Lanlike Gedichtedei: Emily yn it Frysk

 
In jûn oer Emily Dickinson en it oersetten fan har poëzy


Tongersdei 30 jannewaarje 2025, 19.30–21.30
Tresoar, Bûterhoeke 1, 8911 DH Ljouwert
Dizze gearkomste is yn it Frysk.

Har poëzy is guon lêzers sa dierber dat se har koartwei Emily neame, as wie sy in hertsfreondinne. Tagelyk heart it wurk fan de Amerikaanske dichteres Emily Dickinson (1830–1886) ta de hichtepunten út de wrâldliteratuer. Botte tagonklik is it oars net: Dickinson har gedichten binne faak riedseleftich en tsjuster.

It oersetten fan har wurk yn it Frysk is in dryste ûndernimming, mar it bringt it ek tichterby. Yn neifolging fan de Fryske dichter Obe Postma is Klaas van der Hoek dy útdaging oangongen. It risseltaat is syn lêstendeis ferskynde bondel Smel is it Strân fan ’t Hert, mei 150 Dickinson-oersettings.

Op dizze Lanlike Gedichtedei fertelt Klaas van der Hoek oer Emily Dickinson, har wurk, eardere Fryske oersettings en syn eigen wurkwize. Besikers dy’t dat wolle, kinne nei dizze yntroduksje yn in workshop sels oan de slach om in Dickinson-gedicht oer te setten yn harren memmetaal.

De jûn begjint om 19.30 oere, ynrin fan 19.00 oere ôf. Elkenien is wolkom. De gearkomste is fergees tagonklik, wol graach yn it foar oanmelde. Dat kin hjir.

Dit berjocht is delset yn Berjochten en tagd . Bookmark de permalink.