Presintaasje fan Stofsûgersjongers

Amsterdam, 2 maaie 2013 – In santich minsken wienen oanwêzich by de presintaasje fan it boek-mei-cd Stofsûgersjongers yn Perdu yn Amsterdam. It twatalige boek befettet gedichten fan Tsead Bruinja mei yllustraasjes fan Mirka Farabegoli, op de cd stiet muzyk útfierd troch sopraansaksofoniste Femke IJlstra. Dit trijetal en seis gasten brochten in ynhâldlik hecht programma mei poëzy, muzyk en byld.

Stofsûgersjongers is it risseltaat fan in útnoeging fan IJlstra oan Bruinja, beide om utens, om gear te wurkjen yn in projekt oer fuortgean út it fertroude en aardzje moatte yn it nije. Geandewei it projekt foege Farabegoli oan de teksten fan Bruinja alve yllustraasjes ta. Har hânkleurde etsen binne full colour yn it boek ôfprinte. It boek hat in útbundige lay-out en typografy, dêr’t Monique Vogelsang foar tekene.

Alle komponinten fan Stofsûgersjongers kamen fan ’e jûn yn Perdu oan de Kloveniersburgwal oan bod. Bruinja droech gedichten foar yn it Hollânsk en it Frysk, IJlstra spile trije solo’s en begelate Bruinja by de foardracht fan de syklus ‘Wolk bou bast’, etsen fan Farabegoli stienen te pronk op in skildersesel op it poadium en op in skerm waarden siden út it boek projektearre. Boppedat fersoargen seis kollega-dichters gastoptredens.

Harren bydragen joegen struktuer oan it programma. Elk lies ien gedicht út Stofsûgersjongers en trije eigen gedichten, wêrfan’t op syn minst ien tematysk oansleat by it út Stofsûgersjongers keazen gedicht. Sa spegele âld-skoalgenoat Nyk de Vries yn ien fan syn droechkomyske ultrakoarte ferhalen, ek oantsjut as proazagedichten, de benearjende sfear fan de tachtiger jierren út it fers ‘Wurkleas’ fan Bruinja; beide hienen in heit dy’t doe sûnder wurk siet.

Ien fan de eigen gedichten dy’t Saskia Stehouwer foarlies, wie sels skreaun as reaksje op in gedicht fan Bruinja. Syn fers ‘Bêd’ giet oer in ik en in do mei in ferskillend (talich) ferline en in dield (talich) heden. Stehouwer is dy do; se is mei Bruinja troud (dy’t graach even kwyt woe dat er grutsk is op har noch prille skriuwerskip: ‘Ze schrijft fokking goeie gedichten’). Ymplisyt kommentaar joech Stehouwer – net Frysktalich – troch ‘Bêd’ foar te dragen yn it Frysk.

Mowaffk Al-Sawad, troch Bruinja ‘my brother from another mother’ neamd, brocht syn favoryt út Stofsûgersjongers nammers yn it Arabysk. De oare foardragers – Esther Naomi Perquin, Saskia de Jong en Robert Anker – holden it by Hollânsktalige ferzjes. Anker (67), godfather fan de tritigers en begjin-fjirtigers dy’t op it poadium stien hienen, bewiisde mei syn gedicht ‘Waarom niet Birgitte Nyborg?’ werris dat er hielendal by de tiid is.

Dit berjocht is delset yn Berjochten en tagd , , , , , , , , , . Bookmark de permalink.