It kin besjen lije, it poesyalbum fan Idskia. It hat in prûs bantsje fan brúnread flewiel, dêr’t it wurd ‘POESIE’ en ranken mei blommen yn parse binne. Oarspronklik wienen dy fergulde, mar op in pear gruzeltsjes nei is it goud troch de jierren hinne ôfsliten. Likegoed bylket it boekje noch altyd, en it leit aaiber yn ’e hân.
De earste eigneresse, Idskia Postma, waard berne yn Wurdum op 30 maart 1887 as dochter fan Bouke Pieter Postma (1860–1937) en Klaaske Bosma (1861–1935). Se wie it twadde fan de fiif bern dy’t har âlden krije soenen. Heit Bouke wie boer. Idskia – ek wol oansprutsen mei Idske – troude op 7 desimber 1910 mei Tiete Anema (1885–1944) fan Tsjom. It pear buorke yn Froubuorren en krige twa bern. Idskia ferstoar op 27 desimber 1964 yn it Sint Bonifatius Hospitaal yn Ljouwert.
It albumke iepenet mei in printe titelside, opgnist mei blommen, sweltsjes, flinterkes en twa kupido’s. Dan folgje 23 bydragen, elk mei ien oant seis poesyalbumplaatsjes. Achttjin bydragen binne datearre of te datearjen yn 1895–1905. Se binne fan doarpsgenoatsjes en freondinnen fan Idskia, famkes fan njoggen oant achttjin jier âld, en har jongste bruorke Klaas. Guon hawwe it skriuwwurk oerlitten oan in folwoeksene, liket it. Dat jildt bygelyks foar de bydragen fan Pytsje en Tryntsje Jorna en Jetske Postma (nû. 11, 12 en 15), dy’t boppedat alle trije troch ien en deselde hân skreaun binne.
Yn maart 1922, doe’t Idskia al lang en breed troud wie, kamen der noch fiif bydragen nei, fan neiste famylje: har mem, har heit, har beide susters en har dochterke Klaaske. De oanlieding wie grif dat de tsienjierrige Klaaske krekt útein set wie mei it garjen fan ynskripsjes yn har eigen poesyalbum. By in besite oan pake en beppe gong behalven it album fan Klaaske ek dat fan Idskia rûn. Opnij hie ien fan de kontribuanten oan har album in ghostwriter: de bydrage dy’t op namme stiet fan Bouke Pieter Postma (nû. 21) is yn werklikheid skreaun troch syn frou Klaaske Bosma.1
Sawat alle bydragen loovje de freonskip of wekke op ta deugd. Opfallend genôch binne se hast allegearre frij fan oproppen ta godsfrucht; inkeld it lange fers dat Jeltsje Schaap earne út oerskreaun hat (nû. 9), befettet útsprutsen kristlike stichtlikens. Folle karakteristiker is de bydrage fan Akke Postma (nû. 17), in ferske – licht oanpast – fan de remonstrantske predikant Combertus Willem van der Pot (1813–1891):2
Levensroeping
Strooi vandaag een enk’le bloem
Op uws naasten pad.
Strijk hem van ’t bezorgd gelaat
Enk’le rimpels glad.
Lenig smart en droog een traan
Breng een enk’len zegen aan
Doe een woord van vriendschap hooren
En uw dag is niet verloren.
De bydragen oan it poesyalbum fan Idskia Postma binne fan:
1. Geertje Ganzinga, Wurdum, 07-10-1895. Berne Wurdum 08-12-1876, ferstoarn Oentsjerk 11-02-1949, dochter fan Gerke Ganzinga (1850–1920) en Martha van der Veen (1846–1925), net troud.
2. Jantje Postma, Wurdum, 03-05-1896. In nicht fan Idskia.
Berne Grou 11-07-1883, ferstoarn Rotterdam 30-05-1950, dochter fan Hylke Postma (1857–1912) en Martje Kooistra (1856–1955), troud Dimter 23-12-1920 mei Age Hoekstra (1868–1943).
