Obe Postma en E.E. Cummings

Bewurke tekst fan in praatsje hâlden foar it Obe Postma Selskip op 24 maaie 2019 yn Tresoar.

All poetry is experimental poetry. Wallace Stevens

Doe’t de provinsje Fryslân yn 1984 in priis foar literêre oersettings ynstelde, krige dy de namme Dr. Obe Postmapriis. It jout oan dat de reputaasje fan de dichter Obe Postma mei basearre is op syn oersettings. Ien fan de twa lêste oersettings dy’t Postma yn it ljocht joech, wie nei in fers fan de Amerikaanske dichter E.E. Cummings. In befrjemdzjende kar: de oeuvres fan beide dichters binne yn sawat alles inoars tsjindiel. Wat kin Postma ta syn Cummings-oersetting brocht hawwe?

Oersetting en orizjineel

De oersetting dêr’t it om giet, ferskynde yn 1954 yn it krystnûmer fan it tydskrift It Heitelân.1 De oersetting is troch Postma sels nea bondele, mar is al opnommen yn de postume edysjes fan syn Samle fersen.2 Hy giet sa (sitearre nei It Heitelân):

    Wy binn’ ien-part ljochter as sels de sinne
    Wy binn’ elts-part greater
                            as boeken
                            wol miene.
    Wy binn’ elts-part-ien-part greater as leauwen
                            (mei in spin
                                    sprong
                            libben binne wy libben)
    Wy binn’ wûnderlik ien-kear-ien.

Postma joech de oarspronklike tekst fan Cummings der net by, en ek yn syn Samle fersen ûntbrekt dy. It orizjineel fluch even opfiskje út de Complete poems fan Cummings falt noch net ta. Sykje yn de yndeks op begjinrigels op sokssawat as ‘We are one-part brighter than even the sun’ smyt neat op. In oanwizing is lykwols dat ‘ien-kear-ien’ yn de lêste rigel: it orizjineel sil wol komme út de bondel 1×1, dy’t Cummings publisearre yn 1944. En ja, yn dy bondel stiet in gedicht fan fiif strofes, wêrfan’t de lêste strofe it orizjineel fan Postma syn oersetting blykt te wêzen. It is in skitterjend gedicht, en op en top Cummings:

    if everything happens that can’t be done
    (and anything’s righter
    than books
    could plan)
    the stupidest teacher will almost guess
    (with a run
    skip
    around we go yes)
    there’s nothing as something as one

    one hasn’t a why or because or although
    (and buds know better
    than books
    don’t grow)
    one’s anything old being everything new
    (with a what
    which
    around we come who)
    one’s everyanything so

    so world is a leaf so a tree is a bough
    (and birds sing sweeter
    than books
    tell how)
    so here is away and so your is a my
    (with a down
    up
    around again fly)
    forever was never till now

    now i love you and you love me
    (and books are shuter
    than books
    can be)
    and deep in the high that does nothing but fall
    (with a shout
    each
    around we go all)
    there’s somebody calling who’s we

    we’re anything brighter than even the sun
    (we’re everything greater
    than books
    might mean)
    we’re everyanything more than believe
    (with a spin
    leap
    alive we’re alive)
    we’re wonderful one times one

In pear foarmaspekten falle op. Eltse strofe bestiet winliken út fiif rigels wêrfan’t de twadde en de fjirde (dus de beide tusken heakjes) yn trijen opknipt binne; it rymskema foar dy fiif rigels is hieltyd aabba; en it lêste wurd fan eltse strofe is gelyk oan it earste wurd fan de folgjende. Wat ek opfalt, is dat Postma yn syn oersetting it einrym opjout, it dûnsjende ritme negearret, heakjes weilit, ynspringings tafoeget, ûnnedich frij oerset (‘ien-part’, ‘elts-part’) en it wurd ‘spin’ ferkeard begrypt. Postma mutilearret it gedicht troch mar ien strofe oer te setten, en by it oersetten fan dy iene strofe smyt er der mei de pet nei.

Rilke, Dickinson, Cummings?

