- ‘Oranjewoud-Heerenveen.’ (m.û.), ±1901–1902. Kleurelitografy en ljochtdruk, 91×140 mm. Utjûn troch de Heerenveensche Boek- en Kunsthandel, It Hearrenfean. Printe troch Knackstedt & Näther, Hamburch, searje 204. Poststimpels It Hearrenfean 25-10-1902 en Almelo 25-10-1902. Ferstjoerd oan Adriana Catharina Pauline Calkoen, Almelo, troch Ida Elisabeth van Heloma.
‘Het Friese Haagje’ wurdt It Hearrenfean wol neamd. Neffens it Aardrijkskundig woordenboek der Nederlanden (diel V, 1844) fan A.J. van der Aa is dat fanwegen ‘de aanzienlijke levenswijze en de aldaar heerschende weelde’. No sil der yn it âldste feankanaaldoarp fan Nederlân grif feanbazen wenne hawwe dy’t, ryk wurden oar de rêgen fan earme turfstekkers hinne, it breed hingje lieten, mar dat ferklearret net de ferwizing nei De Haach, alias de Hofstêd. Syn bynamme hat It Hearrenfean earder te tankjen oan it oanbuorjende Oranjewâld, dêr’t yn earder tiid Oranjes harren domisily hienen.
It Oranjewâld wie en is fêst of periodyk wenstee fan de Fryske upper class. Albertine Agnes fan Nassau, widdo fan de Fryske steedhâlder Willem Frederik fan Nassau-Dietz, hie der fan 1676 ôf in lânguod mei de namme Oranjewoud. Sûnt begjin njoggentjinde iuw liet ek oare adel en elite dêr yn ’e buert lânhuzen bouwe. Hans Willem de Blocq van Scheltinga sette om 1835 hinne op it plak fan de eardere bûtenpleats fan Albertine Agnes in nij lânhûs mei deselde namme. De eardere rintmasterwente fan Oranjewâld krige de namme Oranjestein en waard desennialang bewenne troch de famylje Bieruma Oosting.
Ien út dy famylje, Johannes Bieruma Oosting, wie yn 1881 partij yn in rjochtsaak dêr’t in swiere lucht fan klassejustysje om hinne hong. Net Bieruma Oosting, dy’t mei in pistoal op syn koetsier Rients Agema sketten hie, mar de ûnskuldige Agema waard feroardiele ta in heal jier sel, dêr kaam it yn it koart op del. It gewoane folk roek it ûnrjocht en sammele jild yn om Agema yn steat te stellen en gean yn heger berop. It Friesch Volksblad stipe de aksje yn syn redaksjonele kolommen en de Amsterdamske abbekaat Samuel Katz, dy’t pro deo foar Agema yn ’e pleit gie, behelle foar him frijspraak. As tank krige Katz in sulveren skaal (no yn it Fries Museum) mei Frysktalige loffersen deryn gravearre, skreaun troch de beide Friesch Volksblad-redakteuren Waling Dykstra en Oebele Stellingwerf.
De neibyens fan rike stjonkerts, en ek de opkomst fan Oranjewâld-toerisme, brocht mei dat der op It Fean nearingdwaanden yn wielde-artikels kamen. Ien fan harren wie Axel Louwrents Land, dy’t in ‘bettere’ boekhannel opsette en ek sels boek- en plaatwurken útjoech. Sa ferskynde der yn 1885 in lúks leporello-album mei tolve foto’s fan It Fean en omkriten ûnder de titel Souvenir aan Heerenveen, Oranjewoud en Beetsterzwaag-Olterterp. Oan de oare kant brocht Land yn datselde jier ek it goedkeape mar grif goed ferkeapjende boekje Blanke slavinnen in Nederland op ’e merk, in oanklacht tsjin it misbrûk fan fammen út earme húshâldings yn Amsterdam, skreaun troch immen dy’t him achter de inisjaal ‘P.’ ferskûle en suggestive anekdoates net út ’e wei gong. Nop Maas stelde yn Maatstaf 38 (1990) sûnder ûnderbouwing dat it om de Snitser útjouwer en boekhanneler Hendrik Pyttersen Tz. gean soe. Mar it Nieuwsblad voor den Boekhandel 52 (1885), nû. 71, hie ‘P’ al identifisearre, wierskynlik korrekt, as de breaskriuwer George Willem Hendrik Panchaud.
Yn 1901 waard Land syn boekhannel in namleaze fennoatskip en omdoopt ta Heerenveensche Boekhandel, mei Land as ien fan de oandielhâlders en mei de fan Snits ôfkomstige Ysaak Sevensma as direkteur. Sevensma soe dat oant syn dea yn 1927 bliuwe. De saak hie in grut oanbod fan papier, kantoarartikels, boeken en galanteryen, en fungearre boppedat as lêsbibleteek. Ek gong Sevensma troch mei it útjaan fan boeken – it reisferslach Van Friesland naar Athene (1908) fan de Oranjewâldster Andreas Tjaarda bygelyks – en brocht er kalinders en muorrekaarten op ’e merk. Lykas Land socht Sevensma syn klanten ûnder sawol de Bieruma Oostings as de Agema’s, wat ek bliken docht út de ansichtkaarten dy’t er meitsje liet: nêst reguliere ansichten ferskillende searjes yn it djoerdere segmint.