3. Hinke Ganzinga, Wurdum, 07-10-1895. Berne Wurdum 14-12-1879, ferstoarn Wurdum 29-02-1936, dochter fan Gerke Ganzinga (1850–1920) en Martha van der Veen (1846–1925), net troud.
4. Trijntje van der Hem, Wurdum, 10-07-1898.
Berne Wurdum 20-02-1889, ferstoarn …, dochter fan Anne van der Hem (1840–1910) en IJfke Heslinga (1861–1935).
5. Tetje (ek Tettje) van der Hem, Wurdum, 11-07-1898. Berne Wurdum 25-08-1885, ferstoarn Ljouwert 06-01-1978, dochter fan Anne van der Hem (1840–1910) en Yfke Heslinga (1861–1935), troud Ljouwerteradiel 02-04-1913 mei Klaas van der Weg (1874–1957).
6. Antje Meintema, Wurdum, 17-07-1898.
Berne Wurdum 19-07-1887, ferstoarn Voorst 18-02-1952, dochter fan Jan Meintema (1840–1892) en Aafke Gauwinga (1850–1910), troud Ljouwerteradiel 19-11-1913 mei Theunis Piersma (1889–1975).
7. Trijntje Riemersma, Wurdum, 19-07-1898. Berne Goutum 17-09-1886, ferstoarn Utert 01-07-1962, dochter fan Klaas Riemersma (1857–1925) en Sijke Hettema (1856–1942), troud Ljouwert 21-08-1909 mei Marten Siderius (1885–1958).
8. Hesseltje Postma, Swichum, 10-11-1898.
Berne Swichum 06-08-1887, ferstoarn 18-01-1976, dochter fan Theodorus Postma (1841–1913) en Pietje Jorna (1850–1919), troud Ljouwerteradiel 02-05-1914 mei Jan Boekema (1883–1955).
9. Jeltje Schaap, Wurdum, 09?-10-1902. Berne Wurdum 06-03-1889, ferstoarn tusken 1954 en 1974, dochter fan Pieter Schaap (1851–1934) en Trijntje Hilverda (1851–1932), troud Ljouwerteradiel 12-10-1912 mei Bartus Boeve (1886–1974).
10. Maria Petronella Verhoeks, sûnder deitekening.
Berne Huzum 29-11-1889, ferstoarn It Hearrenfean 11-11-1961, dochter fan Johannes Nicolaas Verhoeks (1844–1918) en Hendrikje (ek Hendrica) Postma (1849–1925), troud Ljouwerteradiel 23-06-1917 mei Thomas van Balen (1876–1950).
11. Pietje Jorna, Wytgaard, 23-10-1902. Berne Wurdum 06-11-1886, ferstoarn Marsum 23-09-1926, dochter fan Marten Jorna (1841–1913) en Jeltje Bergsma (1852–1903), troud 1. Ljouwerteradiel 13-11-1907 mei Rommert Renema (1885–1910), troud 2. Menameradiel 29-08-1912 mei Anne Kooistra (1869–1934).
12. Trijntje Jorna, sûnder deitekening.
Berne Wurdum 04-08-1889, ferstoarn Ljouwert 20-07-1962, dochter fan Marten Jorna (1841–1913) en Jeltje Bergsma (1852–1903), troud Ljouwerteradiel 12-11-1908 mei Jelle Kooistra (1886–1968).
13. Sytske van der Werf, Wurdum, 29-10-1902. Berne Wurdum 24-11-1888, ferstoarn It Hearrenfean 04-08-1983, dochter fan Yge van der Werf (1863–1937) en Maaike Bakker (1868–1938), troud 1. Ljouwerteradiel 28-06-1913 mei Klaas van der Wal (1885–1943), troud 2. Ljouwert 03-02-1954 mei Allardus Kooistra (1889–1961).
