Seis dichters oan it wurd oer Obe Postma

Ljouwert, 19 septimber 2014 – Seis jonge(re) dichters sprutsen op in gearsit yn de Gysbert Japicxseal fan Tresoar oer de ynfloed fan Obe Postma op harren wurk. Goed fjirtich taharkers krigen meinimmende en ek geastige kauseryen opdist. Eltse sprekker sleat ôf mei in foardracht fan eigen, troch Postma oanrekke gedichten. De middei wie yn it ramt fan it literatuerfestival Swalk opset troch it Obe Postma Selskip yn ’e mande mei Tresoar.

Mei’t it Obe Postma-ûndersyk al jierrenlang dominearre wurdt troch diskusjes oft de fereare dichter no as psychysk monist of as neoplatonist sjoen wurde moat, oft er beynfloede is troch Nietzsche of krekt troch Bergson, en oft er him mear besibbe fielde oan Verwey of oan Boutens, rekket wolris wat út byld dat syn poëzy net selden de jeuzelige en sentimintele kant it neist is. Soks sizze op in byienkomst organisearre troch in selskip him ta eare is fansels net snoad. Likegoed joegen de útnoege sprekkers, nêst ytlike bliken fan ferskuldige earbied, lokkigernôch wolris in puntsje fan krityk op de kanonisearre master.

Al mei al waard it in middei ûnderhâldend ‘oberjen’, sa’t Arjan Hut (1976) it neamde: neitinke oer it dichtwurk fan ús Obe. Hut naam, net als iennichste, Postma syn fers ‘Te Harns’ as útgongspunt, om te einigjen mei ‘Te Hut’, pas ien dei earder skreaun – it alderjongste troch Postma ynspirearre gedicht. Mear as ien sprekker wurdearre yn it wurk fan Postma de werkenberens fan stêd, doarp en gea, foaral as dy ek dekôr binne of west hawwe yn de biografy fan de sprekker sels. Hein Jaap Hilarides (1969) bygelyks, dy’t nei Koarnwert reizge wie om te sjen hoe’t Postma Country der op ’t heden hinneleit, wit him ferbûn mei de sfear dy’t troch de konkrete beskriuwings dêrfan yn Postma syn fersen oproppen wurdt. De wynturbines en lisboksstallen fan tsjintwurdich moatte je dan mar even weitinke.

Mear algemien waard net it filosofysk-poëtikale aspekt dat literatuerwittenskippers sa dwaande hâldt, mar de lânskiplikens yn Postma syn poëzy neamd as ynspiraasjeboarne. Meastentiids as in fertroud elemint dat de sprekker tinken docht oan de eigen bernetiid, mar it ‘wâldpykje’ Sigrid Kingma (1989), foar wa’t natuer oant foar koart synonym wie mei bosk of heide, hie troch de poëzy fan Postma no krekt leard dat greide, it moat net mâlder, ek in soarte fan natuer is. Allinne Remco Kuiper (1971) spruts oer de helikopter-view wêrmei’t Postma boppe it greidelân hingjen giet om sa oan syn poëzy in syklysk en kosmysk karakter te jaan.

Janneke Spoelstra (1962) koe in flink betomke eksimplaar fan Postma syn Samle fersen út 1978 sjen litte. Sy hie der troch de jierren hinne hieltyd wer nije dingen yn ûntdutsen. Sa bliek Postma de boarne te wêzen fan in djippere wiisheid as ‘It is mei it Frysk wat oars as mei in echte taal’, dy’t se foarhinne oan Tony Feitsma taskreaun hie. Mar de ferhope rispinge oan homoseksuele referinsjes foel ôf, of it moast al wêze dat yn dat opsicht it hiele oeuvre ‘ien grut sinjaal’ is. En by einsluten koe Spoelstra it ek net ûniens wêze mei it oardiel dat har broer ea joech: Obe Postma, dat is in soad fan itselde.

Like boartlik en noch wat kritysker wie de al neamde Remco Kuiper, dy’t grutsk fernijde – ‘je kinne der net mei oankomme op sa’n middei, mar ik doch it al’ – dat de strjitte dêr’t er wennet deunby de strjitte leit dêr’t Postma húsmanne, en der noch parallel oan rint ek. Mar folle mear parallellen seach Kuiper net. Is de boerewrâld dy’t Postma yn syn fersen opropt noch fan dizze tiid? De bern fan Kuiper begripe der ‘gjin bal’ fan. En nei harren heit syn smaak leit Postma tefolle klam op ‘Frysk’ en ‘folts’ en slacht er troch mei alle ‘slachten’ yn syn poëzy; sels hellet Kuiper by de slachter leaver gehak healom.

Ek Sytse Jansma (1980) beneamde foaral de ferskillen. Oars as Postma wol hy as dichter de grammatika en semantyk iepenbrekke, wat syn poëzy neffens him taliger makket as dy fan Postma. Boppedat is Jansma syn wurk multimediaal. Fan twa gedichten dy’t er foarlies, liet er ek filmclips sjen. Moai oanslutend by syn stelling dat Postma yn syn poëzy erotyk inkeld talit om de natuer noch yntinser te belibjen, wie it gedicht ‘fallussimmernachten’ en it begeliedende filmke, wêryn’t pimelige polypkes figurearje.

Neffens yn- en útlieder Geart van der Meer, bestjoerslid fan it selskip, soe Obe Postma dêr de humor wol fan ynsjen kinne. Dat wol jin dochs min oan. It foarnimmen om de bydragen fan de sprekkers te publisearjen yn Wjerklank, it healjierlikse selskipsblêd, soe de sedige dichter grif better noaskje.

Dit berjocht is delset yn Berjochten en tagd , , , , , , , , , , , , . Bookmark de permalink.