Kasjet hat bygelyks de searje dêr’t hjirboppe eksimpels fan toand binne. Yn totaal bestiet de searje út seis kaarten. Fan fjouwer haw ik sels eksimplaren, in fyfde is fertsjintwurdige yn de kolleksje fan Tresoar (nû. Q424) en in sechde haw ik ris lânskommen sjoen op ynternet. Trije kaarten hawwe in plaatsje fan de Prinsewyk mei oan de ein it bûten Oranjewâld. De trije oaren hawwe elk twa plaatsjes, fan de Lineleane mei oan de ein Oranjestein en fan de Oertún fan Oranjewâld. De plaatsjes, yn swart-wite ljochtdruk, binne op elk fan de seis kaarten yn gouden kaderkes set en omjûn troch in bosk- of heidelânskipke yn kleurelitografy.
It lânskipke op de kaart boppe-oan dit blog docht nammers minder tinken oan de bosken fan Oranjewâld as oan de heide boppe Bremen. De ansichten bringe jin wurk fan skilders út de keunstnerskoloanje Worpswede yn ’t sin, benammen fan Hans am Emde en Otto Modersohn, dy’t graach wat beamkes, leafst bjirken, as kûlizen op ’e foargrûn setten, lykas ek op dizze kaarten dien is. De anonime yllustrator fan de searje hat faaks troch dy Worpsweders ynspirearre west. Hy of sy wurke dan ek net foar Sevensma, mar foar de Hamburger firma Knackstedt & Näther. It monogramke K+N fan dy firma stiet hiel lyts yn de hoeke rjochts ûnder, folge troch it searjenûmer.
De yn 1889 troch Wilhelm Georg Ludwig Knackstedt en Hermann Gustav Näther oprjochte firma wie begjin tweintichste iuw wrâldwiid ien fan de grutste produsinten fan ansichtkaarten. Fan 1893 ôf wie Knackstedt de iennichste eigner. Neffens Helmfried Luers hie er om 1906 hinne sa’n 290 wurknimmers en produsearre er hûndert miljoen kaarten jiers, dêr’t 60 prosint fan eksportearre waard, meast nei de Feriene Steaten. De firma lei him sûnt 1899 ta op kaarten mei in dekôr yn kleurelitografy fan mondêne sênes, romantysk-idyllyske lânskipkes of florale ornaminten en mei útsparre romte foar topografyske ôfbyldings yn ljochtdruk, dêr’t lokale klanten sels it byldmateriaal foar oandroegen.
De kaarten binne dus, oars as de Rosenblatt-kaarten dy’t besprutsen binne yn Poste restante XXIV, net yn ien druktechnyk en ek net alhiel yn kleur. In oersjoch fan de typen kaarten dy’t de firma produsearre jout F.J.M. Bokelmann yn De randversieringen van Knackstedt & Näther, Hamburg út 1998. Dêr bestiet ek in útwreide webferzje fan. Nêst Sevensma ken ik mar ien oare Fryske ûndernimmer dy’t ek Knackstedt & Näther-kaarten útjoech. De Snitser boekhanneler Frans Willem Wielinga (ek Wielenga) hie op syn minst twa ferskillende yn ’e oanbieding, beide mei de Wetterpoarte derop. De Greidhoeke- en wettersportstêd Snits mei heide en bjirken deromhinne, it docht nuver oan.
De Knackstedt & Näther-searje wie faaks de moaiste dy’t Sevensma útbrocht, mar net de iennichste. De saneamde ‘vogellijnkaarten’ fan Sevensma, om ien foarbyld te neamen, kinne ek besjen lije. Sokke kaarten hawwe in râne yn blyndruk mei fûgeltsjes, twiichjes en blomkes om een fotootsje yn swart-wyt of yn kleur. Sy waarden printe troch de firma M. Glückstadt & Münden yn Hamburch en binne bekend út tal fan plakken yn Nederlân. Yn Fryslân wie Sevensma de iennichste útjouwer dy’t guon op ’e merk brocht: twa fan It Hearrenfean en trije fan It Oranjewâld, alle fiif yn sêfte kleuren.
Allegearre priziger mar attraktive kaartsjes, dy’t net yn it lêste plak ôftrek fûnen by de elite. Sa bygelyks it kaartsje boppe-oan dit blog. De ôfstjoerster, Ida Elisabeth (Betsy) van Heloma (1881–1932), wie in tantesizzer fan Elske van Heloma, dy’t troud wie mei Hans Willem de Blocq van Scheltinga, eigner en bewenner fan it lânhûs dat foarop har kaartsje stiet. Yn 1908 troude Betsy mei de bankier Bernard s’Jacob (1879–1914).
De ûntfangster, in frelle, wie Adriana Catharina Pauline Calkoen (1887–1977), dochter fan de ofsier fan justysje Abraham Calkoen en Henriette Jeannette Bowier. Har âlden wienen troud yn Ljouwert, wenplak fan pake en beppe fan memmekant; pake Gerard Johannes Martinus Bowier wie dêr belestingûntfanger. Pauline Calkoen troude yn 1914 mei de luitnant Willem Carel Bijl de Vroe (1877–1919), adjudant fan prins Hendrik.