Dy iene Cummings-oersetting fan Postma hat net folle omtinken krigen. Dat is mei oare oersettings fan Postma wol oars. Benammen syn oersettings fan gedichten fan Rilke en Dickinson binne wiidweidich besprutsen. Geart van der Meer hat dêr yn detail oer gear west, yn artikels yn Wjerklank, dy’t gearbrocht binne yn In libben dat bloeide nei syn aard.3 Syn ‘lêsferslach’, sa’t er it neamt, is in soarte fan neikommen besprek dat oppakt wat eardere skôgers en resinsinten lizze litten hienen. Ornaris stimpelen dy Postma syn reputaasje as in soarte fan keurmerk op syn oersettings yn stee fan dy kritysk te hifkjen.4

Dat Postma Rilke oerset hat, is begryplik; Rilke wie tige yn de moade en hearde al rillegau ta de kanon. Fedde Schurer fertaalde him ek. De kar dy’t Postma makke foar Dickinson leit sa op it each minder foar de hân, mar Breuker neamt yn syn oraasje út 1996 tematyske oerkomsten tusken de oeuvres fan Dickinson en Postma en beklammet yn syn Postma-biografy dat it transindinte elemint yn Dickinson har wurk Postma ek altiten eigen west hat.5 Nettsjinsteande de krityk dy’t der op de Dickinson-oersettings fan Postma te jaan is, sa’t Van der Meer neffens my mei rjocht dien hat, falt it yn Postma te priizgjen dat hy de gruttens fan Dickinson har dichterskip sjoen hat en har yntrodusearre hat yn it Frysk.

Graach soe ik Postma ek lof taswaaie foar it ûnderkennen fan de gruttens fan Cummings syn dichterskip, ek al wie er net de earste dy’t him yn it Frysk fertaalde – dat wie Sjoerd Spanninga6 – en ek al is syn oersetting sleau en sloarderich.7 Mar seach Postma dy gruttens wol? Oarssein: wat wie Postma syn motyf om Cummings oer te setten? Fûn er Cummings in goede dichter? Fielde er him oan Cummings besibbe? Seach er oerienkomsten tusken beider poëzy?

Dat is min foar te stellen. De oeuvres fan Postma en Cummings lizze kwa tematyk, toan en technyk fier útinoar. Postma libbet yn de geast en yn de dream, hy siket it sublime; Cummings is fysyk en konkreet, ierdsk, in hedonist. Postma giet werom nei it ferline, is nostalgysk, hat ‘tebinnenbringens’; Cummings libbet yn it hjir en no, is om sa te sizzen lebensbejahend. Postma is dimmen, skruten sels, lit heechút in mankelyk-fyn glimke sjen; Cummings is oerrompeljend, larger than life, hy sjongt en ropt (al kin er ek prachtich flústerje). Postma skriuwt yn konvinsjonele fersfoarmen óf foarmleaze praatfersen, is in tradisjonalist; Cummings gûchelet mei grammatika, ynterpunksje en typografy, dekonstruearret, is in modernist.

Philippus Breuker is by myn witten de iennichste dy’t oer de Cummings-oersetting skreaun hat. Yn syn Postma-biografy hâldt Breuker it derop dat de oersette strofe Postma oanspruts om’t dy referearre oan syn gefoel dat er diel útmakke fan it ivige, ‘mar dan dochs as folslein unyk wêzen’, ‘eksistinsjeel sweevjend yn de ivige romte dy’t it libben is’. Breuker ferbynt dat mei it Ikarus-motyf dat er by Postma sjocht, in Ikarus dy’t by Postma net troch de sinne ferbaarnt, mar troch eigen gloede.8

Soe dat sa wêze, dan hat Postma it Cummings-gedicht wol op in tige partikuliere manier lêzen. Der komt ommers neat yn foar dat liket op in Ikarus-figuer of dat referearret oan hybris. Der is gjin stribjen om de ierde te ûntstigen en tichter by de sinne of by in hegere macht te kommen, en nimmen ferbaarnt oan de sinne of himsels. It gedicht is, oarsom, in oade oan it libben en de leafde op ierde, in oantrún om ekstatysk te eksistearjen, in haadletterleaze oprop om te BESTEAN yn kapitalen.

Alde styl of eksperiminteel

Dêr komt noch by dat Postma fan it Cummings-gedicht inkeld dy iene lêste strofe koe. Breuker neamt yn syn ynlieding op de Samle fersen fan 2005 de boarne dy’t Postma foar syn Cummings-oersetting brûkt hat:9 net de bondel 1×1 of de yn 1954 útkommen Complete poems fan Cummings, mar in blomlêzing, Some modern American poets út 1950. De gearstaller, James G. Southworth, naam fan Cummings syn fiif strofen lange gedicht ‘if everything happens that can’t be done’ allinne de lêste strofe op.

