Poste restante XXVI

    LEEUWARDEN.’ (l.m.), ±1895–1896. Litografy yn grien, 92×138 mm. Sûnder fermelding fan in útjouwer. Poststimpels Ljouwert 13-11-1896 en [Berlyn], Postamt 47, 15-11-1896. Ferstjoerd oan Elfriede Auzinger, Berlyn, troch Max Auzinger.
    Leeuwarden, d. 13. Nov. 96.
    Liebste Friedl. Hier wieder eine Ansicht da ist auch die Harmonie in der wir Vorst
    [ellung] gaben. Morgen geht’s nach Groningen, auch Harmonie, Wohnung Zeven Provincien. Schreib uns doch bald einen langen Brief. Ida Rattenh. läßt Euch grüßen, sie beklagt sich über “die säumige Schreiberin Anna”. D[ie] Leni hat mir auch geschrieben. Wie geht es Euch? Gut? Papa ist.

 
De besite oan Ljouwert yn novimber 1896 fan de Dútske yllúzjonist Max Auzinger alias Ben-Ali-Bey wie net syn earste. Hy hie Ljouwert dat jier al earder oandien, en mei itselde doel: optrede yn de Harmonie. Op 4 en 5 febrewaarje hie er dêr de lju ferbjustere, neidat er dat koart dêrfoar al dien hie yn Grins. Syn rom wie him foarútflein: de Leeuwarder Courant fan 31 jannewaarje 1896 hie it optreden fan ‘de prestidigitateur of goochelaar, geheeten of zich noemende Ben-Ali-Bey’ oankundige en hie yntegraal in ferslach sitearre út de Provinciale Groninger Courant, dêr’t heech oer syn keunsten yn opjûn wie. Neidat Ben-Ali-Bey ek yn Ljouwert de lju wer mei stommens slein hie, kaam de Leeuwarder Courant op 6 febrewaarje mei in eigen ferslach, te moai om net yn syn hiele hear en fear hjir oer te nimmen:

    Wij hebben in ons leven veel goochelaars, prestidigitateurs, illusionisten en anderen, die onder deze soort namen optreden, gezien. Maar van wat gisteren avond door Ben-Ali-Bey en zijne dochter Sulamith werd gedaan en vertoond kan gerust worden getuigd “Noch nie da gewesen.” Hun beider verrichtingen worden in advertentiën en programma’s aangeduid door “Indische en Egyptische toovenarijen en wonderen.” Men zou gisteren avond inderdaad hebben kunnen gelooven, dat men toovenaars en wonderdoeners vóór zich had. Hij sleept het publiek, zelfs de grootste sceptici, mede, en dan blijft er nog over die kleine wereld, die naïve geloovige wereld der phantasten. Voor deze laatsten vooral zal de groote “toovenaar” uit het Morgenland, zal zijne dochter Sulamith, het type van eene Oostersche schoonheid, eene herinnering van langen duur zijn. Men zou zich kunnen verbeelden, dat het Aladin is, met zijn tooverlamp allerlei wonderen verrichtende. De prachtigste voorwerpen rijzen plotseling uit den grond, worden feitelijk “uit de lucht gegrepen.” En het zijn geen kleine voorwerpen, die een oogenblik in de mouw kunnen worden verborgen gehouden, maar groote, zware vazen, urnen, bokalen, ja een geheel koffieservies, waaruit het publiek ook al weder wonderbaarlijk gefabriceerde warme koffie en suiker wordt gepresenteerd. Hij gebiedt en alles is er onmiddellijk.
          En Sulamith? Gedurende de tweede afdeeling is zij alléén op het den geheelen avond in ondoordringbaar duister gehuld, fantastisch ingericht tooneel; zij is gekleed in een even vreemd, maar zeer fraai Oostersch costuum als haar vader. Zij doet alles niet alleen mede op de wonderbaarlijkste, maar ook op de meest gracieuse wijze. Men denke slechts aan den Heksentooverhoepel en aan de Palmzuil. Als een tweede Mozes werpt zij een staf op den grond, houdt zij eene “bezwering”, en de staf verandert in een… slang! Beiden spelen echter ook onbegrijpelijk met hun eigen lichaam. Ali-Bey neemt, op het tooneel zittend, met beide handen zoo maar eventjes zijn hoofd van den romp en plaatst het op eene naast hem staande tafel, waarvan hij het na weinige oogenblikken weer op zijne natuurlijke plaats zet. En het slot van alles is de vertooning van de kleine, op een piedestal rustende levende buste van Sulamith, geplaatst in een kolossaal étui op een drievoet. Waar de andere deelen van haar lichaam zijn gebleven? Twee heeren, dilettanten in het goochelaarsvak, die zich op het tooneel hadden begeven, om er wat meer van te weten, onderzochten wat zij konden, doch keerden hoofdschuddend naar hunne plaatsen terug.
          Wij zullen het hierbij laten, al konden wij nog een paar kolommen en meer wijden aan wat het tweetal gisteren avond te zien gaf. Laten wij alleen nog vermelden, dat onze toovenaar een alleraangenaamste causeur is (hij spreekt, evenals zijne dochter, het Duitsch zoo duidelijk mogelijk), en dat beiden bij alles eene gratie, eene poëzie, zouden wij haast zeggen, ten toon spreiden, die het genoegen van den avond niet weinig verhoogen.

