Emily Dickinson, 409

 
De Siele kipt har eigen Selskip út -
Slút dan - de Doar -
Stel oan har goddelike Mearderheid -
Gjinien mear foar -

Unoandien - heart sy - hoe’t by har Portyk
De Koetswein hâldt -
Op knibbels - docht in Keizer syn fersyk -
It lit har kâld -

Hoe grut de kloft ek - sy - Ik ken har sa -
Kiest Ien -
Docht dan - de Kleppen fan har oandacht ta -
As Stien -

 

The Soul selects her own Society -
Then - shuts the Door -
To her divine Majority -
Present no more -

Unmoved - she notes the Chariots - pausing -
At her low Gate -
Unmoved - an Emperor be kneeling
Opon her Mat -

I’ve known her - from an ample nation -
Choose One -
Then - close the Valves of her attention -
Like Stone -

 

F409 (J303). Ofbylding: Houghton Library, Harvard University, Cambridge, MA.

Dit berjocht is delset yn Emily Dickinson en tagd . Bookmark de permalink.