Mail oan Minke IV

Liebe Minke,

Leaf datst nei myn wolwêzen fregest en oft wy, do en ik, noch wol fan deselde poëzy hâlde. Gjin noed. Ja, dit weblog lei in hoartsje stil, mar inkeld om’t ik it hiel drok hie op ’e saak. Dat is no dien, it wurk sit der op, ik bin mei pensjoen. En dan ‘ús poëzysmaak’, dyn wurden, wêrom soe dy deselde bliuwe moatte en net feroarje meie? Myn smaak is oars noch wakker gelyk, sit dêr mar net oer yn. Tajûn, ik haw even ompield mei de gedichten fan Erich Fried, mar mei de hân op myn hert: ik sil it noait wer dwaan. It wie in rite fan jeugdsentimint.

Dat kaam sa. Begjin dit jier yn Düsseldorf fûn ik yn in stasjonsboekwinkel in blomlêzinkje gedichten fan Fried. Ynienen siet ik wer yn in skoallokaal fan it Lienward College oan de Ljouwerter Kanaalstrjitte, yn in les fan menear Snoeijing, learaar Dútsk. Henk Snoeijing (1947–2012), yndertiid begjin tritich, himpen, mei koart blond hier en in briltsje mei rûne glêzen yn in tin montuer, wie in yntroverte, sêftmoedige en tagonklike dosint. Foar my makke er it fak dat er joech ta in guilty pleasure.

It smiet by de diploma-útrikking in ferhalebondel fan Carl Zuckmayer op, skonken troch de Dútske ambassade. Fan myn eineksamenjier bliek ik de heechste sifers foar Dútsk helle te hawwen, sorry, en de ambassade beleanne soks mei in moai, bûn boek mei stofomslach. Yn in aula fol slagge learlingen en harren grutske âlden dêr yn de Kanaalstrjitte haw ik dat boek skytskoarjend yn ûntfangst nommen. It kaam ommers fan de Dútske oerheid en dy wie, neffens it rigide oardiel yn de rûnten dêr’t ik my leafst yn ophold, oer alle boegen fout.

Leafde foar Dútsk wie yn de jierren santich eins not done. De stimming wie anty-Dútslân en dus ek anty-Dútsk, fanwegen Franz Josef Strauß, Springer-Verlag, Berufsverbote, Bayer en BASF, Stammheim en noch sa wat, allegearre boppe-op de Twadde Wrâldoarloch. Mar wylst wy, rekalsitrante pubers, by Frânsk omkôgje moasten op alderheislikst flauwe kluchten fan Molière, fuorre Snoeijing ús maatskippijkrityske, provosearjende en bytiden revolúsjonêre literatuer fan ûnder oaren Heine, Büchner, Brecht, Borchert, Grass en Biermann.

Erich Fried

En dus ek fan Erich Fried (1921–1988), Eastenriker en Joad, dy’t nei de Anschluss yn 1938 nei Ingelân útwykt wie, dy’t famylje ferlern hie troch tadwaan fan de nazi’s en dy’t as dichter radikaal stelling naam tsjin fassisme, militarisme, kapitalisme, de Vietnam-oarloch, it ferhûddûkjen fan de Palestijnen troch Israël, de polityk yn de Bundesrepublik Deutschland, de mediahetze tsjin links en de behanneling fan finzen leden fan de Rote Armee Fraktion. Syn poëzy hie ympakt, wie foarwerp fan publyk debat en lokke sensuer út fan de autoriteiten.

Alteast yn Dútslân. Dêr jildt Fried, yn 1987 winner fan de Georg-Büchner-Preis, oant hjoed-de-dei ta as in wichtich dichter, ien dêr’t men net omhinne kin, in dichter waans wurk sels te keap is yn stasjonsboekwinkels. Dat ik kocht dêr yn it Düsseldorfer Hauptbahnhof dat blomlêzinkje, út nostalgy tink ik, en sloech dy nacht, om wat om hannen te hawwen, op myn hotelkeamer oan it fertalen. Dreech wie dat oars net. Fried syn fersen binne ienfâldich, rjocht ta rjocht oan. Se sykje effekt yn dialektyk, net yn lyryske subtilens. Doe’t ik thús eardere Fryske oersettings fan guon gedichten der by luts, blieken mines dêr dan ek amper fan te ferskillen.

Dy eardere oersettings binne fan Marten Sikkema, skriuwersnamme fan Govert Gezelle Meerburg (1918–2005). Tusken 1985 en 1991 publisearre hy ferfryskings fan fjirtjin gedichten fan Fried yn it moanneblêd De Strikel. Sikkema begûn dêr mei nei’t er Fried moete hie doe’t dy yn Nederlân in lêzingetoernee hold. Sikkema hie him fan Leiden nei Grins sjauffeurd en him ûnderweis fertelle litten oer syn libben en wurk. Yn De Strikel fan desimber 1985 die er dêr ferslach fan.

