10 Februari 1896.
Das abgesandte habe Ich erhalten,
Was d’rin steh’t versuche Ich zu entfalten.
Herzlichen Dank vor Ihre Güte!
Innerhalb 4 Wochen will ich remitteren,
Hoffentlich kann auch Ich dan interesseeren
Ihnen, der Freunde Blüthe!
Vielmals gegrüszt W.J. Wierda
Samlers binne meast manlju, en ûnder mekoar binne it lytse jonkjes: wa kin it fierste pisje? Op
Want myn âldste datearre ansichtkaart is deitekene en ôfstimpele yn febrewaarje 1896.
De beide kaarten binne útjûn troch Klaas Baukes Falkena (1852–1932), dy’t sûnt 1891 in boekhannel dreau oan de Jongemastrjitte, tsjinoer it stedhûs. Falkena wie de earste yn Boalsert – en sa’t it liket de earste yn hiel Fryslân – dy’t ansichtkaarten op ’e merk brocht. Al op
De ûntfanger fan de kaart wie Woldemar Mader, berne yn 1859 yn Redwitz an der Rodach, yn Beieren. Hy gong nei it gymnasium yn Bayreuth, studearre farmasy yn München en promovearre dêr yn 1889 op in proefskrift mei de titel Beiträge zur Kenntnis reiner Honigsorten. Yn 1892 waard er ynspekteur fan it bûterfabryk yn Boalsert, mei as opdracht in laboratoarium op te setten en te lieden. Yn 1896 gong er werom nei München. Noch yn itselde jier troude er mei Emilie Jahn, dochter fan in apteker yn Kulmbach, en naam er de apteek fan syn skoanheit oer. Yn 1919 die er dy fan de hân. Mader ferstoar yn Kulmbach
Wierda en Mader hawwe yn Boalsert grif in freonskiplike omgong hân. Wierda skreau op de foarkant fan de ansicht in hertlik boadskip op rym, yn syn bêste, mar net flaterfrije Dútsk. De deitekening is mei rommele. De sekuere lêzer hat fansels al opmurken dat de datum ‘10 Februari 1896’ boppe Wierda syn rymstikje in dei letter is as de datum dy’t yn it Münchener postkantoar op de kaart stimpele is. Ien fan beide datearrings kin dan net klopje. En jawol, de ‘10’ liket oer in oar getal, mooglik in ‘6’, hinne skreaun te wêzen. Hat Wierda yn ’e beane west en de datum ferkeard ‘ferbettere’? Of hat Mader de datearring oanpast om der op dy manier in datum fan ûntfangst fan te meitsjen?
Ik wit it net. Myn âldste datearre ansichtkaart bliuwt it likegoed. Wat dat oangiet, pisje ik dus fierder as Tresoar, mar earlik is earlik, Tresoar plast folle langer troch. De kolleksje ansichtkaarten oan de Bûterhoeke is ommers hiel wat grutter as mines. En sa heart