Poste restante XX

    ‘Gorredijk,’ (m.û.), ±1898–1900. Ljochtdruk yn blaugrien, 90×139 mm. Utjûn troch Roel Kiemstra, De Gordyk. Poststimpels De Gordyk 29-05-[1900] en It Hearrenfean 2[9]-05-[1900]. Ferstjoerd oan Tietje de Boer, It Hearrenfean, troch Rigtje Gerritsma.

    Beste Tiet van harte geluk met den goeden uitslag van uw examen. Hoe blij ik ben T[iet] kan ik u niet schrijfen, maar t hart gevoeld zulks te meer, ook uwe zusters en verdere familie eveneens geluk. Hoezee voor deez dag.
    Terwispel 29 Mei 1900 vele Groeten u o
    [om] en T[ante] w[ytze] en Rigtje.
    Waar gister mijn gedachten waren steeds bij u.

It hie der blykber om spand, mar hoezee, de flagge koe út: Tytsje de Boer wie slagge! Mar wêrfoar of as wat? De Leeuwarder Courant fan 29, De Tijd fan 30 en Het Nieuws van den Dag fan 31 maaie 1900 jouwe it antwurd: neffens dy kranten hie in Hearrenfeanster juffer T. de Boer (de LC en De Tijd skriuwe by fersin ‘T. de Roer’) op 28 maaie yn Ljouwert de akte foar it leger ûnderwiis helle. In dei letter foege sy dêr noch de oantekening foar ‘Vrije en orde-oefeningen’, gymnastyk dus, oan ta. Goed trije moanne earder hie in juffer T. de Boer fan It Hearrenfean yn Swol al de oantekening ‘Nuttige handwerken’ helle. It kin net oars of it giet om Tytsje de Boer, dy’t út Terwispel wei sa hertlik lokwinske waard mei in moaie ansicht fan De Gordyk.

De achttjinjierrige Tytsje wie doe al tsien jier wees. Sy wie berne op 22 juny 1881 yn Boppeknipe as dochter fan Siebe de Boer en Joukje Gerritsma, hie twa âldere suskes, Tryntsje en Sytske, en krige der yn 1883 noch in jonger suske by, Richtsje. Noch gjin fjouwer moanne nei de berte fan Richtsje ferstoar mem Joukje, 25 jier âld. Heit Siebe gong yn 1886 in twadde houlik oan, mei Wimke Nijenhuis, mar kaam yn 1890 ek te ferstjerren. De fjouwer famkes krigen doe harren pake oan memmekant as fâd en tinklik hawwe se allegearre by pake en beppe – Gerrit Johannes Gerritsma en Sytske Kornelis Nijdam – in nij ûnderdak fûn. Dy hienen in pleats yn It Mar, in buorskip by It Hearrenfean, en wienen bern wend: sels hienen se der njoggen krigen.

Ien fan dy njoggen wie de ôfstjoerder fan de ansicht: tante Richtsje Gerritsma, dy’t yn 1895 troud wie mei Wytze van der Sluis. In groepsfoto út likernôch 1920 dêr’t Richtsje op stiet, mei earizer en floddermûtse, is opnommen yn de Van der Sluis-genealogy gearstald troch Pytsje van der Sluis en Reitze Jonkman. Richtsje en Wytze buorken yn Terwispel. It hie dan ek mear foar de hân lein as Richtsje har nicht in plaatsje fan Terwispel yn stee fan De Gordyk stjoerd hie, mar dat koe net: de âldst bekende Terwispelder ansichten waarden pas om 1910 hinne útjûn.

