Tag argiven: Georg Trakl

Georg Trakl, Trystens

  Trystens Der waret wrâldûnk troch de lette dei. Barakken drosse út hofkes brún en leech. Lâns dongturf djoeit in flakkerjen omheech, Twa sliepers swanke op hûs oan, griis en faai. Oer de fertoarre miede rint in bern En boartet … Fierder lêze

Pleatst yn Georg Trakl | Tagged | Reaksjes út op Georg Trakl, Trystens

Georg Trakl, De ûnwaarsjûn

  De ûnwaarsjûn O de reade jûntiidsoeren! Sjoch troch ’t rút it blau belûken En spril wynleaf tiizjend roeren, Binnen neskje eangstmespûken. Stof dat yn rioelstank wyndert. Wyn dy’t tsjin de finsters opfljocht. As in keppel wylde hynders Grille wolken … Fierder lêze

Pleatst yn Georg Trakl | Tagged | Reaksjes út op Georg Trakl, De ûnwaarsjûn

Georg Trakl, In winterjûn

  In winterjûn As de snie it rút bedekt, Liedt de jûnsklok, lange skoften, Stiet in gastmiel ree foar kloften, Neat dat yn it hûs ûntbrekt. Mannichien op swalkerstocht Fynt de doar lâns donkere paden. Goudich bloeit de Beam Genade … Fierder lêze

Pleatst yn Georg Trakl | Tagged | Reaksjes út op Georg Trakl, In winterjûn

Georg Trakl, Flústere yn ’e neimiddei

  Flústere yn ’e neimiddei Sinne, hjerstich skraal en skou; Fruchten falle fan de tûken. Dizze lange middei lûke Stiltes gear yn romten blau. Stjerrenslûd fan stiel wurdt heard, Snijt in wyt dier ôf de amme. Rouwe sang fan brune … Fierder lêze

Pleatst yn Georg Trakl | Tagged | Reaksjes út op Georg Trakl, Flústere yn ’e neimiddei

Georg Trakl, Yn it fean

  Yn it fean Swalker yn de swarte wyn; sacht flústeret it toarre reid Yn de stilte fan it fean. In flecht wylde fûgels Oan de grize himel folget; Dwers oer donkere puollen. Beroering. Yn ferfallen klinte Fladderet op mei … Fierder lêze

Pleatst yn Georg Trakl | Tagged | Reaksjes út op Georg Trakl, Yn it fean

Georg Trakl, Sang fan in finzen klyster

  Sang fan in finzen klyster Foar Ludwig von Ficker Donkere amme yn de griene twigen. Blauwe blomkes omsweve it antlit Fan de iensume, waans gouden trêd Weistjert ûnder de olivebeam. Op fladdert mei dronkene wjuk de nacht. Sa sêft … Fierder lêze

Pleatst yn Georg Trakl | Tagged , , , | Reaksjes út op Georg Trakl, Sang fan in finzen klyster

Georg Trakl, Op âldfaars grûn

  Op âldfaars grûn Resedarook troch ’t sike finster tiist; Lâns ’t âlde plein kastanjes, swart, in seam. In gouden striel brekt troch it tek en streamt Oer broer en suster, drôgjend, fan de wiis. Yn ’t spielwetter driuwt fûlens, … Fierder lêze

Pleatst yn Georg Trakl | Tagged | Reaksjes út op Georg Trakl, Op âldfaars grûn

Georg Trakl, Simmer

  Simmer Jûns swijt fan de koekoek De kleirop yn it wâld. Djipper bûcht him it nôt, De reade papaver. Der driget swart ûnwaar Boppe de heuvel. De krikel syn âlde liet Ferstjert yn it fjild. Net mear beweecht it … Fierder lêze

Pleatst yn Georg Trakl | Tagged | Reaksjes út op Georg Trakl, Simmer

Georg Trakl, Grodek

  Grodek Jûns wjerklinke de hjerstige wâlden Fan deadlike wapens, de gouden flakten En blauwe marren, dêr’t de sinne Tsjusterder oer weirôlet; omfiemet de nacht Stjerrende krigers, de wylde klacht Fan harren tebrutsen mûlen. Stil sammelt lykwols yn it wylgelân … Fierder lêze

Pleatst yn Georg Trakl | Tagged , | Reaksjes út op Georg Trakl, Grodek

Georg Trakl, Klacht

  Klacht Sliep en dea, de tsjustere earnen Omrûzje dizze holle hiel de nacht: Lit minskene gouden byldnis Ferswolgen wurde troch de izige weach Fan de ivichheid. Op yslike klippen Slacht it poarperen liif te pletter En de donkere stim … Fierder lêze

Pleatst yn Georg Trakl | Tagged | Reaksjes út op Georg Trakl, Klacht