Kolleksje Theatermuseum, Wenen

Max Auzinger, berne op 26 july 1839 yn of by München, jildt dan ek as ien fan de grutste gûchelders dy’t der west hawwe. ‘Freilich, wer seine Vorstellungen nicht gesehen hat, kann sich von deren Wirkung keinen rechten Begriff machen’, skreau Ottokar Fischer yn Das Wunderbuch der Zauberkunst (1929): ‘Betört und verwirrt, verblüfft und nachdenklich gestimmt saßen die Zuschauer oft da, wenn der Vorhang längst gefallen war.’ Nei’t er oan syn tritichste ta syn brea fertsjinne hie as tapytfabrikant yn Augsburg, socht Auzinger emploai yn de wrâld fan it teäter, earst achter de skermen as regisseur en letter op it poadium as yllúzjonist. Yn 1885 stie er foar it earst op ’e planken as Ben-Ali-Bey. Teätermakker as er wie, joech er syn trúks orizjinele ensenearrings mei en wiksele er dy ôf mei smoute kauserytsjes en muzikale yntermezzi. Syn oriïntaalske artystenamme wie faaks ynspirearre op de namme fan Ali ben Hussein Bey, dy’t fan 1882 oant 1902 oer Tunesië hearske. Net minder eksoatysk wie syn kostúm fan kleurrike side, kompletearre mei in Ottomaanske(?) punthoed en in âldfaderlik burd.

Duorjende faam hat Auzinger ferwurven as útfiner fan it saneamde ‘swarte kabinet’, in kategory gûcheltrúks basearre op it brûken fan in swarte achtergrûn dy’t alle ljocht absorbearret. It ferhaal giet dat Auzinger op it idee brocht waard doe’t er yn 1882 in toanielstik regissearre dêr’t in black face yn foarkaam. Fan in pikswart sminkte akteur – hy moast in Moar spylje – dy’t foar in dito achtergrûn hinne en wer rûn, wienen inkeld de tosken en it wyt fan de eagen te sjen. Auzinger wurke dit effekt út yn gûcheltrúks dy’t de wichtichste bestândielen waarden fan de shows dêr’t er de boer mei opgong. In foarbyld wie in op in boerd tekene bonkerak dat by it klinken fan muzyk ynienen begûn te dûnsjen en sels noch trochdûnse neidat in part fan it bonkerak fuortfeid wie.

