Poste restante XXX

‘Groete uit Hindeloopen.’ (m.), ±1903–1905. Draaikaart, ljocht-, heech- en blyndruk, 140×90 mm. Utjûn troch Sierd Veltheer, Hylpen, nû. 114. Poststimpels Hylpen 11-08-1905 en Boalsert 11-08-1905. Ferstjoerd oan Trijntje Keikes, Boalsert, troch ‘Tine’.

It skrikbyld fan Fryslân as ien grut Landal GreenParks dêr’t it algeduerigen Sneekweek is, wie om 1900 hinne noch fier fuort. Mar ek doe waard der yn Fryslân al goed fertsjinne oan rekreaasje en toerisme, benammen op de Waadeilannen en yn pittoreske Suderseestedsjes as Harns, Makkum en Hylpen. Dy ûntjoegen harren ta beskieden baaiplakken mei badpaviljoens en toeriste-akkommodaasjes.

Doe’t de hegere stannen niget krigen oan folkloare, waard Hylpen boppedat populêr fanwegen de typearjende wenkultuer mei Hylper skilderwurk en de nuveraardige klaaiïng fan benammen de froulike ynwenners. Hylper keamers – gjin autentike, mar idealisearjende rekonstruksjes – reizgen sûnt 1876 fan tentoanstelling nei tentoanstelling, oant Parys en Berlyn ta; ien fan de earsten is noch altyd te sjen yn it Fries Museum. Ek yn Hylpen sels waarden Hylper keamers neiboud foar beteljend publyk, gauris mei oanklaaide poppen deryn of mei lju dy’t der yn ‘echte’ Hylper klaaiïng yn posearren.

In Hylper dy’t sa oan de kost kaam, wie Otte van Elselo (1836–1915), bakker en loazjeminthâlder, dy’t by syn bakkerij in ‘Hindelooper Kamer’ ynrjochte hie en ansichtkaarten útjoech mei himsels derop, allinne of mei syn húshâlding, yn Hylper dracht. Mar hy wie net de iennichste; sa libbe ek Sierd Veltheer (1872–1953) foar in part fan it toerisme. Sierd, dochter fan de skipper Wiebe Veltheer en Tjitske Bakker, dreau yn Hylpen oan de Nijstêd oftewol (yn it Hylpers) de Nyste in winkel yn manufaktueren en hie dêr boppedat in molksalon mei in ‘HINDELOOPER KAMERTJE MET LEVENSGROOTTE BEELDEN’ (sa’t in hingelboerd oan de gevel oanjoech), dat foar tsien sinten te besichtigjen wie. Ek ferkocht sy ‘badbenoodigdheden’, sûvenirs en ansichtkaarten.

Guon fan dy ansichtkaarten joech Sierd Veltheer sels út, en de moaiste binne lúkse draaikaarten mei jugendstil-motiven. In draaikaart bestiet út in skiif dy’t mei in splispintsje tusken twa op inoar plakte stikjes karton set is. Ut it foarste is in finsterke stanst. Troch oan de skiif te draaien komt der hieltyd in oar plaatsje foar it finsterke. De fjouwer ferskillende draaikaarten fan Sierd dy’t ik ken (twa yn de eigen kolleksje, ien yn in oare partikuliere samling en ien yn Tresoar, T222) hawwe nei de moade fan de tiid blommen yn rôze en lila, eventueel mei griene stâlen en bledsjes deropta, en mei ornamintyk yn goud- en blyndruk. Opfallend binne de oranje linten mei strikjes om de finsterkes hinne. De plaatsjes op de draaiskiif binne alle fjouwer kearen deselde: se toane de Hylper haven, de seeslûs, de feart Houwswyk en de toer fan de Westertsjerke.

Der wienen mear Fryske ûndernimmers dy’t soksoarte kaarten bestelden. Yn totaal binne my seis ‘Fryske’ draaikaarten út de searje bekend. Theodorus Wiebren van Hettema yn Boalsert brocht der twa út, ien mei klimopranken en ien mei akelei-achtige blomkes, beide mei plaatsjes fan it stedhûs, de Ljouwerterfeart, de Lytse Dylakker en de Jongemastrjitte. En Frans Willem Wielinga alias Wielenga yn Snits brocht der ien út mei blauwe blommen (Tresoar, AH302), mei plaatsjes fan de Wetterpoarte, de Stasjonsstrjitte, it Sint Antoniussikehûs en de Looxmagrêft. Wa’t de produsint wie blykt nearne út, mar guon kaarten út Dútslân mei identyk ûntwerp fermelde as ‘Alleiniger Fabrikant’ E. Jul. Hoppe út Berlyn. Wierskynlik giet it om Ernst Julius Hoppe (1861 – nei 1919). Sjoen de poststimpels op de ferstjoerde kaarten sille de ‘Fryske’ útfierings makke wêze tusken 1903 en 1905.

De ûntfangster fan de ansicht boppe-oan dit blog wie Trijntje Keikes, dy’t harsels letter Tine neamde. De ôfstjoerster lústere nei deselde namme. Sy hat dy subtyl ferwurke op de draaiskiif: elk fan de fjouwer fearntsjes hat yn it hoekpuntsje yn lyts skrift ien fan de letters fan de namme ‘Tine’. Trijntje Keikes waard berne yn Frjentsjer yn 1882 as dochter fan de ûnderwizer Jacob Keikes en Gatske Giliams. Noch datselde jier waard har heit beneamd ta skoalhaad yn Saaksum, yn it Grinslânske Westerkertier, en twa jier letter struts de húshâlding del oan it Skilwyk yn Boalsert, dêr’t heit Jacob haad waard fan skoalle nûmer 1. Tryntsje troude yn 1926 mei Willem Eleveld (1886–1954), bouboer yn Wildervank. Sy ferstoar yn 1954, njoggen moanne nei Willem, yn Gasselternijveen.

