Poste restante XLIII

It Hearrenfean, Skoatterlânske Krústsjerke en Breedpaad, ±1896–1897. Autotypy, 92×138 mm. Gjin útjouwer neamd. Poststimpel It Hearrenfean 31-12-1897. Ferstjoerd oan Angelique en Florentina Elisabeth de Bruijn Tengbergen, Doesburg, troch de famylje Cool.

Heerenveen 1 Jan.
Many happy returns of the day from Maria
I also wish you a verij happij new year. William
Veel geluk in het nieuwe jaar. Ikij
Compliment van Sanna
Simon Cool
Veel plezier in 1898.

It kaartsje hjirboppe is de âldste my bekende ansicht fan It Hearrenfean. Sjoen de datum fan it poststimpel – 31 desimber 1897 – sil it kaartsje makke wêze yn 1897 of miskien sels al yn 1896. Ansichten út dy jierren hienen ornaris tekeninkjes yn litografy, stiendruk (sjoch bygelyks Poste restante III en XI). Dit kaartsje hat lykwols op de byldside links boppe in foto yn autotypy, in foarm fan heechdruk wêrby’t it byld opboud is út in raster fan puntsjes fan ferskillende grutte. It kaartsje is fan tin papier en hat in rôze achterkant, wat de oarsprong fan it fenomeen ansichtkaart ferriedt: de doe al langer besteande brievekaarten-sûnder-plaatsje wienen faken alhiel fan rôze papier.

De ôfbylding hat gjin by­skrift. De fotograaf hat in heech plak ynnommen op de Hearrewâl, wierskyn­lik de earste ferdjipping fan Hearrewâl 4, de eardere sosjéteit De Eensgezindheid. Hy sjocht út oer de Kolk, mei links de herfoarme Skoatterlânske Krústsjerke. De toer fan dy tsjerke waard fanwegen boufalligens yn 1964 ôfbrutsen en it skip gong fiif jier letter ek tsjin de flakte; pún fan de tsjerke waard ferarbeide yn de Ekokatedraal fan Louis le Roy. Rjochts lizze skûtsjes ôfmarre oan it Breedpaad. Op de achtergrûn by de (amper sichtbere) Haadbrêge, op de hoeke fan Breedpaad en Dracht, riist it Heerenlogement op, dat sûnt maaie 1897 fuortset wurde soe as (it net mear besteande) Hotel Groen.

It kaartsje is der ien út in searje fan minstens tolve ansichten fan It Hearren­fean, Oranjewâld en De Knipe, allegearre mei in lytse ôfbylding (50×70 mm) yn autotypy, soms sûnder en soms mei in byskrift, op tin papier en hast altyd mei in rôze achterkant. De oare my bekende kaartsjes út de searje binne fan de Dracht, de Fok, de Linegrêft, de Haadbrêge (mei links it Heerenlogement en rjochts Hotel Bekkering), de Hearrewâl, de Heidebuorren en de Heide- en Nijbuorren op it Hearrenfean, fan de Brink, de Lineleane en Hotel De Tent yn Oranjewâld en fan in leane lâns de Skoatterlânske Kompanjonsfeart yn De Knipe. Wa’t de kaartsjes útjûn hat, stie der net by.

No wol it gefal dat ferskil­lende fan de brûkte foto’s weromkeare op twa searjes ansichten dy’t wat letter, nei alle gedachten yn 1899 of 1900, makke binne. Ien fan beide searjes hat hieltyd twa skeansette lytse ôfbyldings (38×59 mm) dy’t in twalûkje foarmje. De oare searje hat ien gruttere ôfbylding (70×105 mm). Yn beide searjes binne de ôfbyldings net yn autotypy mar yn ljochtdruk en is dikker papier brûkt mei in wite achterkant. Boppedat stiet op de kaartsjes fan beide searjes wa’t se útjûn hat: de Feanster printer, útjouwer en winkelman Axel Louwrents Land (1853–1908). Fan oarsprong in Harnser, hie Land him yn 1877 op It Hearrenfean fêstige as boekhanneler. Wy kamen him al earder tsjin (sjoch Poste restante XXXI).

Wierskynlik hat de warbere Land dus ek dy searje ierste kaartsjes fan It Hearrenfean op ’e merk brocht. Wat dêr boppedat op wiist, is in eksimplaar út dy searje wêr’t letter reklametekst op byprinte is foar de Heeren­veensche Boekhandel v/h A.L. Land, sa’t de troch Land oprjochte saak sûnt 1901 hiet. Yn dat jier waard de saak in namleaze fennoat­skip mei Land as ien fan de oandielhâlders. Dy byprinte reklametekst lit nammers sjen dat de Heerenveensche Boekhandel in breed assortimint fierde: der wienen ek ‘Dames-, Heeren- en Kinder-Portemonnaies’ te krijen.

