‘Groete uit Jubbega’ (l.û.), ±1910–1917. Fotokaart, 88×137 mm. Sûnder fermelding fan in útjouwer. Deitekene Jobbegea 30-09-1917. Poststimpel De Gordyk 01-10-1917. Ferstjoerd oan Sytze Luchtenveld, legerkamp De Bilt, troch Afke van der Meer.
Jubbega 30 September 1917
Lieve man
Het is nu weer zondag nu dachte ik maar een paar letteren weer schrijven nu julie zullen nu noch wel in het kamp zitten denk ik want het weer dat gaat nu noch al tamelijk goed dat nu zullen julie daar wel moeten blijven tot de zesde October. nu man als ge J soms noch een kaartje wild sturen hij heeft zondag zijn verjaardag och dan is het wel eens aardig als men een kaartje ontvangt nu mij dunkt ge zult vandaag ook wel een lettertje schrijven dat verder hartelijk gegroet van u vrouw Afke vd Meer
p/a S. Luchtenveld. Jubbega. Friesland.
ik ben goed gezond en hoop van u ook.
noch vele gr van u vr.
Afke van der Meer libbet yn it no. Se skriuwt sa’t se praat, ynklusyf har stopwurdsje nu, yn in net hiel rûtinearre mar dochs moai regelmjittich hânskrift. Op snein hat se gelegenheid en skriuw har man Sytze, dy’t foar langere tiid fan hûs is. Sêft trunet se him om har in letterke werom te skriuwen en om in kaartsje te stjoeren oan ‘J’, want dy is takom snein jierdei. ‘J’ is har jongere broer Jacob, dy’t op 7 oktober 1917 ienentweintich jier hopet te wurden.
Sytze wit no dus mar wat er dwaan moat. Syn libben bestiet op dat stuit nammers inkeld út it opfolgjen fan oarders. It is mobilisaasjetiid en hy bivakkearret as soldaat by de tredde kompanjy fan it fyftjinde bataljon Landweer Infanterie yn kamp De Bilt by Bilthoven. Sytze, berne yn 1891 yn Koartsweagen, is dan 26 jier âld en oardel jier troud mei Afke, berne yn 1890 yn Jobbegea. Bern hawwe sy noch net; yn novimber 1918, as de mobilisaasje ôfrûn is, sil der in dochterke te wrâld komme, Feikje. Letter folgje der noch trije bern.
Mar safier is it noch net. De fotokaart fan Jobbegea dy’t Afke him stjoert, lit Sytze grif langje nei thús. Fansels ken er de beide jonges yn de pream op de foargrûn en de minsken, ien mei in fyts, op de wâlskant dêrachter. De foto is wierskynlik nommen by de Tredde Slûs. Wa’t him makke en útjûn hat, is net bekend. Fan deselde fotograaf haw ik noch twa oare Jobbegeaster fotokaarten. Ien dêrfan, mei huzen oan in feart, in brechje en in geit oan it tsjoar, is net goed te lokalisearjen. De oare toant de Hommedraai, in buertsje by in draaibrêge oer de Skoatterlânske Kompanjonsfeart, by wat no de Jochem Alberdawei is. Links op ’e foargrûn twa famkes mei in hûn; oarekant de feart de winkel anneks bakkerij fan de famylje Van der Zee. Myn eksimplaar fan dy tredde kaart is opnij adressearre oan Sytze Luchtenveld.
De kaart fan de Hommedraai krijt Sytze – noch altyd ûnder de wapens, mar yntusken legere yn Naarden – op 11 febrewaarje 1918 tastjoerd fan syn skoanâlden Anne van der Meer en Feikje de Groot. De oanhef ‘Beste Zwager!’ is ferrifeljend; it wurd sweager is hjir lykwols brûkt yn de ferâldere betsjutting fan skoansoan. Dochs skriuwe Anne en Feikje de kaart net sels. It is opnij Afke dy’t, wer op in snein, de pinne opnommen hat. Dat blykt inkeld al út de opmaak: op beide kaartsjes út 1917 en 1918 is de deitekening oer de hiele bridte fan de skriuwspegel útsmard en stiet der in klútsje ôfslutende wurdsjes op ’e kop ûnder it jiertal.
Ut namme fan har âlden tanket Afke har man foar de lokwinsk dy’t er syn skoanmem Feikje (sy wie op 4 febrewaarje 57 jier wurden) oer de post stjoerd hie. Kreas dien, Sytze. Ek ‘J’, broer Jacob, komt wer even te praat. Afke slút ôf mei groetnis fan har âlden en harsels:
Jubbega 10 Feb 1918.
Beste Zwager!
Met deze kunnen wij u mededeelen dat moeder haar feliciteerkaart in gezondheid heeft ontvangen nu daarvoor onzen hartelijken dank, nu de tijd schiet al mooi weer op zoodat ge al gauw eens weer thuis kan komen. J komt de vijfentwintigste ook weer thuis. Zijt hiermee hartelijk Gegroet van uw sch[oon]ouders.
de beste Groeten van uw vrouw.
Oer Sytze en Afke, earme minsken yn in earm doarp, is fierders net folle te finen. Yn de milysjeregisters en by harren houlik wurdt Sytze oantsjut as arbeider, by it houlik fan syn dochter Feikje yn 1946 as feehâlder. Afke ferstoar yn 1960, Sytze yn 1964. Se lizze begroeven yn Jobbegea.