Poste restante XVIII

    ‘Lok en Seine yn ’t Nije Jier.’ (b.), ±1910–1913. Kleuredruk, blyndruk, boekdruk, 138×89 mm. Sûnder fermelding fan in útjouwer. Poststimpel De Gordyk 30-12-1913. Ferstjoerd oan Jitske en Sjoukje Hazewindus, Terwispel, troch ‘Jikke’.

Tusken advertinsjes foar krystkrânsen, sigaren en likeur yn stie yn it Nieuwsblad van Friesland fan 24 desimber 1904 in advertinsje mei de tekst: ‘Feinten en Fammen en oar jongfolk freegje oeral nei de nije Fryske nijjierskaerten.’ Mear net; gjin namme fan in útjouwer of winkelman. Dúdlik is de tekst al oer de doelgroep. De tafoeging ‘en oar jongfolk’ liket oerstallich, mar leit júst klam op de spesifike betsjutting dy’t ‘Feinten en Fammen’ hawwe kin: trouripe, of alteast frijgrage jongerein. De oanrikkemandearre nijjierskaarten moatte teksten hân hawwe dy’t op dy niche yn ’e merk tasnien wienen.

De hjirboppe ôfbylde nijjierskaart – printer en útjouwer ûnbekend – hat sa’n tekst. Yn in achtrigelich rymke wurdt de ûntfangster in ‘kruldrich’ feintsje tawinske, kreas om te sjen, fleurich fan sin en mei jild yn ’e bûse. De kaart waard op 30 desimber 1913 ferstjoerd oan de suskes Jitske en Sjoukje, dochters fan de Terwispeler timmerbaas Geert Hazewindus en syn frou Margjen Hoen. Trouryp koenen de famkes noch net neamd wurde, mar faaks seagen sy al temûk ris nei jonges om: Jitske wie goed fyftjin jier âld en Sjoukje krekt fjirtjin.

In oare kaart út deselde searje as dy fan Jitske en Sjoukje, ôfstimpele op 1 jannewaarje 1914, hat in rymke mei in algemiener strekking: de ûntfangers wurde oantrune om yn frede te libjen, elkoar tewille te wêzen en sljocht en rjocht te hanneljen, en fierders wurdt harren in goede nearing yn saken tawinske. Beide kaartsjes binne dekorearre mei pearse blomkes en mei rekwisiten en ornaminten yn goudkleur. De styl fan dy dekoraasje wiist op in oarsprong yn Dútslân. De kaarten binne – noch sûnder tekst – grif dêrwei nei Fryslân útfierd en troch in pleatslike ûndernimmer foarsjoen fan Fryske rymkes.

Dat barde faker. In nuver gefal is it kaartsje mei maaieklokjes en fierders inkeld de tekst ‘Lokkig Nijjier’ dat op 31 desimber 1913 ferstjoerd waard nei Jeltsje Deinum (1905–1973) yn It Heidenskip. Achterop stiet ‘Printed in Germany’ – dúdlikernôch in healfabrikaat foar de eksport. In mismatch tusken byld en tekst fertoant ek it kaartsje mei in wite roas yn kleurelitografy en in oars wol fermaaklik nijjiersrymke dat útjûn is troch Harm Albert Otter, dy’t in gruthannel hie yn Drachten. It eksimplaar yn myn samling waard ôfstimpele yn 1922. Achterop stiet in lyts logo, it blykt fan de firma Moriz & Barschall yn Neukölln (no in stedswyk fan Berlyn) te wêzen. Otter stalde tsien fan sokke kaartsjes gear en makke der reklame foar yn it Nieuwsblad van Friesland fan 14 novimber 1922.

De rymkes binne wierskynlik skreaun troch Harm Albert Otter sels. In jiermannich letter soe Otter de produksje fan syn nijjierskaartsjes hielendal yn eigen hân hâlde: hy makke sels de rymkes en liet de plaatsjes tekenje troch syn omkesizzer Jan Otter. Dy kaartsjes, printe yn ien kleur yn raster, wienen grif goedkeaper en ferkochten faaks better as de lúkse kaartsjes út Dútslân. Otter hie nocht oan ferskes meitsjen. Tusken 1928 en 1931 pleatste er yn it Nieuwsblad van Friesland ferskate advertinsjes foar salve of hoastdrank mei smoute rymkes yn sawol it Hollânsk as it Frysk. In foarbyld:

    In hiel âld wyfke to Súmar
    Dy hoaste skriklik, sims wie ’t bar;
    De âlde siel dy hieme sa
    Soks koe it neare boarst net ha.
    Hja hat lykwols it middel foun
    En krijt in klokje elke joun,
    Det makket hjar it boarst sa rom
    En is jouns dalik yn ’e slom.

De namleaze advertearder yn 1904 en Harm Albert Otter yn 1922 wienen oars net de earsten dy’t nijjierskaarten mei Fryske rymkes op ’e merk brochten. Waling Dykstra skreau om 1900 hinne al ferskes foar nijjierskaartsjes dy’t er sels útjoech. Bazarhâlder Gerhardus Aris Zwart fan De Jouwer advertearre yn 1902 mei ‘Fryske Nijjierskaerten mei tige grappige spreukjes’. En yn 1905 skreau Cornelis Wielsma nijjiersrymkes en oare ferskes foar in rige fan fyftich ansichten mei doarps- en stedsgesichten dy’t ferskynden by Van der Spoel & Co. yn Grou.

Ek warber op dit mêd wienen de bruorren Brouwer op It Hearrenfean. Yn 1909 brochten sy in searje fan tolve nijjierskaarten út mei Fryske ferskes ‘tapasselik for feint en faem, pake en beppe, omke en moeike ens.’ Yn 1917 folge by G. Brouwer en Soan in rige fan tweintich mei opnij ‘tapasselike ferskes’, skreaun troch Sjouke de Zee. De kaarten út 1909 kosten, krekt as dy fan Zwart fan De Jouwer, in stoer it stik; yn 1917 wie de priis fjouwer sinten. In moai ferskaat oan Fryske nijjierskaarten út earder en letter tiid wie yn 1983 te sjen yn in útstalling fan it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaesjesintrum yn Ljouwert. De Leeuwarder Courant wijde dêr doe in hiele side oan.

Werom nei de suskes Jitske en Sjoukje. Binne der yn 1914 by harren yndie noch ‘kruldrige’ feintsjes lânskommen, sa’t Jikke, grif in freondintsje, harren tawinske? Dy feintsjes wienen dan yn alle gefallen gjin trochsetters. Jitske Hazewindus (1898–1979) gong pas op har 36ste in houlik oan, mei Hendrik van der Velde (1897–1961), in timmerman, krekt as har heit. Sjoukje Hazewindus (1899–1979) is nea troud.

This entry was posted in Poste restante and tagged , , , , , , , , , , , , . Bookmark the permalink.