntje Bakker (1876–1969), troud Ljouwerteradiel 03-11-1926 mei Bavius Visser (1900–nei 1986).
19. Willemina van der Hogt, Marsum, 01-03-1914. Gedicht, 6 rigels, earste rigel ‘Wanneer gij eens in latere dagen’.
Berne Marsum 25-05-1904, ferstoarn Stiens 16-05-1996, dochter fan Geert van der Hogt (1874–1925) en Trijntje Bakker (1876–1969), troud Menameradiel 28-05-1930 mei Wybe Wieling (1900–1988).
20. Jetske de Jong, Marsum, 18?-03-1914. Gedicht, 8 rigels, earste rigel ‘Heb vrede met u zelven’.12
Berne Marsum 19-09-1901, ferstoarn Boalsert 01-09-1989, dochter fan Gerrit de Jong (1875–1950) en Aaltje Jongsma (1873–1943), troud Menameradiel 19-05-1927 mei Jacob van der Meulen (1900–1984).
21. Pietje de Jong, Marsum, 14-03-1914. Gedichten, 6+4+2 rigels, earste rigel ‘Wat zal ik schrijven op dit blad’.
Berne Marsum 31-05-1900, ferstoarn nei 1982, dochter fan Gerrit de Jong (1875–1950) en Aaltje Jongsma (1873–1943), troud Menameradiel 20-05-1926 mei Ype Jansens (1900–1975).
22. Doetje Dijkstra, Marsum, 03-02-1916. Gedicht, 8 rigels, earste rigel ‘Een lief en aardig roosje’.
Berne Easterwierrum 22-07-1901, ferstoarn Wjelsryp 27-10-1951, dochter fan Jetze Dijkstra (1864–1923) en Froukje Rijpstra (1870–1963), troud Baarderadiel 05-06-1929 mei Sjoerd Boersma (1894–1940).
23. Jacob de Jong, Marsum, 10-03-1916. In healbroer fan Minke. Gedicht, 4 rigels, earste rigels ‘Twee open oogen / Een hartje van goud’.13
Berne Goutum 01-04-1891, ferstoarn Marsum 16-11-1955, soan fan Jacob de Jong (1863–1935, nû. 1) en Minke Syperda (1864–1893), troud Menameradiel 11-02-1926 mei Adriaantje Hiemstra (1898–1976).
24. Tjitske van der Plaats, Marsum, 11-03-1916. It gedicht ‘Zonnetje’ fan Jan Dirk Christiaan van Dokkum (1868–1938), 3×4 rigels.14
Berne Bitgum 07-02-1903, ferstoarn Ljouwert 15-08-1975, dochter fan Lieuwe van der Plaats (1863–1914) en Houkje Siderius (1865–1944), troud Menameradiel 25-06-1925 mei Anne Pieter van der Heide (1900–1943), echtskieding 29-03-1934.
25. Sietske de Boer, Marsum, 31-03-1916. In healsuster fan Minke. Gedicht, 8 rigels, earste rigel ‘Even als de lieve lente’.15
Berne Koudum 30-06-1888, ferstoarn Valkenburg (Súd-Hollân) 06-02-1977, dochter fan Douwe de Boer (1856–1896) en Finnigje Bottema (1863–1945, nû. 2), troud Menameradiel 02-05-1912 mei Rindert Keestra (1888–1957).
26. Boukje (ek Baukje) Span, Marsum, 14-04-1916. It gedicht ‘In het album van eene vriendin’ troch Pieter Jacobus Cornelis Thomson (1806–1867), sûnder de titel, 6 rigels.16
Berne Britsum 28-09-1904, ferstoarn 04-05-1994, dochter fan Cornelis Span (1869–1955) en Janke Wijma (1870–1950), troud Baarderadiel 21-09-1927 mei Nanne Rodenhuis (1903–1977).
27. B. van der Werff, sûnder plak, 22-12-1916. Twa gedichten, 8+4 rigels, earste rigels ‘Blijf steeds eenvoudig vroom en goed’ en ‘Liefe Minke pluk steeds rozen’.
Net identifisearre.
28. Aelze Huizinga, Marsum, [wierskynlik 1916]. Gedicht, 10 rigels, earste rigel ‘Een ieder kan al is hij jong’.
Berne Blessum 18-04-1861, ferstoarn Ljouwert 20-11-1931, soan fan Jan Huizinga (1815–1891) en Attje Poelstra (1826–1903), troud Menameradiel 07-06-1883 mei Korneliske Blokzijl (1861–1940). Deagraver.
