Poste restante X

    ‘Leeuwarden, Voorstreek.’ (m.û.), ±1900–1902. Ljochtdruk, 91×142 mm. Utjûn troch S.A. Markus, Ljouwert, nû. 4591. Poststimpels Ljouwert 27-10-1902 en La Louvière 28-10-1902. Ferstjoerd oan Jeanne Wilmart, La Louvière, troch Fernand Wilmart.
    Le 26 octobre 1902.
    Ma chère Jeanne. Un souvenir affectueux de ton cher parrain qui ne t’oublie pas. C’est un triste pays. La consigne est de ne pouvoir rire. On ne voit que canards, canaux, canaille! Fernand Wilmart

 
Business or pleasure? Wat hie de Belch Fernand Wilmart nei it haadplak fan Fryslân brocht? Wie er hannelsreizger, besocht er freonen of kunde, hold er fakânsje? Ik wit it net. Mar mei hokfoar doel er ek nei Ljouwert ôfreizge wie, it noaske him dêr net heal. Op snein 26 oktober 1902 skreau er op in ansichtkaart fan de Ljouwerter Foarstreek oan syn peetbern Jeanne Wilmart:

    Myn leave Jeanne. In hertlike groet fan dyn tagediene peetomke, dy’t dy net ferjit. In treurich lân hjirre. Laitsje is ferbean. It is hjir oars net as einen, grêften, rosmos!

Bewensters fan it pinsjonaat fan
de Dames de la Croix yn La Louvière
op in yn 1907 ferstjoerde ansicht

It stylblomke dêr’t er syn mispriizgjende berjochtsje mei ôfsleat – ‘canards, canaux, canaille!’ – hie Fernand net sels betocht. De karakteristyk wurdt sûnt jier en dei taskreaun oan nimmen minder as de Frânske Ferljochtingsfilosoof Voltaire (1694–1778), dy’t nei in besite oan Amsterdam ôfskie nommen hawwe soe mei de wurden: ‘Adieu, canaux, canards, canaille!’. Yn syn oeuvre is it sitaat oars net werom te finen. De wurden ‘canaux’ en ‘canards’ wurde ek wol yn omkearde folchoarder werjûn, lykas Fernand docht. En ‘canards’ wurdt no ris oerset mei ‘einen’ en dan wer mei ‘rabberij’. Beide kin.

Dat Fernand Wilmart Voltaire oanhellet, liket frjemd. De adressearring fan de kaart docht ommers út bliken dat de ûntfangster opburgen wie yn it pinsjonaat fan de Dames de la Croix yn La Louvière, Henegouwen. It wol my net oan dat der yn dy troch nonnen late kostskoalle mear lake waard as op de fan bedriuwichheid brûzjende Foarstreek yn Ljouwert. Yn alle gefallen wie it by dy froulju fan it krús grif ferbean de antiklerikale kritikaster Voltaire te lêzen. Net om ’e nocht stie syn wurk op de Index librorum prohibitorum, de troch de paus gearstalde list fan boeken dy’t katoliken net lêze mochten.

Mar faaks wie de oan Voltaire taskreaune typearring om 1900 hinne sa mienguod ûnder Holland bashers dat de ferûnderstelde herkomst der net sa bot mear ta die. Ornaris wurdt de typearring belutsen op hiel Nederlân, net inkeld op Amsterdam. Ek Fernand Wilmart liket, sjoen it foarôfgeande ‘un triste pays’, de hiele naasje op it each te hawwen, of op syn minst hiel Fryslân, net inkeld it earme stedsje dat op syn ansichtkaart ôfbylde stiet.

No wie net elke bûtenlânske besiker fan Ljouwert like negatyf as Fernand. Fjouwer moanne neidat de Belch in ansicht fan de Foarstreek op de post dien hie nei syn nichtsje Jeanne yn La Louvière, stjoerde in Ingelske besiker mei de achternamme Disney presys deselde kaart nei in Minnie Walker yn Hanley, Staffordshire, en makke mei hast antropologyske ynteresse melding fan lokale nuveraardichheden:

    Dear Min
    This is a typical Dutch street. Altho they have masts the boats are only canal boats, but they “sail” along the canals when they are out of the towns. Notice the sabots (wooden shoes) on the boy to the left. Yours C.N. [?] Disney.

Grêften, skûtsjes, klompen: hjir sprekt de wiere toerist. De mûnen, tulpen en fytsen – rjochts op de kaart is der ien te sjen – ûntbrekke der mar oan.

Dit berjocht is delset yn Poste restante en tagd , , , , , . Bookmark de permalink.