‘Franeker. | Kaatsveld (Oosterdraaibrug)’ (m.), ±1907–1911. Ljochtdruk, mei in dekorative omlisting yn blyndruk en kleuredruk, 89×138 mm. Utjûn troch J.H. Schaefer, Amsterdam, nû. 115. Poststimpels Frjentsjer 25-08-1911 en Drachten 25-08-1911. Ferstjoerd oan Jeltje Kijlstra, Drachten, troch ‘T.K.’.
Tsjin de diktatuer fan Facebook en oare social media yn wurde der noch hieltyd ansichtkaarten makke. Yn Nederlân is de produksje al desennia lang foar in wichtich part yn hannen fan de firma Van der Meulen yn Snits. In grutte spylder yn de begjintiid fan de Nederlânske ansicht wie J.H. Schaefer yn Amsterdam. Wa wie hy? Yn de meardielige publikaasje De geschiedenis van de Nederlandse prentbriefkaart (1987–1993) fan H.J. Haverkate wurdt er identifisearre as Jan Herman Schaefer, berne yn Amsterdam op 9 july 1876. Mar dat kloppet net.
Ut gemeentlike administraasje en famylje-advertinsjes docht bliken dat de achternamme fan dy Jan Herman steefêst stavere waard as ‘Schäfer’ en dat er wurksum wie as amtner by it Amsterdamske tillefoanbedriuw. Boppedat wenne er fan 1914 (doe’t er troude) oant yn elts gefal 1940 (doe’t syn frou ferstoar) oan it J.J. Cremerplein en hienen hy en syn frou gjin bern. Dy feiten strike net mei de troch Haverkate fermelde, wól korrekte gegevens dat de ansichtkaarte-útjouwer Schaefer him yn of fóar 1926 yn Soest fêstige en dat syn bedriuw oernommen waard troch in skoansoan mei de namme Ros.
Nee, ansichtkaarte-útjouwer ‘J.H. Schaefer’ wie net Jan Herman Schäfer mar Hermann Joseph Schaefer. Hy waard berne op 6 desimber 1853 yn Euskirchen (by Bonn) as soan fan Josephus Schaefer en Catharina Huboy en ferstoar op 9 maaie 1949 yn Soest. Yn 1894 troude Hermann Joseph yn Amsterdam mei Wilhelmina Maria van der Heul (1861–1917). It echtpear krige twa dochters: Antonia Albertina Cornelia en Catharina Wilhelmina Walburga. Dy trouden beide yn 1918: Antonia mei de hannelsreizger Bernard Obbink en Catharina mei Johannes Jacobus Ros, dy’t yn de trouakte al oantsjut wurdt as ‘uitgever’ en letter it bedriuw fan syn skoanheit fuortsette soe. By it houlik fan Antonia wurdt Hermann Joseph yn de trouakte oantsjut as ‘fabrikant’, by it houlik fan Catharina as ‘uitgever van prentbriefkaarten’.
Op syn gesinskaart wurdt Hermann Joseph ‘uitgever’ neamd. Dy kaart jout as Amsterdamske wenadressen Nieuwe Leliestraat 77 (1894–1895), Nieuwendijk 67 (1895–1900), Nieuwendijk 69 I (1900–1901), Gasthuismolensteeg 12 (1901–1916), Oudezijds Voorburgwal 163 hs. (1916–1921) en Keizersgracht 181 hs. (1921–1926). De ferhuzing nei Soest fûn plak yn itselde jier, 1926, as it troch Haverkotte neamde fallisemint, dat nammers alhiel net de ein fan it bedriuw betsjutte.
In noch op te lossen riedsel is wêrom’t Hermann Joseph saken die ûnder de namme ‘J.H. Schaefer’ yn stee fan ‘H.J. Schaefer’. In ferklearring soe wêze kinne dat in famyljelid mei de inisjalen ‘J.H.’ fennoat wie en syn namme oan it bedriuw ferliende, mar ik haw nimmen fûn dy’t yn de beneaming komt. Wierskynliker is dat hjir it Dútske gebrûk om de twadde foarnamme as ropnamme te nimmen oanpast is oan de betreklike ûnbekendens mei dat gebrûk yn Nederlân. Faaks fûn Schaefer, ropnamme Joseph, it praktysker om yn Nederlân as ‘J.H.’ troch it libben te gean. It kin fansels ek wêze dat der by de registraasje fan Schaefer syn bedriuw yn de doetiidske hannelsregisters domwei in flater makke is en dat Schaefer it sa mar litten hat.