Froulju yn Hylper dracht. Ansicht út 1911, útjûn troch Sierd Veltheer. Sy is de twadde frou fan rjochts.

Koart nei de Twadde Wrâldoarloch hie Tryntsje har yn it publike debat bejûn mei in ynstjoerd brief yn de Leeuwarder Courant fan 4 maart 1947. Har brief wie in reaksje op in nijsberjochtsje yn de LC fan 24 febrewaarje mei de kop ‘Hulp aan Duitse kinderen’. De tsjerkerie fan de herfoarme gemeente Ljouwert hie de synoade frege om helpferliening oan Dútske en Eastenrykske bern te organisearjen en de eigen gemeenteleden oproppen tydlik in Dútsk bern op te nimmen. Mar Tryntsje wie lang net oan fermoedsoening mei de Dútsers ta:

Is men zoo spoedig alles vergeten wat de gehate bezetter ons heeft doen lijden? De dood van vele illegale strijders; priesters als prof dr. Titus Brandsma, vonden de marteldood in Duitschland. En dan om nooit te vergeten, het lijden en dooden van zoo vele onschuldige Joden en hun kinderen. Het beste van het Nederlandsche volk heeft zijn leven voor onze vrijheid gegeven en dan nu een Duitsch kind opnemen? Er zijn velen die met mij zullen zeggen: “D a t  n o o i t !”
Na de oorlog 1914–1918 hebben we ook Duitsche kinderen in Nederland opgenomen en wat is er van terechtgekomen? 25 jaar later hebben ze Nederland uitgemoord en uitgeplunderd. Dat was de dank. Geen Duitscher aanhalen in Nederland.

Twa dagen letter naam de Leeuwarder Courant twa brieven op fan lêzers dy’t harren tsjin de opfetting fan Tryntsje kearden. Wy meie in bern net de misdieden fan syn âlden oanrekkenje en hate is net de wei nei in bettere wrâld, skreau de ien, en de oare ornearre dat wy allegearre sûndich en dus skuldich binne oan de marteldea fan Kristus en dat krekt Titus Brandsma út syn kristlik leauwe wei dy Dútske bern help bean hawwe soe.

Der wienen by de krante mear brieven binnenkommen, fan mei- en tsjinstanners, skreau ‘P.’ – Jan Tjittes Piebenga, doetiids haadredakteur fan de LC – yn it artikel dat hy op 11 maart oan de kwestje wijde. Piebenga fettet de arguminten fan beide kampen gear: oan de iene kant is der de hurde wierheid dat der yn Nederlân sels noch safolle bern ûnderfuorre binne en brek lije wylst der oeral krapte is; oan de oare kant moatte Dútske bern net boetsje hoege foar de misdieden fan âlden of folksgenoaten, en inkeld neisteleafde bringt ús fierder. ‘Moeten w i j nog iets aan deze zo getrouw mogelijk weergegeven meningen toe- of afdoen?’, skriuwt Piebenga. Nee. Mar Piebenga docht it al. Hy sketst nei syn retoaryske fraach in sfearbyld fan it swier teheistere Dútslân, wiist op helpaksjes yn katolik fermidden en oare lannen, en einiget dan sa:

Wij begeerden slechts één ding: dat al degenen, die deze hulpverlening zo fel afwijzen, een rondreis door het Duitse ruïnen-rijk zouden kunnen maken. Als zij de Duitse kinderen daar met eigen ogen in hun ellende zagen, zouden zij geen woorden meer hebben: zij zouden dadelijk gaan proberen er een mee naar huis te nemen.

Amen. En dochs wringt der wat. De haadredakteur dy’t himsels ta morele liedsman makket en syn lêzers, foarbygeand oan wat of wa’t harren yn de oarloch faaks ûntnommen is en foar wa’t sy al te soargjen hawwe, ferget op fersoenlikens en ûntferming. De haadredakteur dy’t boppedat yn deselde snuorje mei dy oare slachtoffers fan de oarloch, de Joaden en harren bern dy’t de Shoah oerlibbe hawwe, minder moederaasje liket te hawwen as mei de Dútske bern. Syn haadredaksjonele artikel yn de LC fan 26 febrewaarje 1947 ûnder de titel ‘Zelfkwelling ten dode’ neamt ommers net it stribjen om oan it ivige antysemitisme te ûntkommen mar ‘de haat tegen het eigen volk’ as oarsprong fan guon opinys en ambysjes yn Joadske rûnten dy’t him, Piebenga, net noasken. Yn stee fan oan ‘zelfkwelling – een vorm van blinde eigengerechtigheid’ te dwaan soenen Joaden neffens him wat mear ‘critische zelfbeproeving’ betrachtsje moatte.

It is in artikel dat troch syn generalisaasjes, stigmatisearring en paternalisme ûnnoflik oandocht. It ûngemak ûntstiet net pas yn de ôfstân tusken doe en no, mar waard yn 1947 ek al field, ûnder oare troch Froukje Kalma-Koops. Sy set har beswieren helder útinoar yn in ynstjoerd brief yn deselde LC as wêryn’t Piebenga tsjinstanners fan boargerhelp oan Dútske bern ymplisyt hurdhertigens ferwyt.

Dit berjocht is delset yn Poste restante en tagd , , , , , , , , , , , , , . Bookmark de permalink.