29. Klaas Kuiken, Marsum, 28-04-1916. Gedicht, 8 rigels, earste rigels ‘Er is in ’t leven / Van iedereen’. Skreaun troch syn echtgenoate Sytske van der Heide (nû. 30).
Berne Sint Anne 05-05-1879, ferstoarn Maarssen 29-01-1940, soan fan Marten Kuiken (1850–1882) en Klaasje Krottje (1852–1926), troud Menameradiel 08-05-1913 mei Sytske van der Heide (1880–1943, nû. 30).
30. Sytske van der Heide, Marsum, 28-04-1916. Gedicht, 8 rigels, earste rigel ‘Verdwijnen moet de tijd der jeugd’.
Berne Sint Anne 01-11-1880, ferstoarn Maarssen 04-11-1943, dochter fan Romke van der Heide (1850–1919) en Antje Algera (1848–1924), troud Menameradiel 08-05-1913 mei Klaas Kuiken (1879–1940, nû. 29).
Noaten
- Ek yn it poesyalbum fan Fetske Hemminga yn in bydrage út 1915 (Tresoar, Ljouwert). Fierders M.L. van Albada, Poësie. Zes generaties albumversjes, Midlaren 1984, s. 66–67, yn bydragen fan 1855 ôf.
- Ek yn Lelie- en rozeknoppen. Weekblad voor meisjes 2 (1883–1884), nû. 48 (16-04-1884), s. 383.
- Willem Bilderdijk, Spreuken, Leyden 1823, s. 53. Ek yn De dichtwerken van Bilderdijk, VII, Haarlem 1857, s. 400. Yn itselde jier yn P. Krom, Leeroefeningen voor de lagere of volksscholen. Tweede cursus. Eerste stukje, Amsterdam 1857, s. 45; 18622, s. 45. Oant en mei 1914 – it jier dat Tetsje it yn Minke har album skreau – ek yn De Fabrieksbode. Weekblad der Nederlandsche Gist- en Spiritusfabriek 1 (1882–1883), nû. 28, 30-12-1882; De Blijde Wereld. Christen-Socialistisch Weekblad 2 (1904), nû. 17, 19-02-1904; 12 (1914), nû. 12, 02-01-1914; Guido Gezelle’s motto-album, Amsterdam [1904], s. 13 (op namme fan Gezelle); Het Oosten. Wekelijksch Orgaan der Weesinrichting te Neerbosch, nû. 1736, 06-04-1904; nû. 1807, 16-08-1905, nû. 1947, 22-04-1908; Rotterdamsch Nieuwsblad, 31-12-1904 (anonym); J. Fransen, ‘Bilderdijk als schrijfmeester’, Christelijk Schoolblad 13 (1906), nû. 40, 05-10-1906; J.H. Wiersma, Tot herinnering. Een boekje voor jongens en meisjes die de zondagschool verlaten, [s.pl. ±1906], s. 43; De Blauwe Vaan. Orgaan voor Drankbestrijding 6 (1909), nû. 29, 23-07-1909; 9 (1911), nû. 11, 15-12-1911; Leidsch Dagblad, 26-02-1910; Pniël. Weekblad voor het Christelijk Gezin, nû. 1088, 02-11-1912; Gereformeerd Maandblad. Godsdienstig en Maatschappelijk Tijdschrift voor Zuid-Afrika 18 (1913), nû. 1, jannewaarje 1913; Emmer Courant, 25-10-1913; Dragtster Courant, 29-04-1914. Nei 1914 noch yn tal fan oare publikaasjes.
- Ek yn it poesyalbum fan Fetske Hemminga yn in net-datearre bydrage. Fierders Van Albada 1984, s. 54, yn in bydrage út 1885.
- Ek yn it poesyalbum fan Petronella Andringa yn in bydrage út likernôch 1900 (Tresoar, Ljouwert) en yn it Nieuwsblad van het Noorden, 10-06-1906. Fierders Van Albada 1984, s. 53, yn bydragen fan 1916 ôf.
