De twadde, twatalige dichtbondel fan Sytse Jansma is om sa te sizzen net ûnopmurken bleaun. En wat mear is, hast alle besprekkers wienen tige posityf. Eppie Dam neamde Jansma ‘in natuertalint’ (Leeuwarder Courant, 25-9-2015) en sette
Ek Arjan Hut (De Moanne, 7-12-2015), Geart Tigchelaar (Ensafh, 2015-6, s. 37–40) en Abe de Vries (Friesch Dagblad, 17-10-2015) wienen goed oer de bondel te sprekken, al toeten de lêste soms de earen fanwegen ‘de oerdiedige muzikale effekten’ en dûzele it de beide oaren wolris yn ’e holle troch ‘de byldedrokte’. Plattelânsjonges, neat wend. Faaks jout dan in stedsk frommes as Friduwih Riemersma (Fers2, 1-11-2015) krekt fanwegen dat fariëtee-spektakel ekstra heech op oer de bondel. Mar nee, as iennichste resinsint fynt sy
Assosjaasje, referinsje
Yn in fraachpetear mei Sietse de Vries (LC, 18-9-2015) sei Jansma oer dat proses: ‘As dichter haw ik gjin doel. Troch de wurden dy’t ik skriuw, sjoch ik iepeningen nei oare wurden en kom ik op hiel oare plakken út as ik fan te foaren oait betinke kin.’ Mar dat er sûnder (foaropset) doel dichtet, wol net sizze dat syn fersen doelleas binne: ‘Myn poëzy beskriuwt de wurklikheid bûten de taal net, mar giet oer de taal sels. De taal stiet net yn tsjinst fan de wurklikheid. Al lêzend moatst de taal sels folgje en erfare dat de wurden yn in gedicht ûnûntkomber binne.’ En by eintsjebeslút blykt ek dizze dichter dochs in mission statement te hawwen, prachtich ferwurde yn it fers ‘ferbettere oarderingen’:
- de strânljip hat de kop fan in ljip
de strânljip strúnt op it strân
de ‘scholekster’ hat de sturt fan in akster
de ‘scholekster’ yt meastentiids skol
de ‘oyster catcher’ hat in paksnaffel
de ‘oyster catcher’ pakt oesters
de dichter wol fersen as nêstflechters
de dichter wol oesters en aaien brekke
dat de strânljip oesters pakt
dat de ‘oyster catcher’ skol yt
It giet yn ‘ferbettere oarderingen’ net inkeld mear om de assosjative krêft fan taal mar ek om de referearjende eigenskippen derfan. Nettsjinsteande syn frijsweevjende manier fan dichtsjen weeft Jansma semantyske straminen, wêrmei’t er beneamt en ferwiist. Taal hat komselden inkeld mar selsneamfunksje. Taal is by definysje betsjuttingdragend en referearret, sels as net besocht wurdt de werklikheid te beneamen, of as krekt alle war dien wurdt de werklikheid net te beneamen.
Assosjearjendewei kreëarret Jansma in talige werklikheid dy’t parallel bestiet nêst de ús omjouwende, wêrfan’t er it bestean mei dekonstruktivistyske holleknikjes en hântútsjes, soms opsichtich, soms ferhoalen, erkent. Jansma is net iensettich; hy referearret likegoed oan it sliepsankje ‘Suze nane poppe’ as oan de film Bye Bye Kipling fan Nam June Paik, in fideokeunstner, krekt as Jansma sels. Visual artists binne yn
Slachtbank, slachfjild
Hoe’t assosjaasje en referinsje by Jansma yn inoar oerfloeie, is it moaist ôf te lêzen oan ‘as slachte oksen fan soutine’, kwa wurdetal it langste fers en ek it meast komplekse. It begjint en einet mei rigels út de earste strofe fan it Jiddyske liet ‘Dona dona’. Dat waard yn 1941 yn Amearika skreaun troch Sholom Secunda en Aaron Zeitlin en is foaral bekend wurden troch de Ingelsktalige fertolkings fan Joan Baez en Donovan. ‘Dona dona’ giet oer in kealtsje dat as slachtfee fuortbrocht wurdt. As it kealtsje himsels beklaget, seit de boer: ‘Wa hat sein datsto in keal wêze moast? Hiest ek in swel wêze kind.’ Jansma sitearret út it Jiddyske orizjineel. In Fryske oersetting fan de sitaten soe wêze kinne:
- Op in karre leit it kealtsje,
mei in strûp om syn earme kop.