Southworth wie oars net bot oer it wurk fan Cummings te sprekken. Cummings mocht dan geregeldwei ‘genuine poetic qualities’ oan de dei lizze, hy wie ek stykjen bleaun yn foarmfernijing dy’t Southworth beskôge as ‘technical swagger and nothing more’. De oarsaak foar ‘his failure to develop into a truly significant poet’ sjocht Southworth yn flechtgedrach, it net ûnder eagen sjen wollen dat de wrâld behalven moai ek lilk is. Southworth fynt dat ‘one of the most certain ways to commit moral suicide’ en ferfettet:

    [Cummings] is too much out of the stream of life for his work to have significance. He tends toward preciosity, and the sense of conscious superiority imparted to the reader becomes intolerable. He reveals himself too much concerned with himself rather than with what he might be able to do about those things to which he objects. […] Often he gives the impression of a tortured, neurotic soul, afraid to face reality. He attempts to hide this fear beneath an assumed air of superiority. Because he has run away he has given himself no chance to draw strength from that soil which can alone succour him – his native soil.10

In karaktermoardner, dy Southworth. Mar mûlk wie Postma it mei syn ynformant, gearstaller fan de troch him brûkte boarne, iens en publisearre er syn Cummings-oersetting inkeld om oan te toanen dat it minne poëzy wie. Want de oersetting waard yn It Heitelân ôfprinte nêst in oersetting fan in sonnet – kreas rymjend, ek yn oersetting – fan Edna St. Vincent Millay, en Postma sette boppe beide oersettings: ‘Twa Amerikaense fersen (Ien yn de âlde styl en ien “eksperimenteel)’. It lêste wurd hie tusken dûbelde skrapkes moatten, mar it twadde dûbelde skrapke ûntbrekt – sûnder mis in setflater.

St. Vincent Millay (1892–1950) en Cummings (1894–1962) skeelden mar twa jier. Blykber woe Postma sjen litte hoe ferskillend der dichte waard troch tiid- en generaasjegenoaten. Wierskynlik lei der yn it toanen fan dy tsjinstelling boppedat in wearde-oardiel besletten, nammentlik dat eksperimintele poëzy it ôfleit tsjin poëzy-âlde-styl. Faaks binne de skrapkes om ‘eksperimenteel’ leechlizzend bedoeld, betsjutte se sokssawat as: guon neame it eksperimenteel, mar jo en ik kenne de kwaliteit fan soksoarte poëzy – it is ûnbegryplik prutswurk. ‘De saneamde eksperimintelen kin ik net by’, soe Postma yn 1958 sizze.11

Wy sille de earste publikaasje fan in Cummings-oersetting yn it Frysk sjen moatte yn it ljocht fan alle reboelje yn Nederlân om de Vijftigers hinne. Dy neamden harsels ‘experimenteel’ en guon wienen lid fan de Experimentele Groep in Holland. Yn 1953 hie de rel yn it Stedelijk Museum Amsterdam plakfûn, doe’t Lucebert ferklaaid as ‘keizer der Vijftigers’ de Poëzieprijs van de stad Amsterdam yn ûntfangst nimme woe, en yn datselde jier gong Bertus Aafjes as in bolle yn ’e reak tsjin de Vijftigers te kear yn Elseviers Weekblad.

Charm is not enough

Yn dat ferbân is it nijsgjirrich te lêzen wat Obe Postma yn De Tsjerne fan – alwer – 1953 skreau yn reaksje op in earder stik fan Anne Wadman oer de poëzy fan de Vijftigers. Under de titel ‘Eksperiminteel’ stelt Postma dat in gedicht as ‘Langzaam’ fan Hans Lodeizen net sûnder sjarme is, mar dat ferskillende ûnbegryplike útdrukkings it wer bedjerre. Dy meitsje dat it gedicht mear wat is ‘foar bern as foar greate minsken’. It ‘logysk ferbân’ mist, ‘en dan is der hwat mear posityfs nedich as in bytsje charme sil der hwat goeds foar it ljocht komme’. Yn stee fan sa’n fers as dat fan Lodeizen kinne jonge Fryske dichters, ornearret Postma, mar better in foarbyld nimme oan bygelyks ‘Regen’ (mei de begjinrigels ‘Schaduwen van wie er gaat / ingedoken over straat’) fan J.H. Leopold, ‘dat miskien ek wol eksperiminteel neamd wurde kin’.12