- Ek yn de poesyalbums fan Saakje Obma yn in bydrage út 1894 (Admiraliteitshûs, Dokkum), Petronella Andringa yn in bydrage út 1898, Antsje Toornstra yn bydragen út 1901 en 1919 (Admiraliteitshûs, Dokkum), Fetske Hemminga yn in bydrage út 1915, Fetsje Postma yn in bydrage út 1918 (eigen kolleksje), Rinske Lootsma út 1923 (eigen kolleksje) en Klaaske Anema yn in bydrage út 1926 (eigen kolleksje). Fierders Van Albada 1984, s. 64, yn bydragen fan 1900 ôf.
- P.A. de Génestet, Laatste der eerste. Verspreide gedichten, Amsterdam 1861, s. 286–288; 18622, s. 286–288. Ek yn De dichtwerken van P.A. de Génestet, I, ed. C.P. Tiele, Amsterdam 1869, s. 208–209. Fierders Van Albada 1984, s. 109, yn in bydrage út 1873.
- It twadde gedicht is in oersetting út in Ingelsk troch Jacoba Mossel en waard ûnder de titel ‘De macht van ’t kleine’ publisearre yn Catharina van Rennes, Voorjaarsbloemen. Een bundeltje van 12 kinderliedjes, Amsterdam 1886 (minstens twa kear werprinte). Ek yn K. Veldkamp & L. Bouman, Zangschool in liederen, II, Groningen 1916, 19253; Ons lied. Een nieuwe bundel voor de zondagschool, Nijmegen [±1918], s. 9; Haagsche liederbundel, ’s-Gravenhage [±1920], s. 80–81; Christelijke liederen voor jeugd-evangelisatie, school en huis, Den Haag [±1930], s. 29; en yn lettere edysjes fan de mear as fjirtich kear werprinte lietebondel J. Veldkamp & K. de Boer, Kun je nog zingen, zing dan mee! Fierders Van Albada 1984, s. 90, yn bydragen fan 1912 ôf.
- Van Albada 1984, s. 115, yn in bydrage út 1931.
- J.P. Heije, Al de kinderliederen, Amsterdam 1861, s. 209.
- Van Albada 1984, s. 75, yn in bydrage út 1944.
- Ek yn de Nieuwe Haarlemsche Courant, 12-02-1892; 04-06-1897; De Avondpost, 09-12-1895; Vrede. Orgaan tot Bespreking van de Praktijk der Liefde 1 (1898), nû. 22, 01-10-1898; Pniël. Weekblad voor het Christelijk Gezin 15 (1906), nû. 764, 18-08-1906, s. 272; P. van Vledder, Bouwsteenen. Keur van ‘goede gedachten’ tot opbouw van ons geestelijk leven, [s.pl. 1908], s. 220; H. van den Berg Rzn., Verzameling van spreekwoorden, gezegde(n), kernachtige en pittige volzinnen, spreukjes en rijmpjes, [s.pl. ±1910], s. 24; H.W. Roes, Bemesting veldvruchten-, groente- en ooftteelt, [s.pl.] 19107, 19108, s. 163; De Katholieke Illustratie 46 (1911–1912), nû. 21, 02-03-1912; Het Oosten. Wekelijksch Orgaan der Weesinrichting te Neerbosch, nû. 2987, 28-03-1928. It ferske waard resinter ek wol brûkt yn rou-advertinsjes (Haarlems Dagblad, 28-09-1979; Provinciale Zeeuwse Courant, 25-04-2002).
- Van Albada 1984, s. 86, yn bydragen fan 1912 ôf.
- J.D.C. van Dokkum (tekst), Cath. van Rennes (muzyk), Zonnetje. Lied voor één zangstem en piano, Gent 1893 (= Nederlandsche zangstukken, 13/2); J.D.C. van Dokkum, ‘Zonnetje’, Nationale Vereeniging voor den Volkszang. Afdeeling: ’s-Gravenhage en Omstreken. Tekstboek, [Den Haag 19216], s. 18.
- Ek yn it poesyalbum fan Fetske Hemminga yn in bydrage út 1914. Fierders Van Albada 1984, s. 113, yn in bydrage út 1901.
- P.I.K. Thomson, Gelegenheids-versjes, ten gebruike voor kinderen van verschillende leeftijd; als: nieuwjaars-, verjarings- en album-versjes, Goes [1865], s. 73. Ek yn it poesyalbum fan Idskia Postma yn in bydrage út 1922 (eigen kolleksje). Fierders Van Albada 1984, s. 74, yn in bydrage út 1905.


