Ut in protsje te katalogisearjen materiaal kaam by de Bijzondere Collecties fan de Universiteit van Amsterdam in berneboekje foar it ljocht mei oantekenings oer de berte of it ferstjerren fan fjouwer Goaiïngeasters yn de jierren
It boekje sels is fan 1834. It hat as titel Nieuw en vermakelijk leesboekje voor kinderen, telt 68 siden yn lyts oktavo en is útjûn troch de Nijmeechske útjouwer D.J. Haspels.
In net botte oefene hân hat mei potlead notysjes oan it boekje tafoege oer fjouwer Goaiïngeasters. Dat it doarpsgenoaten wienen, liket de iennichste relaasje tusken harren te wêzen. It giet net om leden fan ien famylje, sa’t ornaris it gefal is by notysjes yn bygelyks in famyljebibel. Hjirûnder earst transkripsjes, yn kronologyske folchoarder, mei taljochting. Dêrnei in antwurd op de fraach wa’t de notysjes makke hat.
Anne Piers Hettema
- Anne P. Hettema overleden den 10 October in 1855 en nagenoeg
Anne Piers Hettema waard berne op 9 maart 1831 yn Goaiïngea en ferstoar dêr op 10 oktober 1855. Anne wie neffens syn dea-akte ‘van boerebedrijf’ en wie doe’t er weirekke noch net troud. Hy wie in soan fan Pier Annes Hettema (1789–1832) en Geeske Sytzes Dotinga (1801–1879), dy’t yn 1835, nei de dea fan Pier Annes, in twadde houlik oangong mei de widner Dirk Eeltjes Rollema. Dy die tynge fan de dea fan syn styfsoan yn de Leeuwarder Courant fan 12 oktober 1855:
- Jitze J. Bakker geboren den 14 Junij 1833 en overleden den 2 December 185[6]
Jitze Jentjes Bakker waard berne op 14 juny 1833 yn Dearsum en ferstoar, 23 jier âld en net troud, op
Eibert Wypkes van Popta
- na een spoedig toenemend verval van krachten is heden in den ouderdom van
Goenga den 20 Januarij 1857.
H.T. Tacoma
wed. E.W. van Popta.
mede uit naam der Kinde[…]
Eibert Wypkes van Popta waard berne op 23 juny 1792 yn Penjum as soan fan Wypke Eiberts van Popta (1765–1834) en Joukje Klazes Holkeboer (1767–1826). Yn 1814 troude Eibert Wypkes mei Jetske Broers Postma (1784–1821) en yn 1824 mei Hesseltje Taekes Takema alias Tacoma (1802–1887). Hy ferstoar op 20 jannewaarje 1857 yn Goaiïngea. De tekst fan de notysje komt sawat letterlik oerien mei it deaberjocht yn de Leeuwarder Courant fan 23 jannewaarje 1857 en is dêr grif út oerskreaun:
- Bevallen van eene wel geschapene meisje Jeltje van der veer geliefde echtgenoot
H.H. stallinga
Goinga den 18 April 1857
It nammeleaze famke yn dizze notysje hjitte fan Hotske en waard berne op 18 april 1857 yn Goaiïngea. Sy wie de earste poppe fan Hotze Heins Stallinga (1828–1874) en Jeltje Bendiks van der Veer (1821–1859) en soe ek de iennichste bliuwe. Hotske waard mar treddeheal jier âld; sy rekke wei op 5 novimber 1859, noch gjin fiif moanne nei har mem. Hotze troude yn 1862 opnij, mei Lijsbert Thomas Bijlsma. Ien fan de bern út dat twadde houlik waard ek Hotske neamd.
De notysje jout de yndruk út in krante oerskreaun te wêzen: de formulearring is lyk oan wat dêryn doetiids wenst wie. (Frjemd is al dat de bûgings yn ‘van eene wel geschapene’ net strike mei it grammatikale slachte fan ‘meisje’. Op ‘geschapene’ folge earst in oar wurd, dat wer útwiske en ferfongen is.) In berteberjocht fan Hotske is yn de Leeuwarder Courant lykwols net te finen. Heit Hotze wie ommers, neffens de akten, ‘arbeider’ en dan pleatsten je ornaris gjin famylje-advertinsjes. De krante hat grif as foarbyld tsjinne foar de formulearring, mar de spesifike gegevens binne dêr net út oernommen.
In stikmannich akten hat Hotze sels ûndertekene. Syn trouakte út 1856 en Hotske har berte-akte út 1857 steane kwa datearring it tichtste by de notysjes yn it berneboekje. De oerienkomsten tusken Hotze syn hantekening yn dy beide akten en it skrift fan de notysjes rinne mear yn it each as de ferskillen, foaral as ek yn oanmerking nommen wurdt dat de hantekenings skreaun binne mei inket en de notysjes mei potlead. It kin net oars as Hotze Stallinga hat de notysjes makke. Anne Hettema en Jitze Bakker kinne maten fan him west hawwe en faaks wie boer Eibert van Popta syn wurkjouwer.
Mei tank oan Adriaan Plak, dy’t my op it boekje attindearre.