Troch de loften fljocht it sweltsje,
saait en draait alle kanten op.
De sitaten omklamje in tekst dy’t as in swel oeral hinne fljocht, mar dochs ek in patroan folget en in tematyske konstante sjen lit, mei as plak en tiid de rinfuorgen yn Flaanderen en oan de Somme yn de Earste Wrâldoarloch. Beide lokaasjes wurde letterlik neamd, yn de rigels ‘de flaamske fjilden mei himeljende pinken’ en ‘et nous sommes somme’. Rurale gebieten wêr’t de ierde iepensnien wurdt om wille fan lânbou én oarloch, fan gewaaks én ferdylging, tsjinstelden dy’t oan elkoar keppele wurde yn de gearstallings ‘fjochtgroppen’ en ‘grêfekers’. Soldaten, ‘fuorgelûkers op befel’, sille dêr sneuvelje en harren lêste rêstplak fine. In ik ropt yn kursivearre ynterjeksjes in ‘swiete soutine’ oan en fantasearret oer ien of oare útwei. Omdôch, de haadstêden fan de lannen yn oarloch binne slachthuzen: ‘parys is in poelier / berlyn in abattoir’.
Dy ‘soutine’ is Chaim Soutine (1893–1943), in Russysk-Joadske skilder dy’t sûnt 1913 yn Parys tahold. Ferneamd binne syn ekspresjonistyske skilderijen fan slachte fûgelte en fee, benammen kij. Wer’t syn foarleafde foar dat wat morbide tema weikaam, is ûndúdlik. De Dútske keunsthistoarikus Ernst-Gerhard Güse, bern fan syn tiid, miende yn 1981 seker te witten dat Soutine slachte oksen en oare deade bisten skildere omdat er nekrofyl west hawwe soe. Neffens oaren hold it tema ferbân mei de slachtrituelen yn de Russyske sjtetl dêr’t Soutine berne en opgroeid wie.
Nijsgjirrich yn ferbân mei it fers fan Jansma is de stelling fan de Amerikaanske studinte Callin Cherry, dy’t yn har skripsje ‘Man as Beast: Chaim Soutine and the First World War’ út 2014 skriuwt dat de skilderijen fan slachte oksen de grouwel fan de Earste Wrâldoarloch útdrukke wolle: ‘Soutine uses animal forms to mimic the horrifying disfigurements that soldiers suffered as a result of modern military technology.’ Foar elk fan de oppere antwurden ûntbrekke oanwizings; Soutine sels liket him nea oer syn motiven útlitten te hawwen. It iennichste dat fêststiet, is dat syn slachte oksen skildere binne nei it foarbyld fan in soartgelikens skilderij fan Rembrandt yn it Louvre.
It docht der winliken ek net ta. Binnen de kontekst fan Jansma syn fers stiet de slachte okse fan Soutine, krektlyk as it nei de slachtbank fierde kealtsje út it lietsje ‘Dona dona’, symboal foar de nei it slachfjild fierde soldaten yn de Earste Wrâldoarloch. It fers lit dêr gjin misferstân oer bestean, soe men tinke.