14. Ymkje Roorda, Wytgaard, 09-11-1902.
Berne Wurdum 18-01-1888, ferstoarn Raard 26-11-1962, dochter fan Taeke Roorda (1839–1908) en Barbera Terpstra (1856–1890), troud Ljouwerteradiel 23-05-1914 mei Durk Haringsma (1880–1953).
15. Jetske Postma, sûnder deitekening. In nicht fan Idskia. Berne Britswert 24-09-1888, ferstoarn Utert 20-12-1968. Dochter fan Hylke Postma (1857–1912) en Martje Kooistra (1856–1955), net troud.
16. Johanna Kingma, Wytgaard, 30-11-1902.
Berne Wytgaard 01-01-1888, ferstoarn Ljouwert 08-01-1972, dochter fan Pieter Kingma (1844–1901) en Sjoukje Roorda (1850–1948), net troud.
17. Akke Postma, sûnder deitekening. In nicht fan Idskia. Berne Reduzum 30-06-1895, ferstoarn …, dochter fan Michiel Postma (1865–1933) en Akke van der Goot (1869–1949).
18. Klaas Postma, Wurdum, 05-08-1905. In broer fan Idskia.
Berne Wurdum 18-09-1895, ferstoarn Dokkum 18-05-1976, soan fan Bouke Pieter Postma (1860–1937) en Klaaske Bosma (1861–1935), troud Ljouwerteradiel 14-09-1922 mei Jacoba de Jong (1896–1990). Toskedokter. Yn 1923–1955 lid fan it Dokkumer lêsgenoatskip Ledige Uren Nuttig Besteed. Yn 1939–1946 gemeenteriedslid yn Dokkum.
19. Klaaske Anema, Froubuorren, 08-01-1922. In dochter fan Idskia. Berne Froubuorren 07-11-1911, ferstoarn 05-10-1994, dochter fan Tiete Anema (1885–1944) en Idskia Postma (1887–1964), troud It Bilt 19-05-1936 mei Lourens Olivier (1912–1996).
20. Klaaske Bosma, Wurdum, 03-1922. Idskia har mem.
Berne Bears 22-11-1861, ferstoarn Wurdum 22-09-1935, dochter fan Pieter Bosma (1830–1908) en Janke van der Hem (1832–1898), troud Ljouwerteradiel 09-05-1885 mei Bouke Pieter Postma (1860–1937).
21. Bouke Pieter Postma, Wurdum, 03-1922. Idskia har heit. Berne Grou 08-11-1860, ferstoarn Wurdum 05-05-1937, soan fan Klaas Postma (1824–1909) en Jetske Visser (1827–1899), troud Ljouwerteradiel 09-05-1885 mei Klaaske Bosma (1861–1935).
22. Janke Postma, Wurdum, 03-1922. In suster fan Idskia.
Berne Wurdum 04-01-1886, ferstoarn Wurdum 30-11-1945, dochter fan Bouke Pieter Postma (1860–1937) en Klaaske Bosma (1861–1935), net troud.
23. Fettje Postma, Wurdum, 03-1922. In suster fan Idskia. Berne Wurdum 08-05-1904, ferstoarn Ljouwert 18-01-1982, dochter fan Bouke Pieter Postma (1860–1937) en Klaaske Bosma (1861–1935), net troud.
Noaten
- De bydragen fan Bouke Pieter Postma en Klaaske Bosma binne fan de hân dy’t ek Klaaske har bydrage yn it poesyalbum fan harren dochter Fetsje skreau. Yn dat album (ek yn myn besit) ûntbrekt in bydrage fan Bouke. It sil dus de hân fan Klaaske en net dy fan Bouke wêze.
- Bondele yn C.W. van der Pot, Proza en poëzie, Rotterdam 1878, s. 525. Ek opnommen yn in faken werprinte bondel bernelietsjes toanset troch de komponiste Catharina van Rennes, Vlindervlucht. 12 kinderliederen met pianobegeleiding op. 23. Voor de kleintjes. Heft I, Utrecht [1894].