Nei it ferstjerren fan Fried yn 1988 kaam De Strikel mei in in memoriam skreaun troch Sikkema syn dochter Babs Gezelle Meerburg en Ronald Noppers. Myn âld-learaar Henk Snoeijing wie harren foargongen mei in betinkingsartikel yn de Leeuwarder Courant. Yn dat (Hollânsktalige) artikel naam Snoeijing nêst in eigen oersetting fan ‘Bevor ich sterbe’ ek de Frysktalige oersetting op dy’t Sikkema earder makke hie fan ‘Reden’.

It wie de twadde mar net de lêste bydrage fan Snoeijing oan de Leeuwarder Courant. Tusken 1988 en 2009 soe hy de LC-lêzers mei in oardel hûndert skôgjende stikken ynformearje oer Dútsktalige literatuer. Dat barde meast yn de foarm fan resinsjes oer Dútsk proaza yn Hollânske oersetting, fan literêre grutheden as Rilke, Kafka, Musil, Roth, Böll en Walser, mar ek fan jonge, noch amper bekende, faak debutearjende skriuwers. It wienen besprekken mei nuansearre oardielen en heldere konklúzjes, oer sawol de plussen en minnen fan it wurk sels as de kwaliteit fan de oersetting.

Snoeijing droech oan de Leeuwarder Courant ek fjouwer essayistysker stikken by: in artikel (syn earste bydrage) oer Musil en betinkingsartikels oer Goethe, Heine en, lykas sein, Fried. Ut dat lêste artikel: ‘Veel van Frieds gedichten hebben zo een pamfletachtig karakter gekregen, zijn extreem tijdgebonden en kunnen over enkele jaren nog slechts met behulp van vele voetnoten gelezen worden. […] Maar de gedichten waarin de politieke aanleiding niet expliciet genoemd wordt, waarin niet woede de boventoon voert, maar waarin vanuit een humanistische levenshouding geschreven is, zullen nog lang een geboeid gehoor vinden.’

’t Is wier, de leafdesgedichten dy’t Fried ek skreau, hâlde it better út as syn politike poëzy, dy’t bytiden grinzget oan agitprop. It lofliet op de leafde ‘Was es ist’ – yn Nederlân populêr wurden yn de oersetting fan Remco Campert – is útgroeid ta in evergreen, dy’t yn boeken mei titels as Die 100 schönsten Gedichte der deutschen Literatur net ûntbrekt.

In tekst fan Erich Fried op de Berlynske muorre

Nei dy diploma-útrikking yn de Kanaalstrjitte gongen wy, slagge en ôfswaaid, op in boerewein mei in trekker derfoar en drank oan board Ljouwert troch, by de wenadressen fan dosinten lâns. Snoeijing nûge ús gastfrij yn. Wat makke dat ik him doe tante oer it kontrast tusken de rebelly fan syn literêre helden en syn eigen boargerlike fêste baan, syn boargerlike nijbouhûs en de boargerlike keunst dêr oan de muorre? Yn stee fan my in ferbale ringel om de earen te jaan gong Snoeijing ferduldich yn petear. Fiifenfjirtich jier letter, pensjonearre en wenjend op stân mei ûngefaarlike keunst oan de muorre, skamje ik my foar dat tergjen, noch mear as foar dat skytskoarjen by it yn ûntfangst nimmen fan dat boek. It spyt my, menear Snoeijing.

Oant safier, meine teure Minke, oer myn gedoente mei in faaks net hiel goede mar moedige dichter en myn oantinkens oan in hiel goede learaar Dútsk. No wer Volldampf voraus mei dit weblog! Gruß & Kuss,

Klaas

– Marten Sikkema, ‘In moeting’, De Strikel 28, nû. 11 (desimber 1985), s. 280–283.
– Henk Snoeijing, ‘Erich Fried: dichter tussen verguizing en aanbidding’, Leeuwarder Courant, 02-12-1988.
– Ronald Noppers & Babs Meerburg, ‘Erich Fried, Dútsk dichter 1921–1988’, De Strikel 32, nû. 3 (maart 1989), s. 13–15.

Gedichten fan Erich Fried yn it Frysk, oerset troch Marten Sikkema:
– ‘Sprekke’, ‘Mar’, ‘Petear mei ien dy’t oerlibbe hat’, ‘Goed foarnimmen’ en ‘Engagearre fers’, De Strikel 28, nû. 11 (desimber 1985), s. 280–283.
– ‘Wat it is’ en ‘Nacht yn Londen’, De Strikel 31, nû. 4 (april 1988), s. 106, 111.
– ‘De fijannen’ en ‘Sykjend’, De Strikel 32, nû. 1 (jannewaarje 1989), s. 5, 23.
– ‘Mar miskien’, ‘Alde dei’, ‘Fersen lêze’ en ‘Ear’t ik stjerre sil’, De Strikel 32, nû. 3 (maart 1989), s. 14–15.
– ‘Hark, Israël’, De Strikel 34, nû. 3 (maart 1991), s. 27.

Dit berjocht is delset yn Flessepost en tagd , , , , . Bookmark de permalink.