In dwaas skreau trije tekens yn sân,
Doe stie der in bleke faam op it strân.
Lûd song de see, sa lûd.
Sy hold in beker yn de hân,
Dêryn oan de râne ta in glâns,
Sa read en swier as bloed.
Der foel gjin wurd – nacht kaam oer it lân,
Doe naam de dwaas har út de hân
De beker en dronk ris goed.
Doe dôve syn ljocht út yn har hân,
Ferwaaiden trije tekens yn it sân –
Lûd song de see, sa lûd.
Ballade
Ein Narre schrieb drei Zeichen in Sand,
Eine bleiche Magd da vor ihm stand.
Laut sang, o sang das Meer.
Sie hielt einen Becher in der Hand,
Der schimmerte bis auf zum Rand,
Wie Blut so rot und schwer.
Kein Wort ward gesprochen – die Sonne schwand,
Da nahm der Narre aus ihrer Hand
Den Becher und trank ihn leer.
Da löschte sein Licht in ihrer Hand,
Der Wind verwehte drei Zeichen im Sand –
Laut sang, o sang das Meer.
Ut de ‘Sammlung 1909’. Ofbylding: De blomlêzing Gesang des Abgeschiedenen, Insel-Bücherei 436, 17de–26ste tûzental, 1950.