Tytsje sil grif minstens sa bliid west hawwe mei har akte as tante Richtsje, mar se liket him net brûkt te hawwen. Oanwizings dat sy earne beneamd is ta ûnderwizeres haw ik net fûn. Faaks krige se wurk as húshâldster. Der is alteast in ‘T. de Boer’ út Boppeknipe dy’t yn july 1903 oan de Groningsche Kook- en Huishoudschool in diploma húshâlden helle. Yn 1908 troude Tytsje mei Klaas Wierda (1881–1938), boekhâlder, mei wa’t se twa bern krige. Tytsje wenne yn it lêst fan har libben yn Huize Klein Jagtlust yn It Oranjewâld, dat yn de jierren fjirtich, fyftich en sechtich fan de tweintichste ieu yn gebrûk wie as rêst- en herstellingsoarde. Dêr rekke Tytsje wei op 22 augustus 1960.

De ansicht dy’t tante Richtsje foar har útkeas, hat as byskrift inkeld ‘Gorredijk,’ – mei komma. Gjin setflater, dy komma, oare ansichten fan Kiemstra hawwe eksakt itselde byskrift, bedoeld om der in datum op folgje te litten, sa’t men dat wend wie fan foarprinte briefpapier. De ansicht lit de N.O. Dubbelestraat sjen, it diel noardeastlik fan de brêge fan wat no Haadstrjitte hjit. It sicht is rjochting Terwispel. Links lizze rails; De Gordyk hie doetiids in tramferbining mei Drachten en It Hearrenfean. Oan de gevel rjochts hingje twa huoddedoazen en is in boerd fêstmakke mei de tekst ‘S. DE JONG MODES’. Dy saak stie sawat op it plak dêr’t no yn konfeksjenijbou de iepenbiere bibleteek húsfeste is.

De útjouwer fan de ansicht, Roel Kiemstra (1830–1912), wie yn de fuotleasten fan syn jong ferstoarne heit trêde en kûper wurden, mar dreau ek in drukkerij en útjouwerij. Sûnt 1869 liet er it wykblêd Nieuwsblad Opsterland ferskine, yn de folksmûle ‘It Kiemke’ neamd. Ek joech er lichtfuottich Frysktalich toanielwurk út, dat er sels skreau. In suksesnûmer waard de klucht ’t Kjeallefel en ’t lotterybriefke, dat foar it earst ferskynde by Aris Gerhardus Zwart op ’e Gordyk yn 1868. Kiemstra liet sels trije werprintingen folgje, de lêste yn 1908. Op it omslach fan syn twadde klucht, Baes Brand út 1865 – trije jier opnij yn it ljocht jûn ûnder de titel De klearmaker Brand – sette er mei gefoel foar marketing ‘tròch de skriver fen ’t “Kjellefel”’.

Kiemstra hie yn ’e rekken dat der fraach nei Frysktalich folkstoaniel wie. Al sûnt 1853 wie er in aktyf lid fan de Gordykster freonerûnte Door Oefening Volmaakter, dy’t foaral oan ferdivedearjend toaniel die (al waarden der ek wol lêzingen holden; sels spruts Kiemstra bygelyks oer ‘Arbeid en Kapitaal’ en ‘Commune en Werkliedenvereeniging’). Dat Kiemstra liet it net by twa kluchten. Nei ’t Kjeallefel en Baes Brand folgen noch Heechmoet komt foar de fal (1867), De stik’ne skonk (1867), Hoe master in wîf krîge (1874) en it Hollânsktalige De inkwartiering (1875). Yn hânskrift binne noch bewarre bleaun Wigle Skoenmakker en De kommies în de klem (Tresoar, Hs 482 en Hs 573).

In warber man dus, dy Roel Kiemstra. Oare publikaasjes dy’t fan syn parse kamen, wienen it foardrachteboekje Fen alles sa hwet (1881) fan syn sosjalistyske doarpsgenoat Geart Lourens van der Zwaag en de brosjuere Christendom en socialisme (1893) fan de teolooch Hendrik Thoden van Velzen, dy’t in jiermannich dûmny op ’e Gordyk west hat. En last but not least brochten Kiemstra en de fuortsetters fan syn saak tsientallen prachtige ansichten fan De Gordyk en omkriten op ’e merk.

Dit berjocht is delset yn Poste restante en tagd , , , , , , , , , , , , , , , , , . Bookmark de permalink.