Poste restante II

    ‘Leeuwarden.’ (r.b.), ‘De Wirdumerdijk.’ (m.û.), ±1898–1901. Ljochtdruk, 92×140 mm. Utjûn troch S.A. Markus, Ljouwert. Poststimpels Ljouwert 21-07-1901 en Gouda 22-07-1901. Ferstjoerd oan Geertruida Nederhorst, Gouda, troch Herman Adama.
    Bêste Freundinne. Lokkig bin ik wer us ta Ljouwert bei mien familje. Nou ik fielje mij der ’t bêste hjer. En un drokke en moje merke is hier ek. We binne juster joun nog mei s’n allen ut west nei ’t hyngstespul. Van ’t middey gjen we nei ’t concert in ’e prinsentuun en joun gjen ik wer nei Gouda terug. Ik mat je sizze ’t spiet mij wol un bietsje dat ik jer net un peer dagen bljuwe kjen. Nou hjer ’t bêste. Volle groeten oen ’e ooren. Dien freun Herman.

 
Ansichtkaarten mei in Frysktalich boadskip fan de ôfstjoerder binne seldsum, hielendal foar de Twadde Wrâldoarloch. It skriuwark fan in soad Frysksprekkers stie (en stiet) no ienris mear nei de taal fan skoalle, tsjerke en oerheid as nei de eigen memmetaal. Mar doe’t de 22-jierrige Herman Adama op sneintemoarn 21 july 1901 syn pinne oppakte om in moaie ansichtkaart fan de Ljouwerter Wurdumerdyk te adressearjen en fan in ferhaaltsje te foarsjen, naam er dochs it Frysk foar kar, ek al wie er dat, sjoen de nuveraardige stavering, dúdlik net wend.

Dy kar is namste opmerkliker omdat de adressearre, ‘de Jiffer G. Nederhorst’ yn Gouda, hielendal net Frysktalich wie. Wêrom dan dochs Frysk? Woe Herman troch it Frysk te brûken de taal fan syn hert sprekke litte – faaks om goed te meitsjen dat leave wurdsjes foar de oanskreaune juffer him net rij út ’e pinne floeiden? Mooglik, mar miskien wie dat Frysk inkeld mar gekjeien. It is de fraach oft Herman sels fan hûs út wol Frysktalich wie. Mear as de breklike stavering litte de hollanismen jin dêroan twivelje.

Berne yn Ljouwert op 29 augustus 1878 as soan fan de boekhâlder Hendrik Adama en Catharina Reerink, moat Herman as jongfeint foar oplieding of wurk yn Gouda bedarre wêze. Hy krige dêr kunde oan Geertruida Nederhorst, berne op 15 augustus 1882 as dochter fan in arsjitekt en oannimmer. Op 7 augustus 1905 trouden se. Herman hie yntusken wurk fûn as opsichter by de partikuliere Maatschappij tot Exploitatie van Staatsspoorwegen, mei as stânplak It Hearrenfean. Dêr setten se harren ek nei wenjen en waard yn 1906 harren earste soan berne. Al gau ferhuzen se nei Grins, Noorderstationsstraat 47, en folge der yn 1909 in twadde soan.

Mar earst noch even werom nei dy 21ste july 1901. Ljouwert stie al in wike op ’e kop fanwegen de Ljouwerter merke, en Herman fermakke him dêr bêst. Neffens syn berjochtsje oan Geertruida hie er op sneon 20 july de jûns it ‘hyngstespul’ besocht. Hy bedoelt grif de hynstedressuer, ynklusyf clowns en akrobaten, fan Circus Cohen, dy’t om healwei njoggenen te sjen wie op it plein foar de soasjeteit Amicitia. En de middeis fan de 21ste wie er fan doel nei in konsert te gean, de ‘Matinée-Musicale’ dy’t dy deis om twa oere yn de Prinsetún holden waard.

It wienen mar twa fan de talrike eveneminten en attraksjes dy’t de Ljouwerter merke te bieden hie. De Leeuwarder Courant fan 16 july 1901 jout in bûnt oersjoch fan wat der allegearre te dwaan wie, folle net genôch. Fansels wienen der de dingen dy’t je op in merke ferwachtsje: karrûsels, in sweef, in rêd fan aventoer en tal fan kreamen dêr’t je je sêd ite koenen oan waffels, oaljekoeken en boffertsjes. Mar der wienen ek in konditorei, in doalhof mei gniisspegels, in panoptikum, tydlike bioskopen en teaters en in wiersister, in yllúzjonist, in fotograaf en komiken. Hichtepunten wienen de hurddraverijen en de muzyk- en toanielútfierings yn de Harmonie en Amicitia, ûnder oare fan Heijermans syn Op hoop van zegen. Gjin wûnder dat Herman noch wol in pear dagen langer bliuwe wollen hie.

Op hoop fan segen… It houlik fan Herman Adama en Geertruida Nederhorst liket op ’en doer net lokkich west te hawwen. Doe’t Herman yn 1955 ferstoar, wie er neffens de dea-akte noch altyd ‘echtgenoot van: Nederhorst, Geertruida’, mar fiif jier earder hie er yn it Nieuwsblad van het Noorden kundskip dien fan it ferstjerren fan ‘onze lieve Vrouw, Moeder, Zuster en Behuwdzuster’ Cornelia Adriana Zandee (1896–1950). ‘Uit aller naam’, skreau Herman derby; ûnder syn namme steane noch twa foarnammen. Yn Cornelia har dea-akte wurdt net melding makke fan in echtgenoat, in fermelding dy’t by troude lju wol ferplichte wie. Blykber hienen Herman en Cornelia in relaasje sûnder troud te wêzen en wennen se, mei twa bern fan Cornelia, by inoarren yn Grins.

Yn dyselde snuorje brocht de skriuwer Gerrit Krol (1934–2013) dêr syn jeugdjierren troch, op it adres Korreweg 74, yn ’e buert fan it adres dêr’t Herman en Cornelia wennen, Noorderstationsstraat 47. No komt yn Krol syn roman Duivelskermis (2007) in Louise Adama Zandee foar. It kin hast net oars of Louise har achternamme is ynspirearre op de achternammen fan it span Adama & Zandee.

Herman Adama brocht it ta haadopsichter by de Nederlandsche Spoorwegen en wie in fearnsieu kommissaris by de N.V. Zuid-Holland Maatschappij tot Exploitatie van Aannemersmateriaal. Hy ferstoar yn Grins op 16 jannewaarje 1955 en waard begroeven yn Huzum, nêst Cornelia Zandee. Geertruida Adama-Nederhorst ferstoar yn Den Haach op 14 febrewaarje 1972. Sy waard kremearre.

This entry was posted in Poste restante and tagged , , , , , , . Bookmark the permalink.