Ofstjoerders fan it kaartsje boppe-oan dit blog wienen Maria – folút Charlotte Maria Judith Elisabeth – de Bruijn Tengbergen en har echtgenoat Willem Nicolaas Cool. De lêste wie kontroleur by de belestingen en it kadaster en wenne mei syn húshâlding yn 1888–1893 yn Doesburg, yn 1893–1895 yn Nijehaske, yn 1895–1907 oan de Ferlingde Dracht op It Hearrenfean en fan 1907 ôf yn Zutphen. Yn syn Feanster tiid joech er him der aardich by: hy wie bestjoerslid fan de liberale kiesferiening ‘Heerenveen’ en fan de feriening ‘Het ziekenhuis van Heerenveen’, en siktaris fan de namleaze fennoatskip ‘Werkverschaffing door Landontginning’ yn de gemeenten Skoatterlân en Anjewier.

It kaartsje is adressearre oan ‘Mesdemoi­selles de Bruyn Tengbergen’ yn Doesburg, mei wa’t de twa noch thús wenjende susters fan Maria bedoeld binne: Angelique en Florentina Elisabeth. Harren suster en sweager bringe nijjierswinsken oer en dogge dat yn it Ingelsk; Willem feringelske sels syn foarnamme. Ek lieten Maria en Willem harren bern wat op it kaartsje skriuwe. ‘Veel geluk in het nieuwe jaar’, skreau de achtjierrige Angelique, ropnamme Iky. Har seisjierrige broerke Simon foege oan syn boadskipke net inkeld syn eigen namme ta, mar ek dy fan de noch mar twa jier âlde Sanna, offisjeel Susanna Cornelia. Mem Maria sleat ôf, mar fersinde har mei it jiertal: yn ‘Veel plezier in 1897’ waard de 7 ferbettere yn in 8.

It twadde kaartsje, op 31 desimber 1898 ôfstimpele, lit de Dracht sjen en befettet in heilwinsk foar inkeld ‘tante Floor’. Sa te sjen hat mem Maria it boadskip en de nammen fan Susanna en Angelique skreaun, mar skreau Simon syn namme wer sels. Ek in Truitje van Giffen hat har namme op it kaartsje set. It giet grif om de dan achtjierrige Anna Geertruida Jacoba Wilhelmina van Giffen, dochter fan de predikant Jan van Giffen, dy’t fan 1895 oant 1898 as predikant de herfoarme gemeente fan It Hearrenfean tsjinne. Ien fan Truitje har bruorren wie de lettere archeolooch Albert Egges van Giffen, ferneamd fanwegen syn ûndersyk nei ûnder mear hunebêden en terpen.

It tredde kaartsje, fan de Hearrewâl, is fan Maria persoanlik. Sy meldt op 7 augustus 1899 oan Florentina dat sy nei in ferbliuw yn Doesburg goed bereizge wer thús bedarre is. It boadskip is yn cross-writing: in part fan de tekst is oerdwers troch eardere tekst skreaun.

Lieve Flora
Om half één kwamen wij behouden hier aan. Willem wachtte ons af aan ’t station. We hadden ’t niet bizonder warm in de trein. De koffers waren om vijf uur al hier, dank voor de zorgvuldige bemoeingen die je er mee gehad hebt. Veel hartelijke groeten aan Vader en Angelique ook van W. en de kinders steeds
t. à t. [= tout à toi] Maria

Neat te rêden, sa liket it. Mar yn it hoopfol ynlette jier 1899 hie grut ûnheil it gesin Cool al yn de iere maitiid troffen. Op 14 april wie Angelique Cool, ien dei nei har tsiende jierdei, yn it Grinzer Diaconessen­huis ferstoarn, neffens de rouadvertinsje ‘na een kortstondige ziekte’.

Ek Florentina Elisabeth de Bruijn Tengbergen soe gjin lang libben beskern wêze. Sy rekke yn 1901 ‘na een korte ongesteldheid’ wei yn har âlderlik hûs yn Doesburg, yn de âldens fan 29 jier.

Dit berjocht is delset yn Poste restante en tagd , , , , , , , , . Bookmark de permalink.