Oan myn suske
Dêr’tsto giest is hjerst en jûntiid,
Blau wyld jout ûnder beammen toan,
Ienlike fiver yn jûntiid.
Sêft jout de flecht fan fûgels toan,
De weemoed oer dyn wynbraubôgen.
Dyn dimmen glim jout toan.
God makke dyn lidden ta bôgen.
Goedfreedsbern, stjerren sykje nachts
Dyn foarhollebôgen.
Wo du gehst wird Herbst und Abend,
Blaues Wild, das unter Bäumen tönt,
Einsamer Weiher am Abend.
Leise der Flug der Vögel tönt,
Die Schwermut über deinen Augenbogen.
Dein schmales Lächeln tönt.
Gott hat deine Lider verbogen.
Sterne suchen nachts, Karfreitagskind,
Deinen Stirnenbogen.
Ut Gedichte, 1913. Ofbylding: Max von Esterle, Georg Trakl, út Der Brenner, 1912.