Dat fan dy ûntarikkende sjarme hie Postma net sels betocht; hy prate Southworth nei, dy’t itselde opmurken hie oer ‘if everything happens that can’t be done’ fan Cummings. En krekt dy iene opmerking en de lêste strofe út ‘if every happens’ wie wat Postma oangeande Cummings út de blomlêzing fan Southworth oerskreau. Uttreksels út dat boek steane yn in bewarre skriftke fan Postma mei it opskrift ‘Literatuer XIX’.13 It befettet wiidweidiger úttreksels oer Dickinson en Frost en ien koarter úttreksel oer Cummings:


    Charming, too, is the title poem of lxl,
    charming in the manner of the lyrics, say, from
    “Annie Get Your Gun”
    [de lêste strofe fan ‘if everything happens that can’t be done’]
    But charm is not enough.14

Wa’t anno 1953 jonge dichters op Leopold wiist om harren by Lodeizen wei te hâlden, sil sacht sein net folle ophawwe mei Cummings, waans útskroeven lyryk fier oan ‘logysk ferbân’ foarbygiet. ‘In bytsje charme’ is dan ‘not enough’. Postma hat sjen litte wollen dat Cummings it alhiel ôfleit tsjin St. Vincent Millay, dat ‘eksperiminteel’ swier ûnderdocht foar ‘âlde styl’. Mar omdoch, it tij wie net te kearen: in pear moanne foardat Postma Cummings te kyk sette yn It Heitelân, hienen studinten yn Amsterdam al it eksperimintele, Frysk-literêre tydskrift Quatrebras oprjochte.

Noaten

  1. It Heitelân 32, nû. 12 (desimber 1954), s. 225.
  2. Obe Postma, Samle fersen, ynl. D.A. Tamminga, ed. Tineke J. Steenmeijer-Wielenga, Baarn/Ljouwert 1978, s. 364; Obe Postma, Samle fersen, ynl. Philippus Breuker, ed. Tineke Steenmeijer-Wielenga, Ljouwert 2005, s. 497.
  3. Tineke Steenmeijer-Wielenga & Geart van der Meer, In libben dat bloeide nei syn aard, Ljouwert 2017, s. 329–388.
  4. Sjoch bygelyks Albertina Soepboer, ‘These are the Signs to Nature’s Inns – Dit wapen draecht it weardshûs fan Natûr. Obe Postma as oersetter fan Emily Dickinson’, Trotwaer 29, spesjaalnûmer ’t Hat west, it is. De aktualiteit fan Obe Postma (oktober 1997), s. 84–89.
  5. Ph.H. Breuker, Obe Postma als auteur van het sublieme. Rede, in verkorte vorm uitgesproken […] op 31 mei 1996, Ljouwert/Leeuwarden 1996, s. 18–19; Philippus Breuker, Dreaun fan ierde’ dream. Libben en wurk fan Obe Postma, Ljouwert 2018, s. 254.
  6. E.E. Cummings, ‘earnehwer yn oarden dy’t ik nea bireizge ha’, oersetting Sjoerd Spanninga, It Heitelân 30, nû. 7/8 (july/augustus 1952), s. 115. Bondele yn Sjoerd Spanninga, De lytse karavaen, Boalsert 1968, s. 38.
  7. Oare Cummings-oersettings yn it Frysk: ‘Mei dut drokke munster…’, oersetting Haring Tjittes Piebenga, De Tsjerne 22, nû. 3 (maart 1967), s. 104; ‘de ûren geane op’, oersetting Auke Zeldenrust, De Harpe fan Bernlef 22, nû. 1 (septimber 1976), s. 10; en (oant no ta) santjin oersettings troch mysels op www.konsenylje.nl, sûnt febrewaarje 2014.
  8. Breuker 2018, s. 104, 140.
  9. Samle fersen 2005, s. 564.
  10. James G. Southworth, Some modern American poets, Oxford 1950, s. 138.
  11. ‘“Ik haw oerset hwat my it bêste leit en net al to slim wie”’, Leeuwarder Courant, 22 maart 1958.
  12. Obe Postma, ‘Eksperiminteel’, De Tsjerne 8, nû. 9 (septimber 1953), s. 284–285. Mei tank oan Philippus Breuker, dy’t my op dizze tekst wiisde.
  13. Tresoar, tagong 200-03, ynv.nû. 70, s. [38]–[44].
  14. Southworth lêst de sifers 1 yn de titel fan de bondel 1×1 as letters l en leit dus blykber gjin ferbân tusken dy titel en it ‘one times one’ yn de sitearre strofe. Postma folget him dêryn. Annie Get Your Gun wie in populêre musical út 1946, dy’t yn 1950 ferfilme waard.
Dit berjocht is delset yn Artikels en tagd , , , , , , , , , , , , , , , , , , . Bookmark de permalink.