Achte Harmen de Boer,
Jo spuie yn jo mailtsje fan ôfrûne freed raar guod. Ik waard der suver kjel fan. Jo stroffelje op myn weblog oer wurdfoarmen as ‘betsjuttings’, ‘feroarings’ en ‘oersettings’ en wriuwe my Bewegingsfrysk, Jongfriezenfrysk, Douwe Kalmafrysk oan. Ja, dy meartals-s yn stee fan –en achter wurden einigjend op –ing soe sels tsjûgje fan ‘in yndoktrinearjende taalhâlding’ en ‘antyfolksk elitarisme’. Dat is net sa bêst, dêr stiet grif straf op. Myn fergryp komt, begryp ik fan jo, yn de buert fan de ‘leksikografyske genoside’ wêrmei’t Abe de Vries in jiermannich lyn de earme foarkarswurdlistmakkers fan de Fryske Akademy yn steat fan beskuldiging stelde.* Us Abe, de sels o sa kliensearige ynkwisiteur fan it Frysk-kulturele wrâldsje, hat der mei jo wer in hantlanger by.
Alhiel kritykleas skermje jo yn jo rekwisitoar mei in stikje dat dyselde Abe, in ‘saakkundige’ neffens jo, blykber op Facebook kwattele hat (attint dat jo it even meistjoerden, ik doch net oan Facebook). Abe druit yn syn stikje it ûnnoazele omsittend laach werris yn hoe’t it al en net moat. ‘NET MEAR DWAAN YN 2017’ stiet der hjittend boppe. ‘Ien fan de nuverste ferskynsels yn it Frysk’ is neffens Abe dy meartals-s yn stee fan –en achter wurden einigjend op –ing. Alle Frysk-skriuwers moatte dêr sa gau mooglik mei ophâlde, ferordinearret Abe, want dy meartals-s ‘docht slim ûnnatuerlik en “makke” oan en set de skriuwtaal op noch gruttere ôfstân fan de sprektaal’. It ferskynsel hjit distânsjearring, leit Abe út: Fryske foarmen kieze dy’t it fierst ôfsteane fan it Hollânsk. Abe neamt dat ‘de Kalma-stratezjy’. Oars sein: dy meartals-s is ideology, en fan de ferkearde soarte.
Dat brocht my al fan it sjapiter. Al dy hjoeddeiske, trochkrûpte skriuwers fan libben Frysk dy’t faker as ienris sa’n meartals-s op papier sette, oft it no om Klaas Bruinsma giet of Geart van der Meer, om Philippus Breuker of Eeltsje Hettinga, allegearre hawwe se neffens Abe in slach mei de moalsek fan Douwe Kalma hân. Net mear dwaan, hear! En ik mar miene dat dy meartals-s nei –ing in gongbere regionale fariant fan –en is… Hielendal mis, ek al stiet dat mei safolle wurden wol yn it WFT, ûnder it lemma –ing: ‘De uitspraak -[Iŋ] dwingt tot pluralisering met –en, die met -[əŋ] tot pluralisering met –s. De tendens daarbij is, dat –en westelijk en –s oostelijk is.’ Mar wêrom soe men it WFT earder leauwe as Abe? Abe hat ommers oeral ferstân fan, wylst dat WFT makke is troch dy taalmoardners fan de Fryske Akademy!
En Abe hat in hegere autoriteit achter him stean. As in jezuyt ferwizend nei God beropt Abe him op Trinus Riemersma, mei in sitaat út De reade bwarre:
Echt krûmpraat is de meartols-s nai vudden óp ‘-ing’, lykos ‘fergaderings’, ‘ferhôrings’ – en dot heart mun don ek noch gaurus krekt fon lju dy’t flyt óp har Friesk dógge.
En wer wie ik op ’e doele. Want fóar likegoed as néi publikaasje fan De reade bwarre brûkte Riemersma sels achter wurden útgeand op –ing ek wolris in meartals-s. Yn syn debút Fabryk út 1964 skreau er ‘beklings’, ‘bewegings’, ‘leunings’, ‘oantreastings’, ‘opmerkings’ en ‘útdrukkings’. Yn syn kollums foar de Leeuwarder Courant út de lêste jierren fan syn libben fine wy ‘boerehúshâldings’, ‘ferienings’ en ‘dellings’ (19-05-2010, 30-06-2010, 06-01-2011).