Hermann Joseph iepene as startend ûndernimmer yn 1896 in ‘Grand Bazar Américain’ mei ‘galanterieën’ op de Nieuwendijk. Tagelyk begûn er mei de útjefte fan ansichtkaarten. Yn de mear as fjirtich jier dat er as sadanich warber wie, joech er tûzenen ansichten út fan stêden en doarpen yn hiel Nederlân. Nêst topografyske kaarten brocht er kaarten mei tema’s (bygelyks regionale drachten), aktualiteiten (lykas it keninklik houlik yn 1901), kaarten mei keunstreproduksjes, humoristysk bedoelde sênes en fantasykaarten op ’e merk. Se foelen nammers net altiten by elkenien yn ’e smaak. De searje reproduksjes dy’t er yn it Rembrandtjier 1906 ferskine liet, brocht in redakteur fan de Nieuwe Rotterdamsche Courant ta grutte lilkens:
De ergerlijkste Rembrandt-“vereering” is de door J.H. Schaefer te Amsterdam uitgegeven serie van acht reproducties naar Rembrandts in Rijksmuseum en Mauritshuis. Ze zijn alle met dezelfde saus op de pers gekleurd, ’t Joodsche Bruidje in een lichtgeel pakje met lichtblauwe mouwen! En de Staalmeesters! Het schitterend roodgouden tafelkleed, waarvan de roem gaat zoover als de wereld beschaafd heet, dat roodgouden tafelkleed is hier effen met groen! Dat lapt ons nu een uitgever die in dezelfde stad woont, waar het origineel hangt!
De serie hangt voor de winkelramen, in meer dan één stad van ons land. In den naam der zedelijkheid worden dikwijls prentbriefkaarten verboden. Wanneer zal er voor de schoonheid worden gewaakt als voor de deugd?
It is wier, dy Rembrandt-ansichten fan Schaefer sjogge der modderich út. Mar Schaefer sil him de krityk net bot oanlutsen hawwe. Hy wie in sakeman, dy’t syn kaarten mei gefoel foar marketing oan de man brocht. Hy makke gewach fan prestizjeuze bekroanings foar syn kaarten yn mondêne oarden, betocht fraai klinkende synonimen (‘Artochrom’, ‘Artocolor’, ‘Kunstchromo’) foar ien en deselde druktechnyk, brocht kaarten út yn nûmere searjes, fielde him net te goed om in foto wat spannender te meitsjen troch der in fleantúchje yn te montearjen en makke útjeften yn lúksere en dus djoerdere útfierings. Dy bestean út in (soms al earder útjûne) topografyske ôfbylding yn swart-wyt wêr’t in dekorative omlisting yn kleur en faken ek yn reliëf oan tafoege is. It kin bygelyks gean om in sabeare skilderijlist, mar ek, yn it gefal fan in searje mei badplakken, om in rêdingsboei.
De pronkerichste searje fan dat type is wol dy wêryn’t in topografyske ôfbylding hast oerwoekere wurdt troch wapens, postsegels en munten. Yn de linkerboppehoeke sjogge wy it keninkrykswapen, lâns de rânen yn de boppeste helte de alve provinsjewapens en lâns de rânen yn de ûnderste helte Nederlânske postsegels. Byldbepalend binne de beide jildstikken: in sulveren ryksdaalder mei de byltenis fan keninginne Wilhelmina en in gouden tsientsje út 1879. In oersjoch yn opbou fan dit type kaarten op de website fan de Vereniging Documentatie Prentbriefkaarten giet op basis fan de nûmering fan de kaarten út fan minstens 116 farianten. Fiif dêrfan hawwe in ôfbylding út Fryslân, nammentlik de nûmers 27: ‘Leeuwarden | Diaconessehuis’, 28: ‘Leeuwarden | Paleis van Justitie’, 99: ‘Harlingen. Dok’, 108: ‘Heerenveen. | Compagnonsvaart’ en 115: ‘Franeker. | Kaatsveld (Oosterdraaibrug)’.
Amsterdam wie fansels net it iennichste plak mei in saak yn ‘galanterieën’ lykas dy fan Schaefer. Ek Drachten hie sa’n winkel, oan de Zuiderbuurt. Dy waard dreaun troch Hendrik Egberts Kijlstra (1853–1929). En krektlyk as Schaefer hie ek Kijlstra der oare affearen nêst: hy reizge mei in filmprojektor de doarpen bylâns en begûn yn 1914 oan de Zuiderbuurt in bioskoop mei de namme Cinema Modern. Mar benammen as foardrager op brulloften en partijen wie Kijlstra bekend yn hiel Fryslân. In dochter fan Kijlstra en syn frou Antje de Boer wie de ûntfangster fan de kaart boppe-oan dit blog, Jeltje Kijlstra. Sy waard berne yn Drachten op 21 septimber 1899 en troude yn 1925 mei Pope Hartmans (1893–1969). Jeltsje ferstoar op 27 april 1990 yn Doorn.