Jierrenlang, oan syn 75ste ta, teach Auzinger as Ben-Ali-Bey mei in soad sukses lâns skouboargen yn Dútslân en fier dêrbûten. Ornaris hie er op it poadium help fan syn dochter Leopoldine yn de sjarmante ferskiningsfoarm fan Sulamith, in proto-Mata Hari stel ik my sa foar, dy’t by mannich reporter tige yn ’e smaak foel. Yn in skuondoaze yn Neurenberg of all places fûn ik in ansichtkaart dêr’t Ben-Ali-Bey en Sulamith beide opsteane. Guon kranteferslaggen meitsje nammers melding fan helpsters mei de nammen Asoka en Desima. Nederlân hat Auzinger op syn minst trijeris oandien, yn 1896, 1900 en 1907.

Leeuwarder Courant, 7 novimber 1896

Werom nei de optredens fan Auzinger yn Ljouwert yn novimber 1896. It earste, op 10 novimber, wie inkeld foar leden fan de Vereeniging De Harmonie en harren húsgenoaten, en wie fergees. De foarstellings op de beide folgjende jûnen wienen ek foar net-leden, dy’t yntree betelje moasten. Ben-Ali-Bey en Sulamith rôpen opnij in wûndere wrâld op, neffens de Leeuwarder Courant fan 12 novimber: ‘De Arabische duizend en één nacht vertellingen zagen wij, als ware het, belichaamd. Ook het fraai decoratief en de rijke Oostersche kleeding deden ons wanen te zijn in het rijk der Magiërs.’ De dei nei de tredde en lêste foarstelling skreau Auzinger syn ansichtkaartsje en ferroalen heit en dochter Ljouwert foar Grins, om op te treden yn de Grinzer soasjeteit De Harmonie yn de Oude Kijk in ’t Jatstraat. Sy oernachten dêr yn hotel De Zeven Provinciën oan de Grote Markt.

It kaartsje dat Auzinger út Ljouwert wei oan syn dochter Elfriede yn Berlyn stjoerde, is ien fan de âldste ansichten dy’t der fan Ljouwert binne. Hy skreau har in boadskip yn Dútsk Kurrentschrift, mei lykwols de measte eigennammen (bygelyks ‘Leeuwarden’, ‘Harmonie’ en ‘Zeven Provinciën’) yn it yn Nederlân gongbere humanistyske skrift. Elfriede hie har yntrek by Frau I. Randolf op it adres York Straße 74. Mooglik wienen Anna en Leni dochters fan Elfriede en dan dus pakesizzers fan Max, mar dat haw ik net achterhelje kinnen. It libben fan Max Auzinger is nammers it measte net oer bekend. Mar de yndruk dy’t er mei syn gûchelderij neiliet op syn publyk wie grut.

Sa grut, dat er al gau neiapers krige dy’t ûnder itselde of in licht oanpast pseudonym meilifte woenen op syn sukses, mar sy koenen net yn it skaad fan de master sels stean. Op in ansicht mei Frânsktalich byskrift, printe yn Milaan, litte in Professeur Ben Alibey en syn assistinte Olga harren keunsten sjen. Tichter by hûs wie in Ben-Ki-Bey aktyf, mar hy waard úthuid en moast yn Almelo, nei’t er healwei in optreden flechte wie ‘naar een niet te noemen plaats’, ûnder plysjebegelieding werombrocht wurde nei syn hotel. Yn 1902 hearde de oplichter, oantsjut mei de inisjalen E.O.S., in jier selstraf tsjin him easkjen. De saak waard achter sletten doarren ôfhannele.

De echte Ben-Ali-Bey joech noch in nije draai oan syn lange karriêre troch, ûnder syn eigen namme, akteur te wurden yn de stomme film. Sa hie er rollen yn Menschen und Masken (1917), Die Dame mit dem Monokel (1917), de sciencefiction-horrorfilm Alraune, die Henkerstochter, genannt die rote Hanne (1918), Der Tod versöhnt (1920) en Michael (1924). Max Auzinger ferstoar, 88 jier âld, yn Berlyn op 14 of 15 maaie 1928.

Dit berjocht is delset yn Poste restante en tagd , , , , , , , . Bookmark de permalink.