Dan De reade bwarre sels der mar even by, en wat docht bliken: Abe hat it sitaat fan Riemersma út syn kontekst helle en der in eigen draai oan jûn. It giet Riemersma net sasear om de tsjinstelling tusken ‘natuerlik’ Frysk en ‘Kalma-stratezjy’-Frysk, mar om dialektyske ferskillen en de winsklikens om binnen De reade bwarre de taalfarianten te brûken dy’t foar syn romanfigueren, Ferwerters, akseptabel binne. Sûnder se út te kôgjen – hy rekkene tink op ynfielender lêzers as Abe – jout Riemersma ferskillende foarbylden. Wa’t bygelyks ‘sjippe’ en ‘sizze’ seit, falt bûten de taalgroep dy’t De reade bwarre befolket, ek al binne ‘sjippe’ en ‘sizze’ gongber en standert; op de Noardklaai, wêr’t Ferwert leit, seit men lykwols ‘sepe’ en ‘seze’. Oarsom falt immen dy’t ‘hand’, ‘diend’ en ‘sjoend’ seit yn plak fan standert ‘hân’, ‘dien’ en ‘sjoen’ ek bûten de groep, want dy mulwurden einigjend op in t-klank binne karakteristyk foar benammen de Westklaai, lykwols net foar de Noardklaai. Allyksa seit in Ferwerter ‘fergaderingen’ (yn ‘Kalma-stratezjy’-Frysk ‘gearkomsten’) en net ‘fergaderings’, want foar him is dat lêste krompraat; net eltse Fries is lykwols in Ferwerter.
Hoe ‘natuerlik’ is nammers it Frysk fan Abe sels? De risp fan in lyts stekproefke: op syn weblog skriuwt er ‘tariedings’ (03-02-2016) en op Fers2 ‘oerwagings’, ‘oerweagings’, ‘útbestegings’, ‘ynljochtings’ en ‘behearskingstekoartkommings’ (12-04-2015, 25-05-2015, 12-06-2016, 12-12-2015). Mar dat is no dan dus hielendal oer, want Abe wol dy meartals-s achter –ing útroege hawwe. Yn it Winaam dêr’t Abe opwoeks fan boike ta boazich baaske, moasten se neat fan dy meartals-s hawwe – Winaam is wat dat oangiet krekt Ferwert – en dat Abe syn eigen noarmen graach opleit oan oaren docht de rest. Sa komt Abe dan sels ta wat er de foarkarswurdlistmakkers fan de Fryske Akademy ferwiet doe’t er harren beskuldige fan ‘leksikografyske genoside’ – grotesk, sa’t wy fan him wend binne, en heaksk op de goerie fan Riemersma yn De reade bwarre:

Lit de skrjower sa ferstondeg vêze óm him neat fon dot gekryt oan te lûkken. Hij mat sels vitte hókker kar ’t ur dwaan vól út ’e dyalektyske faryonten en hókker argayske en moderne taalfwarrems ur brûkke vól.
Mochten jo, Harmen de Boer, my nochris lestich falle wolle mei klachten oer myn Frysk dy’t nearne nei roaie, be my guest, mar wês dan sa freonlik en kom net wer mei de ‘saakkundige’ Abe de Vries oansetten. Frjemd dat dy jonge troch guon lju noch altyd like serieus nommen wurdt as troch himsels. Groetnis,
Klaas van der Hoek
Sjoch foar reaksjes op Ensafh.
* Hjir wie in link opnommen nei in blog fan Abe de Vries mei de titel ‘Fryske Akademy plent leksikografyske genoside’ op syn weblog Seedyksterfeartfisk, 27 april 2013. Earne tusken maart 2017 en maart 2021 hat er dat blog lykwols fuortmuozze – mûlk yn 2019, doe’t er gastûndersiker waard by, jawol, de Fryske Akademy. Noat fan 14 maart 2021.