Boem is ho
Sa brûkt Jansma ‘ûnmooglike karakteristiken’. Syn byldspraak ‘switterige moskeeën’ bygelyks doocht net heal, want, skriuwt Riemersma knoffelich-akademysk, ‘net inkeld rjochtsje learhûzen oeral op ’e wrâld har histoarysk op matiging fan temperatueren (en beane alle moskeeën dêr’t ik wie noflike kuolte), mar ek ferhinderet it ferplichte rituele waskjen foar de entree fan de moskee elts spoar fan switrook’. It troch Jansma brûkte ‘klaterrussyske sinten’ is allikemin yn ’e heak, de roebel is resint ommers sterk devaluearre! Riemersma hâldt in attributive stylfiguer foar in fergeliking.
Nêst mispleatste reality checks set Riemersma de ynsinuaasje yn om har gelyk te heljen. It begjint dermei dat se Jansma syn werjefte fan de sitearre rigels út it Jiddyske lietsje ‘Dona dona’ beplakt mei it stigmatisearjende etiket ‘Germaansk’, tusken oanheltekens. Wat is it gefal? Jansma kiest, ta geriif fan syn lêzers, foar in werjefte yn Latynsk skrift yn stee fan Hebrieusk skrift. Neat nijs, de skriuwers fan ‘Dona dona’ dienen dat as it sa útkaam sels ek al. Riemersma negearret de gongbere terminology en neamt dy transliteraasje ‘Germaansk’, as hie Jansma de troch him sitearre rigels yn runen ritst. Elkenien wit dat ‘Germaansk’ sûnt de Twadde Wrâldoarloch in beladen term is. Immen in ‘Germaanske’ transliteraasje yn ’e skuon skowe, sûnder of mei oanheltekens, is dyjinge fertocht meitsje.
Trochgeand op dat glysterige paad wriuwt Riemersma tusken noas en lippen de earme Jansma oan dat er ‘Dona dona’ sitearret sûnder dêr de kontekst fan de Holocaust by te jaan. Dy bringt se sels yn troch de Eastenrykske psychiater Viktor Frankl (1905–1997) foar it buordsje te heljen. Frankl hat ferskillende konsintraasjekampen oerlibbe en publisearre ûnder mear it boek
Hoe moatte wy dat begripe? Dat Soutine mear ‘joadske korifee’ is as skilder? Dat Jansma him net opfiert as skilder mar as ‘joadske korifee’? Dat de oan de Earste Wrâldoarloch referearjende Jansma inkeld ferwiist nei popkultuer? Dat men it net oer de Earste Wrâldoarloch hawwe kin sûnder ek de Twadde te neamen? Dat men neat oan Joadske kultuer of troch Joaden makke keunst ûntliene mei sûnder de Holocaust derby te heljen? Sis it mar, ik wit net wêr’t Riemersma no presys op sinspilet, mar de suggestje liket te wêzen dat Jansma gratuit út populêr Joadsk kultuergoed put sûnder him rekkenskip te jaan fan de Joadeferfolging. Mei dy suggestje leit Riemersma in sweem fan naivens en ûnbenulligens oer
Te’n ûnrjochte. It besprek fan Friduwih Riemersma is in clash tusken twa fier útienrinnende poëtika’s, in selsevidinte en in utilistyske. Binnen de lêste komt de poëzy al fóar de frontale botsing aaklik yn ’e knipe. De poëzyresinsinte crasht.
Lês Sytse Jansma!
Mar de dichter komt mei de skrik frij. Lit jo as goedleauwende Fers2-lêzer net in rêd foar eagen draaie troch Riemersma har betinken dat Jansma in ‘iensidige, ynkoherinte, langtriedderige, egosintryske praatstyl’ hat en dat ‘begrypsskakearringen fan taal’ yn syn bondel ûntbrekke. It tsjindiel is wier. Klik Fers2 mar gau fuort, lês
- Twadde ôfbylding: Chaim Soutine, Le boeuf écorché, om 1925 hinne, Stedelijk Museum, Amsterdam. YouTube: Chava Alberstein,