Georg Trakl, De sliep

 
De sliep

Ferflokt jim donkere fergiften,
Wite sliep!
Dizze o sa singeliere tún
Fan skimerjende beammen
Fol slangen, nachtflinters,
Spinnen, flearmûzen.
Frjemdling! Dyn ferlerne skaad
Yn it jûnsrea,
In tsjustere frijbûtser
Yn de silte see fan drôfnis.
Op fladderje wite fûgels oan de nachtseam
Oer ynstoartende stêden
Fan stiel.

 

Der Schlaf

Verflucht ihr dunklen Gifte,
Weißer Schlaf!
Dieser höchst seltsame Garten
Dämmernder Bäume
Erfüllt von Schlangen, Nachtfaltern,
Spinnen, Fledermäusen.
Fremdling! Dein verlorner Schatten
Im Abendrot,
Ein finsterer Korsar
Im salzigen Meer der Trübsal.
Aufflattern weiße Vögel am Nachtsaum
Über stürzenden Städten
Von Stahl.

 

Ut it tydskrift Der Brenner, 1914/1915

Dit berjocht is delset yn Georg Trakl en tagd . Bookmark de permalink.